26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: 3 Place of Narration: Eastermar
Der stienen trije man by in bakker foar de etalage to sjen. Dêr lei in prachtige taert foar. Hja praetten ûnder elkoar ôf, hwa't de dikste rachel spuije soe, dy soe de taert ha. De beide oaren soenen him dan bitelje. De earste spuide in dikke rachel. De twadde spuide in rachel, dy wie nòch dikker. Mar de trêdde gong hinne, dy slobbere dy beide rachels op...
nl.verhalenbank.33735
Myn swager hat in jonge, dy is mei de helm geboaren. Hy sjocht de dingen dy't gebeure sille nou en dan fan tofoaren. Op in kear doe wienen myn swager en 'e frou fuort. Doe't se thús kommen, sei er: "Hjir hat hoed ek in frou by de doar west. Dy seach der sa en sa út. Trije kear hie se der west. Mar sy wie der yn werklikheit net west. De oare deis kom se.
nl.verhalenbank.28368
Skoanmem hat faek forteld, hja hie yn 't bigjin fan har trouwen droomd, dat sy soe trije bern krije en dy ek alle trije forlieze. Dan soe der letter noch in neikommerke geboaren wurde en dat soe libjen bliuwe. 't Is krektsa útkom. Dat neikommerke, dat is myn frou.
nl.verhalenbank.29306
Der wie ris in boerke yn 'e stêd. Doe seach er dat se dêr mei in hiel great gebou oan 't bouwen wienen. It boerke wie nijsgjirrich en doe't der krekt in man oan kom, frege er: "Hwat foar in gebou wurdt dat?" Mar dy man sei neat werom en roan fierder. It wie de architekt. Even letter kom dyselde architekt werom. Doe frege it boerke nochris: "Hwat foar in...
nl.verhalenbank.33738
Trije jonkjes stienen by in brêge. De brêge wie ôfdraeid, der wie dus in hiel great gat yn 'e wei. It iene jonkje sei: "Us heit springt samar oer dat gat hinne." "Dat bistiet net", seinen de oaren. Mar it jonkje hâldde fol, dat op 't lêst moesten se it wol leauwe. Doe sei it twadde jonkje: "Jimme heit is in hiele baes, mar dan mast ús heit ha. Lêstendeis...
nl.verhalenbank.33828
Myn suster Roas fortelde ek. Ik moest ris in kear in bern ha. Wy wennen hwat ôfgelegen. As it ûnwaer woarde, soe myn man skoanmem helje (âlde frou Reitsma) en dêrnei nei dokter ta. De moarns kom er by syn mem. "Kom," sei se, "wiest dêr al. Ik tocht al, soed er hast ris komme, hwant ik hie dy fan 'e moarn al twa kear klopjen heard. Dit wie de trêdde kear."...
nl.verhalenbank.28389
Trije bruorren: Bouwe, Gerke en Frederik stiften elk in kleaster: Bouwe-kleaster, Gerkeskleaster en Feankleaster.
nl.verhalenbank.23651
Een tsjoenster moet om 'e drie joar een kapot moakn.
nl.verhalenbank.27327
Doe't ús mem noch in fanke wie wennen se op 'e Singel yn 'e Harkema. Har beppe wenne yn 'e Klontsjebuorren, allinne yn in lyts húske. Jouns gong mem dêr hinne to sliepen, hwant it âld-minske koe net mear allinne wêze. Op in nacht krige 't âld-minske 't binaud. Dan moest har omke altyd komme. Us mem gong der doe yn 'e nacht opút om dy omke op to heljen. As...
nl.verhalenbank.33175
Op 'e Roekekamp spoeken trije neakene lytse berntsjes.
nl.verhalenbank.23677
Trije âlde feinten út Berltsum seinen: Ons Belkum is een zoeten dal en die daar komt, die blijft er al.
nl.verhalenbank.20941
As trije katten by elkoar sitte to razen, dan binne dat tsjoensters, dy't in forgadering hâlde, sizze [se]. Hjir ha tsjoensters west, dy't op 'e biezem troch de loft fleagen woarde der sein.
nl.verhalenbank.34466
Je moet bij een tsjoenster nooit driemoal achter elkoar 'ja' zeggen. Dan het se je in de macht.
nl.verhalenbank.27320
Lammert van der Sluis en syn broer gongen us nei de Poelbuert ta to jounpraten nei in oare broer; dy wenne dêr mei in geskeiden frou. Sy wienen der omtrint oan ta, doe seagen se in ljocht yn 'e keamer. Der stie in frou yn 'e keamer. 't Wie de earste frou, dy't dea wie. De beide bruorren seinen: "Der koe wol fisite wêze; wy gean werom." De oare jouns...
nl.verhalenbank.25930
Ek in kear doe roannen der trije neakene berntsjes samar njonken him lâns. Dat duorre gâns in ein. Doe woarden se ek samar wer wei.
nl.verhalenbank.23664
Ruerd van der Tuin wie op 'e fyts. 't Wie yn 'e Harkema. Ynienen woarde er fan 'e wei set sûnder dat er ien gewaer wurde koe. Hy gong wer midden nei de wei ta en soe 't wer bisykje. Mar doe woarde er wèr oan kant set. En hy seach net deselde dy't it die. It gebeurde in tredde kear noch us. Doe seach er it. It wie in bigangel. Trije dagen letter seach er...
nl.verhalenbank.27407
Yn 'e Kompenije hat in hûs stien. Dêr ha achterelkoar trije man yn wenne, dy ha har alle trije ien foar ien opknope. De earste âld man dy't der yn wenne wie syn libben sêd. Hy hong him op. In jier of hwat letter hong him dêr wer ien op oan deselde ronge. In jier of hwat letter wenne Harke Vegelin dêr. Dy die altyd jenever troch de tabak. Hy gong geregeld...
nl.verhalenbank.23846
Heit syn broer Geartom soe by in boer yn Grinslân yn 't wurk. De nachts soed er yn 'e skuorre sliepe. Doe't it tiid wie om him del to jaen soed er de skuorredoarren ticht dwaen. Doe sei de boer tsjin him: "Né, dy doarren matte jo net ticht dwaen, dy binne moarn dòch iepen." Geart-om sei: "Leauwe jo dêr dan oan?" Doe't de boer fuort wie die Geart-om de...
nl.verhalenbank.33278
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
Yn 'e Bilt wennen twa hiele bêste froulju. Dat wienen Anna en Jacoba. Dêrom ha se twa doarpen nei dy froulju neamd: Sint Anna Parochie en Sint Jacoba-Parochie. Se neamden dy froulju wol faek: onze lieve Vrouwen. En dêrom ha se it trêdde plak neamd Onze Lieve Vrouwenparochie.
nl.verhalenbank.20628