Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hynders hienen faek lêst fan nachtmerjes. Yn guon hynstestâllen hienen se in sabel boven it hynder hingjen, men miende dat dat holp tsjin 'e nachtmerje.
nl.verhalenbank.31489
Fan 'e 7 jonges is ien in wjerwolf.
Fan 'e 7 famkes is ien in nachtmerje.
In wjerwolf is ien dy't net sêd kin, dy mat altyd frette.
In nachtmerje komt faek by hynders. Dan flechtet hja mei de moanjes om, dy reitsje faek yn 'e tiis. Se ride op hynders en noch leaver op fôlen. Se kinne troch de lytste gatsjes komme en geane faek troch it kaeisgat.
Men mat...
nl.verhalenbank.32183
In nachtmerje wie in frommeske. Dat siet de minsken nachts op 't boarst. Hja kom troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en struiden moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.36262
Fan sawn famkes is de middelste in nachtmerje,
fan sawn jonges is de middelste in wjerwolf.
nl.verhalenbank.32919
Mem fortelde froeger: Der gongen twa froulju sjongendewei oer de Burgumermar yn in bûteraed. Sy kommen de Burgumer kant út wei en farden sa nei Skûlenburch ta. Dat hie mem as bern wol us heard.
nl.verhalenbank.20259
Nachtmerjes komme by de hynders. Dan ha dy dieren it krap. It swit stiet har op 'e rêch en sy hawwe moaije flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.31799
Om nachtmerjes to kearen moest men de iene klomp in hiel ein fan de oare ôf ha of de klompen efterstefoar foar de drompel sette.
nl.verhalenbank.12221
Nachtmerjes kinne moai sjonge, fral as se oer 't wetter farre. Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Binne der sawn opelkoarfolgjende jonges, dan is der in wjerwolf by.
nl.verhalenbank.20337
Op 'e Sumarreheide hienen se altyd duveldrek ûnder 'e drompels foar de nachtmerjes. Dy kommen by de hynders en makken de dieren flechtsjes yn 'e sturten.
nl.verhalenbank.20281
Heit hat wol us in nachtmerje op 'e bealch hawn. It frommes gong him op it boarst sitten sa dat de siken him bisetten. Sa'n frommes lit har pânse thús.
nl.verhalenbank.20225
Ik ha sels ek wolris lêst fan in nachtmerje hawn. Op in kear tramtearre se my sa, it wie krekt as woe se my smoare. Ik wie pûr, ik sprong fan bêd ôf en ik rôp: Dy't my ha wol, dy kin my krije.
Mar de nachtmerje paste wol op.
nl.verhalenbank.12258
In pear jongebazen kamen op in joune let in boerehûs foarby. Doe hearden se dêr gâns lawaei yn 'e hynstestâl. Se tochten: hwat mei dat wêze. Hja dêr hinne en doe seagen se in frommes op in hynder. It wie in nachtmerje. De iene jonge waerd binaud en gong fuort. Mar de oare bleau stean en woe sjen hwat dêr gebeurde. Doe't de nachtmerje him gewaer woarde,...
nl.verhalenbank.32184
In hynder is deabinaud foar nachtmerjes. As se ien fornimme geane se mei de kop nei de groun. Dan giet it der hiel bot oan wei. De boeren hingje wol in blanke sabel boven 't hynder op 'e stâl; dan doart de nachtmerje net op 't hynder sitten to gean.
nl.verhalenbank.32185
In pleachgeest is in soart fan nachtmerje. Heit wenne as boerefeint by Piter Algra. Hy slepte yn 't bûthús. Dêr stienen fjouwer hynders op 'e stâl. Ien fan dy hynders hie altyd lêst fan in nachtmerje. Op in nacht makke dat hynder sa'n leven dat heit woarde der wekker fan. Heit gong der ôf en stuts de lantearne oan. It hynder wie dweiltrochwiet fan swit....
nl.verhalenbank.12257