In nachtmerje wie in frommeske. Hynders hienen foaral lêst fan in nachtmerje. As hja by sa'n hynder west hie wienen de moannen alhiel fortize. En 't hynder sloech dy nachts hiel bot.
nl.verhalenbank.27828
Froeger hienen se hjir in reddingsboat. Dy lei yn in boathûs. Sa nou en dan wie der in bouns yn dat boathûs. Guon hearden dat. Dan seinen se: "'t Spookt ek wer yn 'e reddingboat. De boat moat der yn 't koart wer op út." It woarde as foartsjirmerij biskôge.
nl.verhalenbank.27814
Hjir tichteby stie in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen in popke. Dat wie tige siik. Elkenien koe sjen dat it net goed kom. Dat popke rekke wei.
Al in pear jounen fan tofoaren gong dêr in âld houn nei dat hûs ta en dy siet dêr de hiele joun foar dat hûs to spookgûlen. Se jagen him fuort, mar even letter wie hy der wer en dan gong 't wer op in...
nl.verhalenbank.27815
In stik of hwat fammen fan Wierum hienen nei Moddergat op bisite west, nei kunde. Yn 'e bocht by de Blauwe Daem spoke it altyd. Doe't de froulju de jouns werom kamen seagen se dêr in lykstaesje. Doe setten se werom op Moddergat ta. Sy doarsten dêr net foarby.
nl.verhalenbank.27829
Yn Nes stie in herberch. Op in joun hâldde in ploechje manlju dêr it avondmael. Bolman, in boer, wie de oanfierder. Doe't er de jouns allinne nei hûs ta soe, siet de duvel him achternei. Hy is dwars troch de grêft hinneflein en sa is er yn 'e hûs kaem.
nl.verhalenbank.27961
Aeltsje wenne ek yn Moddergat. It wie in tsjoenster. Sy hie har eigen soan bitsjoend. It bern stoar. Hja hie hiele rare eagen yn 'e kop. Doe't it bern stoar sei se:
Eén uur van onbedachtzaamheid
kan maken dat men jaren schreit.
nl.verhalenbank.27949
Der binne sinnefisken, dêr sit de sinne op ôfbylde.
nl.verhalenbank.28105
Op 't Amelân wenne in keardel dy wie ôfgryslike sterk. Hy wie njoggen en tweintich jier en woech twahûndertfiifensechstich poun. Syn earmen wienen like grou as myn billen.
Der stienen tonnen fol hearrings ûnder yn 't skip. Elke tonne woech trijehûndert poun. Fiif man tilden dy altyd op. Hy tilde sa'n tonne allinne samar ûnder út it skip wei.
nl.verhalenbank.28111
As de bern by 't wetter kommen, seinen de greate minsken: "Pas op, de kikkerts pakke dy."
nl.verhalenbank.28107
Yn Moddergat wie in keardel dy wie tige earm. Dy foun in lyk, dat oanspield wie. Dat lyk hie in pear nije learzens oan. Dy luts er fan 'e skonken fan dat lyk en hy naem se mei nei hûs. Mar sûnt dy dei kloppe der jouns altyd ien by him op it rút, dy sei: "Ik moat myn learzens wer ha. Ik moat myn learzens wer ha."
Doe hat er dy learzens wer nei 't selde...
nl.verhalenbank.28113
Bûten Peasens wenne in fiskerman, dy neamden se Swarte Pyt. Op in kear siet de duvel him achter. Fan binaudens kroep er yn 'e droege sleat. Hy doarst dêr net wei.
nl.verhalenbank.27963
Hjir hat in frou wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes. Hja wist altyd as der ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.27817
Op in moarn bitiid soenen in stik of hwat fiskfroulju der meielkoar op út om fisk to forkeapjen. Doe kommen se by in frommes dat èk mei soe, mar dy wie der noch net ôf. Sy sei: "Ik liz noch op bêd, ik bin der noch net ôf. Mar ik kom jim wol achternei. Wachtsje mar op 'e hoeke op my."
Doe de fiskfroulju dêr kamen, doe wie se dêr al. Sy moat dêr hinne flein...
nl.verhalenbank.28098
Yn Moddergat wenne in man, dy koe him yn in wite kat foroarje.
nl.verhalenbank.28099
Hwannear't in pau skreau, kaem der rein.
nl.verhalenbank.27816
Der wenne yn Wierum in man, dat wie in greaten spotter. Hy woarde siik en lei op bêd. Op in nacht skreau/raesde er hiel bot. Der wie net ien dy't nei him ta doarst omt it sa raer klonk. Sa bot gong er to kear. Sy standen it net.
De oare moarns lei de man dea op bêd mei de holle achterstofoar op 'e romp. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.27962
Der kommen ris in pear poepen by Greate Pier.
"Kinne jo sizze hwer't greate Pier wennet," seinen se, "wy wolle him wolris sjen."
Pier wie oan 't ploeijen. Hy krige de ploege yn 'e hân, stiek him rjochtút en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28112
De skylfisk hat krekt achter de kop twa swarte plakken.
Dêr kin jy him by beet krije.
Op dy beide plakken hie Petrus yndertiid mei tûme en finger de skylfisk beet krigen. Sa binne dy swarte plakken dêr kaem en dy binne der altyd op bleaun. Petrus hie net fan dy skjinne hannen. En hy hie sein: "O schelm der vissen." Sa krige dy fisk de namme fan 'schelvis'.
nl.verhalenbank.28106
Sémearminnen koenen moai sjonge. As de skipper ien seach forgong 't skip. Sy lokken de manlju yn sé. Dan fordronken dy.
nl.verhalenbank.27859
As de bern net yn 'e hûs woenen jouns seinen de minsken: "Pas op, gau yn 'e hûs, oars pakke de tsjelwiven dy."
nl.verhalenbank.27858