Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Twa reuzen groeven in kanael. De skeppen wienen heale preammen. Doe't se omseagen, fornommen se dat de feart net rjocht wie. It wienen Hollanders en de iene reus sei tsjin 'e oare: Ah - krom!
It doarp dat der kom, hiet doe letter Akkrom.
nl.verhalenbank.16860
Yn Wargea dêr hat in reus mei de earmtakken tsjin 'e toer oan line. Hy wie warch, sei er. Dêr hat it doarp de namme Wargea fan krige.
nl.verhalenbank.20662
Reuzen groeven froeger de kanalen. Se dienen dat mei hiel greate skeppen.
nl.verhalenbank.19552
Ik ha skippersfeint west. Op in nacht leinen wy mei in fracht biten op Dokkumer Nijesilen. Ik lei foar yn 'e durk to sliepen. It lûkje wie ticht.
Ik woarde yn 'e nacht wekker, doe stie 't lûkje iepen.
Doe kom der in hiele greate, fleizige hân, dy pakte myn beide polsen byelkoar beet. It fielde net hurd, it wie in sachte hân. Dy hân tilt my der út. Ik...
nl.verhalenbank.28607
Twa reuzen wienen oan 't slatten mei in feart ergens yn Fryslân. Op in stuit seagen se om. "A - krom", sei de iene tsjin 'e oare. (De feart wie hwat bochtich) Doe ha se it plak, dat dear lei de namme Akkrom joun.
nl.verhalenbank.15613
Der wienen in pear reuzen, dy hienen yn Droegeham in protte sân ta de learzens yn krige. Doe't se yn 'e Harkema kommen, legen se de learzens dear. Op dat plak binne doe de Bulten ûntstien. (ek wol de Alpen neamd)
nl.verhalenbank.15614