Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Place of Narration: Drachten
De kanalen binne troch reuzen groeven, seinen se. En ek de dwergen ha der oan groeven. Binoarden Akkrum wienen twa reuzen mei de feart oan 't graven. Akkrum hie doe noch gjin namme. Ien fan 'e reuzen seach om. It wie hwat bryk gong mei 't graven fan 'e feart. "A - krom!" sei er. Guon hearden dat. Doe krige dat doarp de namme fan Akkrom.
nl.verhalenbank.24939
Hearke wie in hiele greate lange keardel. Fuotten as fan in reus. Alles wie dûbel oan him (allemaal onjuist A.A.J.) Syn frou wie ek sa great (allemaal onjuist A.A.J.)
nl.verhalenbank.22884
Yn Akkrum, dat doe noch gjin namme hie, wie in reus oan 't slatten. Dêr krige er 't bot fan yn 'e rêch. Dat kom om't er hyltyd krûm stien hie ûnder 't slatten mei in bollepream. Doe sei er: "Ah... krom!" It plak krige doe de namme Akkrom. (Der wurdt ek forteld, dat twa reuzen dêr ris mei in kanael oan 't graven wienen. De iene seach achterom. 't Kanael...
nl.verhalenbank.33046
Der binne kanalen yn Fryslân, dy binne troch reuzen groeven.
nl.verhalenbank.24855
Der wienen twa reuzen, dy hienen 't o sa drok hawn togearre. Doe leunden se ergens yn in doarp tsjin 'e tsjerketoer oan. Mar dy toer bijoech him ûnder it swiere gewicht. De toer bruts. Doe krige dat doarp de namme Britsum. In skoft letter wienen dy reuzen wer warch. Dêr wie èk wer in toer, in mânsken-ien. Dêr gongen se tsjin oan stean. Dy toer bleau...
nl.verhalenbank.33045
Jan de Ruis wie allemachtige sterk. 't Wie in reus fan gestalte. Hy krige yn Haren samar in spoarrail fan seishûndert poun yn 'e earm.
nl.verhalenbank.25154
Sa hat Wargea syn namme ek oan in pear reuzen to tankjen. Dy hienen it drok hawn en rêstten even út tsjin 'e toer. "Ik ha in warge lea", sei ien. Doe't de minsken dat hearden neamden se dat doarp Wargea.
nl.verhalenbank.24940
Der wienen twa sterke keardels - reuzen - oan 't graven mei in farwetter. Sy lieten de lodde even rêste en seagen achterom. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "A - krom." Dat hearden guon en doe krige it plak, dat dêr lei de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.23629
Plysje Berga kom fan Haulerwyk. 't Wie in keardel as in reus. Hy woech 280 poun. Yn Grinzer Pein wied er plysje. Op in kear hienen twa jonge bazen rúzje. Se wienen sa bot oan 't fechtsjen dat it gong hast op leven en dea. Doe kaem plysje Berga, dy tilde de beide hearen tagelyk fan 'e groun, yn elke hân ien en sa treau er se in pear kearen tsjin elkoar...
nl.verhalenbank.36958
Ik wie fjirtsjin jier. Us heit lei yn 't sikenhûs yn Grins. Dêr is er doe letter stoarn. Wy hienen dy deis praters hawn: in âldere suster fan myn lettere frou mei de man. Sy moesten gâns in ein rinne en woenen graech dat wy har in eintsje fuortbrochten oan Blauhûs ta. 't Wie min waer, 't waeide en reinde. Dat lêste eintsje fan 'e Boelensloane oan 't...
nl.verhalenbank.29389
10