Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De nachtmerje komt by de fuotten op en rint sa oan 'e hals ta.
nl.verhalenbank.12310
Nachtmerjes farre yn in tobbe oer de mar. Twa skrinkelbonken binne har rimen.
nl.verhalenbank.23358
In nachtmerje kin ta 't kaeisgat fan 'e doar der yn komme. Men moat brea yn 't kaeisgat dwaen of duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr kin men de nachtmerje mei keare.
nl.verhalenbank.11511
In frou hie in nachtmerje by har. Hja koe der noch krekt nei gripe. It wie krekt in kat. Mar it wie sa glêd, dat it glied har as in iel troch de hannen hinne en wie fuort.
nl.verhalenbank.11510
Tsjoensters en nachtmerjes komme troch 't kaeisgat of troch it goatsgat. Dat moat wol, oars kin dat folkje ommers nergens troch yn 'e hûs komme. De minsken dienen froeger wol roggebrea yn 't kaeisgat om se to kearen. Omdat rogge heilich is.
nl.verhalenbank.11572
Oan 'e Dwarsfeart by Drachten wenne âlde Okke. Hy foer mei de môlkpream de Marrewyk lâns nei 't molkfabryk ta. Dêr wie in nachtmerje, dy't wenne yn in holle wylgenbeam, midden oan 'e Marrewyk. It wie in lang frouminsk yn lange klean. Hja sprong soms samar oer syn skouders hinne. Hja moasten altyd tige hoeden en stil wêze, om dy nachtmerje net to steuren.
nl.verhalenbank.11533
Yn 't jildkistje hienen se froeger wol roggebrea yn 't kaeisgat. Ek yn 't kaeisgat fan 'e doar dienen se wol roggebrea om de kweade machten lyk as nachtmerjes en sok folk to kearen. Dat dienen se foaral winterdeis as it op in jounpraten gong.
nl.verhalenbank.12213
Der wenne yn Grou in feint, dy liet syn faem yn 'e steek en hy gong nei in oare faem ta. Doe kom dy earste faem nachts by him as nachtmerje. Sy pleage him alle nachten sa bot, dat hy woarde der ûnsjoch en meger fan. Mar doe fortelden se him, dat in nachtmerje moest yn deselde fuotleasten stappe as deselde dy't se pleage. Doe sette er de toffels...
nl.verhalenbank.12309
Us heit wie yn 'e ûngetiid by in boer yn Goaijingeahuzen. Dêr wie ek in feint, dy hiet fan Jetse. 't Wie sahwat yn 1905.
Jetse hie altyd in soad lêst fan 'e nachtmerjes.
"By de jounsbrogge," sei heit, "as wy mei de hannen gear sieten en efkes troch de fingers hinne seagen, dan seagen wy de nachtmerje der wol ynkommen.
De feint waerd bleek en mitrich en...
nl.verhalenbank.11485
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars.
It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509