557 datasets found
Dutch Keywords: 3 Place of Narration: Burgum
Yn Eastemar, tusken Skûlenburch en de Sawn húskes dêr't nou sahwat de bensinetank stiet, roan froeger altyd in houn om mei in brijpot om 'e kop. 't Wie in houn mei hiel gleone egen, seinen se. Wy wienen der as bern stjerrend binaud foar.
nl.verhalenbank.21955
By de Skilige Piip spûke it ek. Dêr woarden guon ek sa mar yn 'e feart smiten. It is der ek gebeurd dat in wein dêr samar yn 'e feart set waerd.
nl.verhalenbank.23617
Binne-om roun ris op in joun achter op 'e Sumarreheide Romke de Vries syn reden del en kaem sa by pake Tamme. "Heit," sei er, "hwat hie 'k nou in nuver gefal. Niis is der my in lykkoets foarby riden. Dêr stie in kiste op; 'k soe sizze foar ien fan in jier 13, 14." It gebeurde de wyks dêrop dat de dochter fan Joeke Veenstra stoar. It bern wie 14 jier âld....
nl.verhalenbank.31575
As de tsjerne bitsjoend wie, woe 't net bûterje. Dan waerd de duvelbanner der by helle.
nl.verhalenbank.31207
Hjir en dêr binne plakken dêr kin men bislist net oanlizze. Op sa'n plak komt dan soms in paed út, dat fan 't tsjerkhôf komt. Dêr wurdt it lyk lâns brocht en in lyk mat altyd frij paed ha, dêr mat alles foar wike. As men dêr lizzen gong, dan gong it altyd raer en it skip rekke fêst los. Gong men in eintsje fierder lizzen, dan wie it goed.
nl.verhalenbank.29689
Dêr wie in fisker, in sekere Bylsma, dy moest mei de boat fan Warten nei Earnewâld. Doe wie dêr in reizger, dy moest ek nei Earnewâld ta, mar dy moest rinne. De fisker sei tsjin him: "Jo kinne wol mei farre, dan binne jo in hiel stik gauwer to plak." Dat gong oan, de reizger stapte yn 'e boat. De reizger naem ûnderweis in prûmke tabak út 'e doaze en doe't...
nl.verhalenbank.31978
Yn Feanwâldsterwâl hat in tsjoenster ien deatsjoend. Der wienen guon ûnder dy tsjoensters, dy koenen fleane op in biezemstok. De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel, dêr kaem in tsjoenster net oer. Om 'e sawn jier moest in tsjoenster op syn minst ien deameitsje, oars moest hja sels stjerre.
nl.verhalenbank.29662
As de tsjoensters har yn katten foroare hienen hâldden se soms in forgadering.
nl.verhalenbank.29676
Wibe v.d. Veen, de frachtrider wie ek tige sterk. Ik wit noch dat er twa sekken moal fan elk 100 poun samar op 'e rêch naem en ta de bakkerij yn sjoude. Doe wied er al in ein oer de 70. Ek Jehannes Cuperus fan Feanwâldsterwâl hie wol hwat yn 'e bouten. Der moest in bân ûnder 'e auto forwiksele wurde. Mar de kruk woe net. Dy koenen se der net ûnder krije....
nl.verhalenbank.31011
Heit wenne yn Feanwâldsterwâl. Hy wie sa'n 17 jier âld, doe hied er op in nacht in droom. Hy droomde dat yn it Bûtenfjild soe de buorkerij fan Kees Broersma ôfbrânne. Heit seach dúdlik in gleone bol op it ûleboerd. 't Wie in bol fan fjûr. En dy rolle oer de hiele naed fan 'e skuorre hinne nei de oare ein ta. Doe wie dy bol ynienen fuort. 14 dagen letter...
nl.verhalenbank.31005
Yn 'e Westerein wie in âld man, dy wie yn gesprek mei oaren. Hja koenen it net iens wurde. Doe sei dy âld man: "As it net wier is, hwat ik siz, dan mei ik op 'e moanne forskine." Doe is dy man foar straf, op 'e moanne rekke. Dêr sit er noch altyd, men kin it wol sjen.
nl.verhalenbank.38169
Rinse Tryn wie de mem fan Folkert Formsma. Hja wenne yn Sumar en wie ôfgryslike sterk. As it froeger Sumarre merke wie kamen dêr de minsken fan wit hoe fier wei. Dan siet de herberch (dy't doe tsjin 'e moune oer wie) altyd fol en dan gong it der somstiden bot oan wei. Dan hie de kastlein altyd Rinse Tryn by de hân. Tryn holp dan altyd. Wienen der guon...
nl.verhalenbank.31603
Der binne minsken dy ha in wikseldaelder. Sokken ha noait forlet fan jild, hwant in wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.38141
to Tsjom hienen se in hiele greate hege toer boud. De Boarnsters woenen ek in toer bouwe en omdat se net foar de Tsjommers ûnderdwaen woenen gongen der guon út Boarn nei Tsjom ta om de hichte fan 'e toer to mjitten. Hwant hja woenen in toer ha dy't op syn minst like heech wie. Doe't se de lingte fan 'e toer metten hienen, gongen se nei 't kafé ta en...
nl.verhalenbank.31617
Op 'e Boppewei spoeke in âlde mynhear om. Dy hie dêr in skat yn 'e groun. Mar hy kin der net oan ta komme. Der wurdt sein dat er elk jier in hoannestap tichterby komt.
nl.verhalenbank.38155
As der in katûl op 'e nael fan 't hûs sit, dan is dat in min teken. Dan gebeurt der hwat slims. As der in ekster by 't hûs komt, is dat ek in min teken. It is faek in boade fan 'e dea. Mar binne der twa eksters by hûs, dan wol dat sizze, dat der bisite komt.
nl.verhalenbank.31398
Guon kinne in flesse jenever komme litte mei bihelp fan in spylkaert. Dat is meastal skoppenboer.
nl.verhalenbank.31401
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy wie stille plysje, mar makke noait preses. By de Lange Wyk wie ien, dy sei, hy soe wol mei Sterke Hearke rêdde. Doe't Hearke der sûnder erch oankaem, krige [er] Hearke ûnforwachts beet en treau him op 'e groun. Hearke stie al gau wer en sei: "Nou noch ris!" Doe krige er dy oare beet en smiet him samar oer de Lange Wyk...
nl.verhalenbank.31328
Jelle Hountsje (van der Wal) op 'e Sumarreheide focht geregeld mei de duvel, waerd der sein. De lytse duvels koed er sa wol ha, mar focht er mei de âlde duvel, dan wie er yn 'e ûnderbroek.
nl.verhalenbank.31314
By de Skilige Piip siet ek in kiste yn 'e groun mei jild der yn. Dy sakke ek altyd djipper, as se dêr bigounen to graven.
nl.verhalenbank.38132