557 datasets found
Dutch Keywords: 3 Place of Narration: Burgum
To Hurdegaryp stiet by de wente fan dokter Bontekoe in hekke, dy't se net tichthâlde kinne.
nl.verhalenbank.31289
By de Lange Sleatten spûke it. Dêr hat in man tahâlden, dy wenne dêr mei syn dochter yn in aek. Op in kear wie dy man net thús. Syn dochter wie allinne yn 'e aek. Doe seach se dat der oan 'e oare kant fan 'e feart ien stie to winken. Dy woe oerset wurde. 't Wie skimerjoun. Hja roeide nei him ta, mar doe't se tichterby kaem seach se dat er gjin fuotten...
nl.verhalenbank.36733
De famylje van der Wal wenne op 'e Tike. Dy hienen de bynamme 'hountsje'. Dat kaem sa. In sekere Jelle van der Wal fan 'e Tike gong ris nei Bûtenposter merke om in kedde to keapjen. Hy hie in ponge mei jild by him, dêr't [er] de kedde mei bitelje soe. Underweis kaem him in houn op side en dy roan mei him op. Jelle hâldde fan hounen en joech it dier...
nl.verhalenbank.36727
Yn Noardermar wenne in bern, dat wie altyd siik. Doe kom der in âld minske by de doar, dy sei: "Ha jimme wolris yn 't kessen sjoen?" Né, dat hienen se net. Doe ha se it kessen iepen makke. Doe sieten dêr 2 greate krânsen yn fan fearren. Doe wie 't dan dúdlik dat it bern bitsjoend wie. Se ha de krânsen opbrând en doe wie 't bern wer better.
nl.verhalenbank.38130
It barnende lân is fan it Sumarre tramstasjon oant Sumarreheide. Jouns 10 ûre ried dêr in ding lâns mei twa gleone eagen. Dat wie de foarboade fan de lettere tram. In soad lju ha him fantofoaren sjoen. Hy ried by de beamwâl lâns.
nl.verhalenbank.31316
Doe't wy út Jistrum wei forhuzen, kommen wy oan 'e Burgumer Achterwei to wenjen. Jetse Leegsma wenne dêr ek, dêr moest ik de molke altyd weihelje. Ik moest dan in sânpaed del. "Tink der om," sei Jetse tsjin my, "ik haw in klap hawn fan 'e duvel mei de moalpûde. Tink dêr om," sei er, "noait yn 'e weinspoaren rinne, hwant der kin us in lykstaesje oankomme...
nl.verhalenbank.27560
In hoefizer ophingje bringt gelok oan.
nl.verhalenbank.31306
Yn Jistrum wenne Jan Binnes. Dy hie in frou dy sei, hja hie in glêzen skonk. Hja wie hypechonder. Hja koe net rinne, miende se, mar 't wie neat oars as ynbylding. Op in dei sette Jan Binnes har op 'e jitkarre. Hja rieden togearre 't lân yn, oer 't bûtlân en sa werom. Mar doe't se op 'e weromreis fjouwer kampen lân troch wienen, makke hy de jitkarre los,...
nl.verhalenbank.31312
Yn Jistrum stie in hûs, dêr't de doar altyd samar fansels iepen gong.
nl.verhalenbank.27558
Ek mat er ris mei ien hân in ploege optild ha, doe't ien him frege hwer't dy en dy wenne.
nl.verhalenbank.38134
Yn Noardermar wenne in frou, dy bisette it altyd yn 't boarst. Doe gongen se nei Piter Poes ta, de duvelbander fan Sumarreheide. Dy sei: "As jo nou fannacht op bêd geane, matte jo in kears meinimme. Dy matte jo yn in kop dwaen en foar 't boarst hâlde. As jo dan fornimme dat der ien troch 't kaeisgat komt, dan matte jo de kop hurd omdraeije en dan sjogge...
nl.verhalenbank.28469
Doe't ik yn 'e wurkforskaffing siet wie der ek ien, dy kom fan Burgumerheide. Dy sei, der wie by harren in tsjoenster, dy kom altyd by harren yn 'e gedaente fan in kat. Mar dan struiden se moal op 'e drompel, dan koe dy kat net by har yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.17128
Yn Ljouwert stie in galge. Dy galge waerd minder. Doe sei de boal op in kear: Der mat noadich in nije galge komme. Hwant hy kin wol stikken gean as der wer ien oan komt to hingjen. Mar dat kostte de rie tofolle jild. Der moesten mar hwat balken tsjinoan timmere wurde, ornearren se. De galge moest mar hwat oplape wurde. Sa ha de Ljouters de namme fan...
nl.verhalenbank.31299
Spoekjende dieren Ik wit noch, ús beppe en Tryntsjemuoi wienen by ús te jûnpraten, it is wol mear as sechstich jier Iyn. En doe fertelde ús Tryntsjemuoi: 'Wy gongen hjir lâns (it is by Eastermar of it Heechsân) en doe stie dêr in dikke hûn. Dy sprong jin by it boarst op en hy sei: 'Hoe kenstû my? Ik ha alhiel gjin kunde oan dy!' Dus dy hûn prate. En...
nl.verhalenbank.12455
Op 'e Burgumer Nijstêd wenne Albertsje Brjit. Dy koe kopkekike. Dêr gongen de fammen wolris hinne om de takomst útlizze to litten.
nl.verhalenbank.37164
Doe't ik yn 'e wurkforskaffing siet wie der ek ien, dy kom fan Burgumerheide. Dy sei, der wie by harren in tsjoenster, dy kom altyd by harren yn 'e gedaente fan in kat. Mar dan struiden se moal op 'e drompel, dan koe dy kat net by har yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.17129
Yn Noardermar wennet Goaitsen de Vries. Op dy syn buorkerij wie 't froeger net plús. Dêr ried nachts de wein samar út himsels troch de skuorre, sûnder hynder der foar. De minsken doarsten dêr nachts net troch de skuorre hinne.
nl.verhalenbank.38135
Traepje noait op in pod, hwant dan komt der swier waer, woarde ús froeger leard.
nl.verhalenbank.27559
Op Sumarreheide leauden se froeger fêst dat in tsjoenster krânsen yn 't kessen tsjoende. Wie sa'n krâns klear, dan wie deselde dy't op sa'n kessen mei de holle lei, dea.
nl.verhalenbank.31313
Op in kear moest der op it Bouwekleaster ûnder Droegeham in foer hea troch de skuorredoarren. De wein mei hea bleau dêr foar stykjen. It hynder koe 't der net troch krije. Doe naem Sterke Hearke it hynder foar de wein by, hy krige sels it tiksel beet en luts de wein allinne ta de skuorre yn.
nl.verhalenbank.31307