As der in tsjoenster by jin is, mat men noait trije kearen achter elkoar 'ja' sizze. Oars hat se jin yn 'e macht. Dat woarde ús as bern al leard. De minsken hienen duveldrek ûnder 'e drompels om har foar tsjoensters to bifeiligjen.
nl.verhalenbank.21372
Doe't Imke de stêd forliet, ha se him op trije plakken tagelyk troch de poarten útgean sjoen.
nl.verhalenbank.24168
Ek us op in joun, doe kom Piter by 't tsjerkhôf lâns.
Doe kom dêr in geit wei. Dy hie in ketting achter him oan slepen. Dy geit die trije slaggen om 't hûs hinne, dat foar 't tsjerkhôf stie. Doe gong er wer nei 't tsjerkhôf ta. Piter sette achter dy geit oan om him to pakken. Hwant hy woe him wol ha. Mar doe't hy der oan ta wie, sprong de geit oerside. De...
nl.verhalenbank.19558
Yn Sumar wennen trije bruorren dy woarden de potskippers neamd. Dy wienen ek ôfgryslike sterk. It wienen Sjoerd, Melle en Folkert van der Meer.
It gebeurde ris yn 'e Pein dat der in kou foar de tram rekke en doe rekke de lokomotyf út 'e rails. Doe ha se dy trije bruorren ophelle. Dy ha mei bihelp fan in dommekracht de lokomotyf wer toplak set.
nl.verhalenbank.29471
In man fortelde my: Wy wienen fan dy greate jonges, wy leinen togearre yn in bêdsté op bêd. In oare broer moest ús de oare moarns wekker meitsje. Hy stapte nei ús bêd ta. Dêr moesten twa lizze. Mar dêr leinen trije. Doe doarst er ús net wekker to meitsjen. Omt der trije leinen, dat kloppe net.
Hy gong even yn 'e oare keamer, en in skoftsje letter kom er...
nl.verhalenbank.24023
As in houn spûkgûlt stjert der gau ien dy't tichteby wennet.
Gewoanlik duorret it in dei of trije.
nl.verhalenbank.27310
Op in tsjerkhôf wienen in soad kninen. Twa man wienen dêr us op in nacht om se to fangen. Doe kom der in trêdden oan. Dy twa woenen der leafst gjin konkurrinsje by ha, dat sy bisluten dy trêdde man bang to meitsjen.
Doe gong de iene boven op 'e oare stean tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Doe't dy trêdde man dat seach, sei er: "Ik ha wolris twa boppe op elkoar...
nl.verhalenbank.21416
Myn swager hat in jonge, dy is mei de helm geboaren. Hy sjocht de dingen dy't gebeure sille nou en dan fan tofoaren. Op in kear doe wienen myn swager en 'e frou fuort. Doe't se thús kommen, sei er: "Hjir hat hoed ek in frou by de doar west. Dy seach der sa en sa út. Trije kear hie se der west. Mar sy wie der yn werklikheit net west. De oare deis kom se.
nl.verhalenbank.28368
In Nuis woonden vier man, die waren altijd oan 't koartspelen. Ze woaren der oan fersloafd. En dan hadden se roar proat en floeken dat se deden. En se spotten met de dood. De ene sei tegen de ander: Doe bist older dan ik, dus ik sal der langer overblievn as doe.
En se floekten en swetsten moar.
Moar it is hun niet best ofgoan. Drie van hen vonden een...
nl.verhalenbank.28224
Der wienen ris trije man, dy soenen ien binaud meitsje. Sy wisten om hokker tiid yn 'e moarn dy man by de muorre fan 'e tsjerke lâns kom. Dêr wie it paed.
Sy gongen alle trije boven op elkoar stean tsjin 'e tsjerkemuorre oan en sa wachten se op 'e man. Doe't dy man der oan kom, bleau er stean en sei: "Nou is 't raer. Ik haw wolris trije op elkoar sjoen,...
nl.verhalenbank.33176
It is ris gebeurd dat der in keardel to jounpraten gong, hjir yn Mearum. Dy wie net bang.
Der wienen twa, dy tochten: Wy sille him wol bang krije. Sy gongen mei in wyt ding om har hinne midden op it tsjerkhôf stean. Dêr roan it paed lâns, dêr moest dy keardel del.
Doe't hy der oan ta wie bleau er stean. Hy sei: "Heden noch ta, twa ha 'k wolris boppe op...
nl.verhalenbank.27895
Dêr't nou it húske stiet fan greate Sije (= Sije Hoekstra) op 'e Skieding hjir, tichte by Paulusma, dêr brânde froeger in ljocht. As wy tichterby kommen gong it ljocht út. As wy dan wer fuort gongen, seagen wy it wer. Dat gong sa oan trije kear ta. Letter kom op dat plak it húske to stean, dat der nou nòch stiet.
nl.verhalenbank.29460
Skoanmem hat faek forteld, hja hie yn 't bigjin fan har trouwen droomd, dat sy soe trije bern krije en dy ek alle trije forlieze. Dan soe der letter noch in neikommerke geboaren wurde en dat soe libjen bliuwe. 't Is krektsa útkom. Dat neikommerke, dat is myn frou.
nl.verhalenbank.29306
Hy joech it tsjoenen oer, mar hy wist der tofolle fan.
Doe woenen se ek fan him ôf wêze. Syn suster wie ris bitsjoend. Hy gong dêr hinne. Earst gong er nei de duvelbander. Dy sei: "der is gjin baet mear foar dy."
"Dat leau ik net", sei er.
Jan Bouwes gong ek nei syn suster ta. De glêzen kamen ticht. Der forskynden fyftich tsjoensters, great en lyts. En...
nl.verhalenbank.33404
De tsjoensters tsjoenden de lju krânsen yn 'e kessens. Meastal by bern. Wienen der trije krânsen klear, dan gong 't bern dea.
nl.verhalenbank.33570
Alde Hindrik Mulder wie kloklieder yn 'e Rottefalle. Dy woenen se us in kear bangmeitsje. Twa gongen op in joun nei 't tsjerkhôf ta en dêr gong de iene op 'e oare syn skouder stean, tsjin 'e tsjerkemuorre oan.
Doe't Hindrik Mulder dat seach, sei er: "Sjonge, ik ha wol ris twa op elkoar sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boven op."
Doe wie de ûnderste sa...
nl.verhalenbank.23738
Us mem fortelde, dat har mem plichtte alle jounen yn 'e bibel to lêzen. Mar op in kear, doe't se der wèr yn lêsde, doe kom der in hiele greate swarte finger oan en dy sloech de blêdside tobek, dy't sy krekt lêzen hie. Dat gebeurde oan trije kear ta. Doe woarde ús beppe sa binaud, doe doarst se net fierder to lêzen. Sa bang wie se foar dy greate, swarte...
nl.verhalenbank.28336
Spoeken binne trije kear stoarn:
Hja binne fordroege; forferzen; forwettere.
nl.verhalenbank.20965
Yn Drachten op it tsjerkhôf woenen twa feinten us ien bang meitsje. Sy gongen boppe op elkoar stean en hienen elk in lang wyt himd oandien. Doe't deselde dy't se bang meitsje woenen oan har ta wie, sei er: "Hea, ik ha wol us twa op elkoar sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boppe op."
nl.verhalenbank.26087
Twee mannen wilden eens een bang moaken. De een ging boven op de ander stoan. Deselfde die se bang wilden moaken, sei: "Ik heb wel eens twee op elkoar gesien, moar noait drie."
Doe werden se bang en liepen fot.
nl.verhalenbank.28055