Yn Snits wie in frijmitselderij. Om dêr lid fan to wurden moesten se God en Kristus forwinskje. En sy moesten oer in gleonhite plaet hinne rinne. Koenen se dat net, dan mochten se gjin lid wurde.
As se lid woarden, dan wienen se oan 'e duvel forkocht. As se forlet hienen fan jild, hoefden se mar op it bêdsdoarke to klopjen en sy krigen it. Mar sy mochten...
nl.verhalenbank.21195
Trije bruorren: Bouwe, Gerke en Frederik stiften elk in kleaster: Bouwe-kleaster, Gerkeskleaster en Feankleaster.
nl.verhalenbank.23651
Een tsjoenster moet om 'e drie joar een kapot moakn.
nl.verhalenbank.27327
Doe't ús mem noch in fanke wie wennen se op 'e Singel yn 'e Harkema. Har beppe wenne yn 'e Klontsjebuorren, allinne yn in lyts húske. Jouns gong mem dêr hinne to sliepen, hwant it âld-minske koe net mear allinne wêze.
Op in nacht krige 't âld-minske 't binaud. Dan moest har omke altyd komme. Us mem gong der doe yn 'e nacht opút om dy omke op to heljen. As...
nl.verhalenbank.33175
Op 'e Roekekamp spoeken trije neakene lytse berntsjes.
nl.verhalenbank.23677
Trije âlde feinten út Berltsum seinen:
Ons Belkum is een zoeten dal
en die daar komt, die blijft er al.
nl.verhalenbank.20941
As trije katten by elkoar sitte to razen, dan binne dat tsjoensters, dy't in forgadering hâlde, sizze [se].
Hjir ha tsjoensters west, dy't op 'e biezem troch de loft fleagen woarde der sein.
nl.verhalenbank.34466
Je moet bij een tsjoenster nooit driemoal achter elkoar 'ja' zeggen. Dan het se je in de macht.
nl.verhalenbank.27320
Lammert van der Sluis en syn broer gongen us nei de Poelbuert ta to jounpraten nei in oare broer; dy wenne dêr mei in geskeiden frou. Sy wienen der omtrint oan ta, doe seagen se in ljocht yn 'e keamer. Der stie in frou yn 'e keamer. 't Wie de earste frou, dy't dea wie.
De beide bruorren seinen: "Der koe wol fisite wêze; wy gean werom."
De oare jouns...
nl.verhalenbank.25930
Ek in kear doe roannen der trije neakene berntsjes samar njonken him lâns. Dat duorre gâns in ein. Doe woarden se ek samar wer wei.
nl.verhalenbank.23664
Ruerd van der Tuin wie op 'e fyts. 't Wie yn 'e Harkema.
Ynienen woarde er fan 'e wei set sûnder dat er ien gewaer wurde koe. Hy gong wer midden nei de wei ta en soe 't wer bisykje. Mar doe woarde er wèr oan kant set. En hy seach net deselde dy't it die.
It gebeurde in tredde kear noch us. Doe seach er it.
It wie in bigangel.
Trije dagen letter seach er...
nl.verhalenbank.27407
Yn 'e Kompenije hat in hûs stien. Dêr ha achterelkoar trije man yn wenne, dy ha har alle trije ien foar ien opknope.
De earste âld man dy't der yn wenne wie syn libben sêd. Hy hong him op.
In jier of hwat letter hong him dêr wer ien op oan deselde ronge.
In jier of hwat letter wenne Harke Vegelin dêr. Dy die altyd jenever troch de tabak.
Hy gong geregeld...
nl.verhalenbank.23846
Heit syn broer Geartom soe by in boer yn Grinslân yn 't wurk. De nachts soed er yn 'e skuorre sliepe. Doe't it tiid wie om him del to jaen soed er de skuorredoarren ticht dwaen. Doe sei de boer tsjin him: "Né, dy doarren matte jo net ticht dwaen, dy binne moarn dòch iepen."
Geart-om sei: "Leauwe jo dêr dan oan?"
Doe't de boer fuort wie die Geart-om de...
nl.verhalenbank.33278
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten.
Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
Yn 'e Bilt wennen twa hiele bêste froulju. Dat wienen Anna en Jacoba. Dêrom ha se twa doarpen nei dy froulju neamd: Sint Anna Parochie en Sint Jacoba-Parochie. Se neamden dy froulju wol faek: onze lieve Vrouwen. En dêrom ha se it trêdde plak neamd Onze Lieve Vrouwenparochie.
nl.verhalenbank.20628
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge.
Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen.
Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Der stienen trije man by in bakker foar de etalage to sjen. Dêr lei in prachtige taert foar. Hja praetten ûnder elkoar ôf, hwa't de dikste rachel spuije soe, dy soe de taert ha. De beide oaren soenen him dan bitelje.
De earste spuide in dikke rachel.
De twadde spuide in rachel, dy wie nòch dikker.
Mar de trêdde gong hinne, dy slobbere dy beide rachels op...
nl.verhalenbank.33735
Heit hat sjoen dat Ymke de Jong mei boarden op 'e noas fuortroan. Hy droech ek twa, trije stuollen op 'e noas. Dan hied er mar ien stoelpoat op 'e noas.
Sa reizge er de merken ôf.
nl.verhalenbank.27754
Doe't myn wiif noch in bern wie gong Sweitse Kim mei krânsen bilans, dy't er út in fearren bêd helle hie. Dêr slepte syn bern op, dat hie bitsjoend west. It wienen twa krânsen. Hienen der trije west, dan hie it bern it net oerlibbe.
nl.verhalenbank.21133
Us mem wenne yn Twizelerheide. Op in middei hearde se in swier gebrom yn 'e loft. It minske woarde sa bang dat hja sprong op 'e kop yn 'e dobbe. 't Wie foartsjirmerije.
Trije dagen letter hienen jo itselde gebrom wèr yn 'e loft. Mar doe wie 't in luchtskip: de Zeppelin. It lûd wie doe noch dúdliker. It gong fan noardoast nei súdwest.
nl.verhalenbank.34460