De trije tosken yn 't reid binne fan in ezelsbeet.
Doe't Noach de ezel út 'e arke weiliet wie 't earste dat er krije koe reid. 't Wie fierder allegear wetter. Sûnt kin men altyd noch de toskleasten yn 't reid sjen.
nl.verhalenbank.32944
Wy mochten froeger noait in eintsje tou opkrije, dêr't trije knopen yn sieten. Oars krigen wy de koarts, sei mem.
nl.verhalenbank.24058
To Feanwâlden stienen us twa by in herberch boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan. Sy wachten ien op, dy't se bangmeitsje soenen. Mar doe't dyselde oan har ta wie, sei er: "Heden, ik ha wol ris twa by elkoar op sjoen, mar noch noait trije."
Doe woarden dyselden sa bang, dat se naeiden hurd út.
nl.verhalenbank.19642
Yn 'e Houtigehage wenne in âld-minske: Akke Stoarm. Der wienen us in kear eksters by har achter hûs oan 't skatterjen. Doe sei se: "O heden, nou komt der gau in deaden yn 'e buert." Hja krige gelyk. Binnen trije dagen stoar der ien.
nl.verhalenbank.21097
Wie der froeger in bern bitsjoend dan gong men nei de duvelbanner fan Kûkherne. Dy joech in drankje. It kessen, dêr't it bern op lei, waerd iepensnien en de krânsen der úthelle. Dy woarden forbrând.
Wienen der al trije krânsen klear, dan koe 't bern net wer better.
nl.verhalenbank.24065
Bitsjoende bern ha faek krânsen yn 'e kessens. Dat is 't wurk fan 'e tsjoenster. As der trije krânsen folmakke binne hat sa'n tsjoenster it bern deatsjoend.
Dy krânsen matte út it kessen weinom en forbrând wurde.
nl.verhalenbank.33241
Hindrik Meijer fortelde: Ik kom by Meine At wei yn 'e Grinzerpein. 'k Wie rinnende. Underweis hearde 'k allegear stappen njonken my. As ik stean bleau, hearde ik noch ien, twa, trije stappen. Dan roan ik wer fierder. Wer hearde ik de stappen njonken my. Bleau ik stean, dan wer ien, twa, trije stappen. Mar ik seach neat.
Ik kom op 't lêst op 'e wei, dy't...
nl.verhalenbank.26062
Tsjoensters hienen de gewoante krânsen yn 'e holkessens to tsjoenen. Meastal fan bern. As der trije folle krânsen yn sieten dan wie 't bern dea.
De tsjoensters koenen op in biezemstôk troch de loft fleane.
nl.verhalenbank.34499
Der wie in man, dy siet yn it lân to melken. Doe kom der in frou oan. 't Wie waerm waer en dy frou hie och sa'n toarst. Hja tocht: "Hie 'k mar hwat to drinken."
Doe't se dy man dêr sitten seach to melken, frege se: "Ha jo ek hwat molke foar my?"
"Né," sei de man, "ik kin de molke oars wol brûke, dêr krije jo gjin fan."
Doe hearde dy man sizzen: "Geef die...
nl.verhalenbank.25556
Heit lei al trije dagen siik op bêd. Hy wie altyd mar oan 't noasblieden.
Doe kom der in man by ús, dy sei: "Jo matte in bloedstamper yn 'e hân ha."
Mar dy hie heit net. De man sei: "Ik wol", en doe kom er oansetten mei in mes mei in wyt heft.
Dat krige heit iepen yn 'e hân.
Doe't myn broer thúskom en dat seach, sei er tsjin my: "Bliksem Arjen, wy matte...
nl.verhalenbank.23443
Sytse Jager wie in kear oan 't kuijerjen. Hy roan tusken in stik of hwat oaren yn. Doe woarde hy dêr samar tusken wei nom en oer de dyk hinne smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, seinen se.
nl.verhalenbank.23912
Hy hat de duvel ek al ris sjoen, dat hat er faek forteld, ek wol oan oaren. Hy wie doe in jongfeint en hy wie der mei twa fan syn kammeraden op út. Hja hienen kattekwea úthelle; ûndogenske streken. Hwatte krekt, dat wyt ik net, mar 't wie net sa moai. Doe kommen se by de Swâdde. Dy wie dêr och sa smel. Dêr stienen trije húskes oan. Doe seagen se dêr in...
nl.verhalenbank.34548
Wolters Tryn wenne op 'e Houtigehage. Sy kom op in joun út 'e hûs wei, doe kom der in lyts wyfke njonken har.
"Goeije navend", sei Tryn.
Dat wyfke sei neat werom.
"Ik sei navend", sei Tryn.
Hja sei noch neat en bleau mar njonken Tryn.
Doe sei Tryn foar de trêdde kear 'navend'. Wer sei se neat en samar ynienen wie se fuort krekt as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.23785
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Sy wurde trije kear holpen. Woenen se foar de fjirde kear holpen wurde, dan woarden se stil wei. Alle frijmitselers ha in wikseldaelder. Sy binne kûgelfrij.
nl.verhalenbank.23815
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Japiks Kloosterman op it Bouwekleaster. (Doe't Bindert Japiks stoar, haw ik noch leedbôlle fan 'e bigraffenis hawn)
Se wienen by Bindert Japiks oan 't dongladen. De skerne woarde leechmakke. Twa hynders wienen foar de wein spand, mar doe't se de dong der op laden hienen, siet de wein fêst. De beide hynders koenen him...
nl.verhalenbank.19550
As eksters ticht by de achterdoar komme is der binnen trije dagen in lyk yn dat hûs.
nl.verhalenbank.33221
As in houn spûkgûlt komt der binnen trije dagen in deaden.
nl.verhalenbank.20671
Der wenne in feint by de Trije Roeden. Dat wie in soan fan Foppe Jits. Dy sûpte ôfgryslik. 't Wie lytse Albert Scholte. Op in joun kom er fan Surhústerfean. Doe gong er de Feanster lânnen del. Underweis woarde er opnom en oer de sleat goaid.
Hy kom oan 'e oare kant de sleat torjochte en dêr roan er in eintsje by de sleat lâns fierder. Mar hy tochte: "Ik...
nl.verhalenbank.23582
Op it Bûtenposter tsjerkhôf stienen us trije man boppe op elkoar tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Sy woenen ien kjelmeitsje dy't dêr lâns kom. Mar sy krigen har trekken thús, hwant doe't der ien oankom, bleau dyselde stean, om der nei to sjen. En doe sei er: "Hea, ik ha wol us trije op elkoarren stean sjoen, mar noch noait dêr in fjirden boven op."
Doe woarden...
nl.verhalenbank.19622
In wikseldaelder rekke noait op. Mar jy moesten him noait hielendal út jaen.
Dy't in wikseldaelder ha woe gong mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne. Dat died er trije kear. En dan rôp er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear wie der ien, dy nom de kat en hy krige der in wikseldaelder foar yn 't plak.
nl.verhalenbank.29333