Wy mochten froeger noait in eintsje tou opkrije, dêr't trije knopen yn sieten. Oars krigen wy de koarts, sei mem.
nl.verhalenbank.24058
Bitsjoende bern ha faek krânsen yn 'e kessens. Dat is 't wurk fan 'e tsjoenster. As der trije krânsen folmakke binne hat sa'n tsjoenster it bern deatsjoend.
Dy krânsen matte út it kessen weinom en forbrând wurde.
nl.verhalenbank.33241
Hindrik Meijer fortelde: Ik kom by Meine At wei yn 'e Grinzerpein. 'k Wie rinnende. Underweis hearde 'k allegear stappen njonken my. As ik stean bleau, hearde ik noch ien, twa, trije stappen. Dan roan ik wer fierder. Wer hearde ik de stappen njonken my. Bleau ik stean, dan wer ien, twa, trije stappen. Mar ik seach neat.
Ik kom op 't lêst op 'e wei, dy't...
nl.verhalenbank.26062
Tsjoensters hienen de gewoante krânsen yn 'e holkessens to tsjoenen. Meastal fan bern. As der trije folle krânsen yn sieten dan wie 't bern dea.
De tsjoensters koenen op in biezemstôk troch de loft fleane.
nl.verhalenbank.34499
Der wie in man, dy siet yn it lân to melken. Doe kom der in frou oan. 't Wie waerm waer en dy frou hie och sa'n toarst. Hja tocht: "Hie 'k mar hwat to drinken."
Doe't se dy man dêr sitten seach to melken, frege se: "Ha jo ek hwat molke foar my?"
"Né," sei de man, "ik kin de molke oars wol brûke, dêr krije jo gjin fan."
Doe hearde dy man sizzen: "Geef die...
nl.verhalenbank.25556
Heit lei al trije dagen siik op bêd. Hy wie altyd mar oan 't noasblieden.
Doe kom der in man by ús, dy sei: "Jo matte in bloedstamper yn 'e hân ha."
Mar dy hie heit net. De man sei: "Ik wol", en doe kom er oansetten mei in mes mei in wyt heft.
Dat krige heit iepen yn 'e hân.
Doe't myn broer thúskom en dat seach, sei er tsjin my: "Bliksem Arjen, wy matte...
nl.verhalenbank.23443
Wolters Tryn wenne op 'e Houtigehage. Sy kom op in joun út 'e hûs wei, doe kom der in lyts wyfke njonken har.
"Goeije navend", sei Tryn.
Dat wyfke sei neat werom.
"Ik sei navend", sei Tryn.
Hja sei noch neat en bleau mar njonken Tryn.
Doe sei Tryn foar de trêdde kear 'navend'. Wer sei se neat en samar ynienen wie se fuort krekt as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.23785
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Sy wurde trije kear holpen. Woenen se foar de fjirde kear holpen wurde, dan woarden se stil wei. Alle frijmitselers ha in wikseldaelder. Sy binne kûgelfrij.
nl.verhalenbank.23815
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Japiks Kloosterman op it Bouwekleaster. (Doe't Bindert Japiks stoar, haw ik noch leedbôlle fan 'e bigraffenis hawn)
Se wienen by Bindert Japiks oan 't dongladen. De skerne woarde leechmakke. Twa hynders wienen foar de wein spand, mar doe't se de dong der op laden hienen, siet de wein fêst. De beide hynders koenen him...
nl.verhalenbank.19550
As eksters ticht by de achterdoar komme is der binnen trije dagen in lyk yn dat hûs.
nl.verhalenbank.33221
As in houn spûkgûlt komt der binnen trije dagen in deaden.
nl.verhalenbank.20671
Der wenne in feint by de Trije Roeden. Dat wie in soan fan Foppe Jits. Dy sûpte ôfgryslik. 't Wie lytse Albert Scholte. Op in joun kom er fan Surhústerfean. Doe gong er de Feanster lânnen del. Underweis woarde er opnom en oer de sleat goaid.
Hy kom oan 'e oare kant de sleat torjochte en dêr roan er in eintsje by de sleat lâns fierder. Mar hy tochte: "Ik...
nl.verhalenbank.23582
Op it Bûtenposter tsjerkhôf stienen us trije man boppe op elkoar tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Sy woenen ien kjelmeitsje dy't dêr lâns kom. Mar sy krigen har trekken thús, hwant doe't der ien oankom, bleau dyselde stean, om der nei to sjen. En doe sei er: "Hea, ik ha wol us trije op elkoarren stean sjoen, mar noch noait dêr in fjirden boven op."
Doe woarden...
nl.verhalenbank.19622
As der in tsjoenster by jin is, mat men noait trije kearen achter elkoar 'ja' sizze. Oars hat se jin yn 'e macht. Dat woarde ús as bern al leard. De minsken hienen duveldrek ûnder 'e drompels om har foar tsjoensters to bifeiligjen.
nl.verhalenbank.21372
Doe't Imke de stêd forliet, ha se him op trije plakken tagelyk troch de poarten útgean sjoen.
nl.verhalenbank.24168
Ek us op in joun, doe kom Piter by 't tsjerkhôf lâns.
Doe kom dêr in geit wei. Dy hie in ketting achter him oan slepen. Dy geit die trije slaggen om 't hûs hinne, dat foar 't tsjerkhôf stie. Doe gong er wer nei 't tsjerkhôf ta. Piter sette achter dy geit oan om him to pakken. Hwant hy woe him wol ha. Mar doe't hy der oan ta wie, sprong de geit oerside. De...
nl.verhalenbank.19558
Yn Sumar wennen trije bruorren dy woarden de potskippers neamd. Dy wienen ek ôfgryslike sterk. It wienen Sjoerd, Melle en Folkert van der Meer.
It gebeurde ris yn 'e Pein dat der in kou foar de tram rekke en doe rekke de lokomotyf út 'e rails. Doe ha se dy trije bruorren ophelle. Dy ha mei bihelp fan in dommekracht de lokomotyf wer toplak set.
nl.verhalenbank.29471
In man fortelde my: Wy wienen fan dy greate jonges, wy leinen togearre yn in bêdsté op bêd. In oare broer moest ús de oare moarns wekker meitsje. Hy stapte nei ús bêd ta. Dêr moesten twa lizze. Mar dêr leinen trije. Doe doarst er ús net wekker to meitsjen. Omt der trije leinen, dat kloppe net.
Hy gong even yn 'e oare keamer, en in skoftsje letter kom er...
nl.verhalenbank.24023
Op in tsjerkhôf wienen in soad kninen. Twa man wienen dêr us op in nacht om se to fangen. Doe kom der in trêdden oan. Dy twa woenen der leafst gjin konkurrinsje by ha, dat sy bisluten dy trêdde man bang to meitsjen.
Doe gong de iene boven op 'e oare stean tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Doe't dy trêdde man dat seach, sei er: "Ik ha wolris twa boppe op elkoar...
nl.verhalenbank.21416
In Nuis woonden vier man, die waren altijd oan 't koartspelen. Ze woaren der oan fersloafd. En dan hadden se roar proat en floeken dat se deden. En se spotten met de dood. De ene sei tegen de ander: Doe bist older dan ik, dus ik sal der langer overblievn as doe.
En se floekten en swetsten moar.
Moar it is hun niet best ofgoan. Drie van hen vonden een...
nl.verhalenbank.28224