Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Place of Narration: Drachten
Fan in wjerwolf sizze se: Dy fret as in wjerwolf.
nl.verhalenbank.38666
In wjerwolf, dat wie by ús ien dy't net sêd koe. "Dû smoarge wjerwolf," seinen se, "dû hoechst alles net."
nl.verhalenbank.37128
Op 'e Dwarsfeart wie in wjerwolf. Dat wie ien fan Wiger Ale. Dy biet.
nl.verhalenbank.32687
Fan 'e sawn dochters wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn soannen wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.19322
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf. In wjerwolf hat in spits gesicht, krekt as in wolf. En hy hat ek hwat dierliks oer him.
nl.verhalenbank.19736
Ien fan sawn opienfolgjende dochters is in nachtmerje. Ien fan sawn opienfolgjende soannen is in wearwolf.
nl.verhalenbank.19694
In wjerwolf is in minske dy't altyd byt. Oan 'e lytse bern kin men al sjen as it in wjerwolf is. Sokke bern bite op alles.
nl.verhalenbank.24554
Ik ha wol us fan ien heard, dêr seinen se fan dat it in wjerwolf wie. In wjerwolf is in forskuorrend beest, dêr't in man him yn foroarje kin. Hy kin der sels neat oan dwaen, hy mat it dwaen, of er wol of net. 't Is syn twadde natuer. It gebeurd inkel by nacht. Dan mat hy der út en dan mat er hwat forskuorre. As er op in bipaeld ding trapet - hwatte, dat...
nl.verhalenbank.23486
Ik wie boerefaem. Op in kear lei 'k yn 'e nacht op bêd. Doe hearde ik dat der in hynder oansetten kaem. It kom al tichter by myn bêd. Doe klaude 't my mei de poat. Dat die hiel sear. Dat hat in nachtmerje west. Hja seinen wol, fan 'e sawn famkes fan ien húshâlding wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges fan ien húshâlding wie ien in wjerwolf. Die men de...
nl.verhalenbank.36926
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in tsjoenster. Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf. In wjerwolf is in soart pleachbeest yn minske-gedaente. 't Is in hantlanger fan 'e duvel. Hy forskuort alles.
nl.verhalenbank.25570
Doe't ik ûnder tsjinst wie hienen wy in korporael, dy kaem út 'e Achterhoek. Dy fortelde, der wienen by har wjerwolven. Dy krigen elkoar yn 'e nacht by de hân beet en roannen sa meielkoarren troch de roggefjilden. Dan lei de oare moarns alles plat. In wjerwolf is in kweaden, dy't de boel fornielt. 't Is in trawant fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.36708
Alde Kei Anne hie sawn jonges. Ien fan dy jonges wie in wjerwolf. Dy koe net sêd. Dêr koenen se ek net mei opsjitte. As se meielkoar iten krigen, wie hy altyd de earste dy't it op hie en hy woe 't iten fan 'e oaren èk noch ha. De bern koenen o sa min mei elkoar. Dat kom fan dy iene. Op in kear wie Anne fuort. 't Ald-minske siet yn 'e hoeke. Sy wie sa...
nl.verhalenbank.22886
12