Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Place of Narration: Harkema
In wearwolf kin 't waer foarspelle. Dy hat de natuer yn syn macht. Hy kin frette as in wearwolf, sizze se wol.
nl.verhalenbank.28860
In wearwolf, dat wie ien, dy koe noait sêd. Greate Mindert fan 'e Rottefalle wie in wjerwolf. Alde Hindrik Wylp wie ek in wjerwolf. Om him sêd to krijen seaden se in poun groat yn bargesmoar.
nl.verhalenbank.29369
Op Driemunt hâldde froeger in wearwolf ta. It wie in soart duvel. Hy is ûnderskate kearen sjoen woarn. Us mem sei: "Pas op, jonges, as de wearwolf jimme net to pakken krijt."
nl.verhalenbank.17526
In wearwolf is ien dy't alles fornielt. As der by ien alles stikken en forrinnewearre is, wurdt der sein: de wearwolf hat hjir húsmanne. In wearwolf is in hantlanger fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.28810
Ien fan sawn soannen dy't op elkoar folgje is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23535
As de bern jouns net op bêd woenen, sei heit: "Pas op, hear, de wjerwolf stiet om 'e hoeke, dy pakt jim aenst."
nl.verhalenbank.32756
Der wienen in feint en in faem, dy wienen togearre út to riden. Underweis lei de feint de swipe del en hy liet it hynder stilstean. De faem sei tsjin 'e feint: "Hwat silstû?" "Jow my de bûsdoek", sei er. Doe joech se him in reade bûsdoek. Dêr gong er mei fuort. Doe't er in skoftsje fuort west hie, kom er werom. Doe hied er de reade triedden fan 'e bûsdoek...
nl.verhalenbank.23534
As jo in wjerwolf tomjitte komme, dan matte jo se in bûsdoek tasmite. Der wie in wjerwolf, dy kom by in faem. Hy siet by har to frijen. Doe gong hy der ynienen út. "'k Mat dyn skelk even mei ha", sei er. Doe't hy der wer ynkom hongen him de triedden fan 'e skelk ta de mûle út. Dy hied er forskuord.
nl.verhalenbank.25806
8