Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Place of Narration: Zwagerbosch
Nachtmerjes krûpe troch 't kaeisgat. Sy krûpe op 'e minsken. It binne meastal froulju. Nachtmerjes meije neat meinimme. Alles hwat se oan har ha út in oar syn hûs, mat der earst sekuer wer ôf. Der wie in man, dy hie altyd hinder fan in nachtmerje. Doe hied er moal oer him hinne struid. De oare moarns stie de nachtmerje yn 't achterhûs. Sy wie mei de klean...
nl.verhalenbank.20507
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen leinen se froeger de klompen omkeard foar 't bêd. Sy setten ek wol de toffels achterstofoar foar 't bêd. Heit hat wol us forteld, dat se yn in tobbe oer 't wetter farden en tige moai sjonge koenen. Sy koenen ek hiel fluch ride op hynders troch 't lân. De moanjes en de sturt sieten fol flechtsjes, as der in nachtmerje...
nl.verhalenbank.20508
In nachtmerje wie in frommeske. Hja knypte de minsken dy't op bêd leinen, de hals ticht. Dan hienen se it binaud. Se kamen ek by de hynders op 'e stâl. As de hynders moarns flechten yn 'e moanjes hienen, seinen se dat der yn 'e nacht nachtmerjes op sitten hienen.
nl.verhalenbank.37715
Heit hat by de boer west. Dêr hied er altyd lêst fan in nachtmerje. Jouns gong er net lizzen of der kom wer in nachtmerje by him en dy krige him to pakken. Hy hat der noait hwat oan dien. It is fansels wer oer gien. De faem dy't se der foar op 'e rekken hienen kom to forstjerren. Doe wie 't mei de nachtmerje gebeurd. Heit hat noait wer lêst hawn. Hja wie...
nl.verhalenbank.17098
Nachtmerjes knypten jin de hals ticht. Ien fan sawn froulju wie in nachtmerje. De nachtmerje kom altyd troch it slotsgat. Der wienen twa middels om har to kearen: moal op it gesicht struije (hwant nachtmerjes mochten neat meinimme) en ien toffel goed en ien toffel oarsom foar it bêd sette.
nl.verhalenbank.16974
5