557 datasets found
Dutch Keywords: 3 Place of Narration: Burgum
Der binne plakken groun, dêr wol niks op groeije. Dan is dêr hwat yn 'e groun. Dat is fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.38142
Op Skûlenburch ha se ris in nije boerepleats boud. De hurddobbe wie al klear, mar se hienen forgetten dêr in lid op to lizzen. Doe kaem dêr in swarte kat oansetten - hwer't dy wei kaem wist net ien - en dy gong ta de hurddobbe yn en se ha him noait wer sjoen. Men biskôge dat as in kwea teken. Der rêstte gjin segen op dy pleats.
nl.verhalenbank.31402
Yn Gaesterlân op Kippenburg wenne in man dy koe minsken en dieren bisprekke. Se seinen dat er tsjoene koe. It gebeurde wol as ien mei hynder en wein dêr lâns ried, dan stie 't hynder ynienen stil en koe net fierder. Men kaem dyselde noait to sjen. 't Wie altyd in hiele toer om 't hynder wer oan 'e gong to krijen.
nl.verhalenbank.31400
Tamme Wobbes wenne to Eastemar, yn 'e buorren. Nachts gong er faek to pûren. Op in nacht wie dat wer it gefal. 't Wie oer tolven. Hy gong achter de feart nei de Lits ta. Doe bigoun dêr in houn to spûkgûlen. Der waerd er kjel fan. Hy stiet noch even to pûren en fangt noch in pear ielen. Dan heart er ynienen in fremd lûd. Ut 'e Mar wei sjocht er in soarte...
nl.verhalenbank.31399
By 't spoar yn 'e Westerein wie in greate bult. Ut dy bult kamen nachts in pear famkes mei reade doekjes om 'e hals, dy spoeken dêr om. Dy famkes wienen dêr formoarde woarn. Se hienen har de hals útsnien en nou koenen se net rêste. Hja sweven oer de spoarbrêge hinne en sa gongen se by 't spoar lâns en werom. Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.38154
Earne op in plak yn Fryslân waerd in toer mitsele. It nuvere wie dat dêr ek yn 'e nacht oan mitsele waerd. Alle nachten gebeurde dat. Dat siet sa: de timmerman hie in feint, dat wie in slaepwandeler; dy gong nachts fan bêd ôf en bigoun dan to mitseljen, al sliepende. De timmerman hat it him noait bigripe kind hoe't dat koe.
nl.verhalenbank.31616
Frijmetselers binne ek kûgelfrij. Op 'e Lykwei wenne sa'n man, dy wie frijmetseler. 't Wie âlde Aldert. Hy moest nou en dan nei Dútslân ta, dêr't it gebou stie, dêr't se yn byelkoar kamen. De earste kear dat hy der by kaem moest er dêr ek hinne. Doe moest er troch in tsjustere kelder yn 'e groun. Dêr moest er alles sjen. Hy moest ek oer in deakiste hinne...
nl.verhalenbank.38140
It gebeurde dat er oan it wurk wie by de Wjirrensterfeart ûnder Nyegea. Dêr wienen ek mannen út 'e Hamsterheide oan it wurk. Dy stienen net sa botte bêst bikend. Se stienen samar mei 't mês klear en as se hwat gappe koenen, lieten se 't net. It gebeurde gauris dat se it ark fan oaren by har stutsen. Mar dêr wie noait ien dy't dy Hamsterheidtsjers...
nl.verhalenbank.31602
Alde Klare wie wiersizter. Hja wenne by 't spoar yn 'e Westerein. Hja sei tsjin in kammeraetske fan my: "Dû krijst in keppel bern en dû krijst gjin leven." Dat is krektsa útkom.
nl.verhalenbank.38168
Om 1915 à 1920 hinne makken se yn Feanwâldsterwâl, as der ien siik wie, syn holkessen iepen en seagen dat nei. As dêr in krâns fan fearren út kaem wie it bern bitsjoend. Dan hellen se de duvelbanner der by en dy wiisde oan hwa't it bern ûnder har macht hie. 't Wie faek in âld minske, in buorfrou of sa. De krâns waerd forbrând en de tsjoenster mocht net...
nl.verhalenbank.31004
Us heit wie o sa sterk. De smid fan Feanwâlden soe forhúzje, dy krige in nije smidte. It ambyld moest dêr ek hinne. Mar dat wie sa swier, dat 4 man koenen it net optille. Doe ha se ús heit roppen, dy krige 't en forsjoude it pûr allinne. Hy brocht it nei 't oare hûs ta, dat dêr nou noch stiet.
nl.verhalenbank.31010
Der binne minsken, dy meitsje it fé siik. Sokken forniele it fé. Sokke minsken mat men noait by it fé litte. Hja strike it fé gewoan mei de hân oer 'e rêch, dan ha se 't dier yn 'e macht.
nl.verhalenbank.29677
Krekt oer de feart to Feanwâldsterwâl roun in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.29663
Der binne hjir en dêr plakken oan 'e kant fan 'e feart, as jo dêr oanlizzen geane mei it skip, dan smite se jo yn 'e nacht los. Sa is it ek by de Krúswetters. Dêr docht de Lange Sleatterman it. Dat is in spûk.
nl.verhalenbank.29688
It wie rounom wol bikend dat de potskippers van der Meer ôfgryslike sterk wienen. Mar ien kear ha se har master foun. Heit fortelde dat se har stamtafel hienen yn 't café, midden yn 'e buorren fan Sumar. Dêr mocht net ien oars oan dat taffeltsje sitte, dat wie harres. Op in sneintojoun kaem dêr in keardeltsje; 't wie mar in bihyndich mantsje. Dy gong dêr...
nl.verhalenbank.31979
Yn Twizelerheide rieden guon tsjoensters op 'e biezem troch de loft. Der waerd as bern tsjin ús sein: Traepje noait op in pod, hwant dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.31206
Oan 'e Achterwei by de Burgumer Nijstêd stie it spul mei de groubalke. Dêr koenen se net oer, hwant dan woarden se yn 'e feart smiten.
nl.verhalenbank.23616
Heit en pake Tamme meanden op in stik lân yn Wergea. Op in moarn waerd de âld man wekker. "Jelle," sei er, "ik hie fannacht in nuvere droom. Symens Bintsje (de frou fan Symen Bergsma) is fannacht overleden." Sa wie 't ek. Dyselde nachts is se forstoarn.
nl.verhalenbank.31574
Ik farde op in logger. Wy hienen al seis wiken fiske, mar noch noait hwat fangd. Net in fiskje hienen wy oan board. Wy woarden allegear hwat mismoedich, hwant it seit hwat as men seis wiken lang neat fangt. Doe helle ik in sulveren goune tofoarskyn. Dêr stie yn 'e rânne God zij met ons. Dy smiet ik yn 'e sé. De oare deis hienen wy sa'n kolossale fangst,...
nl.verhalenbank.26961
Yn Twizelerheide wenne in winkelmantsje oan 't Wyldpaed. Dat wie lytse Úlke. Dy wie duvelbander. Dêr kamen de minsken altyd, as der ien bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.21954