Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Nachtmerjes flechtsje nachts de moanjes fan 'e hynders. Dan raze de dieren it út.
nl.verhalenbank.20438
In nachtmerje wie in frommeske.
nl.verhalenbank.38450
Hie men lêst fan nachtmerjes, dan moest men in ûneven tal roggekerrels op 't boarst dwaen. Of men moest de hoazzen krúslings foar it bêd lizze. Of men moest duveldrek op it boarst dwaen.
nl.verhalenbank.19994
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Ien fan 'e sawn soannen is in wjerwolf.
De nachtmerje komt troch 't slotsgat by de minsken.
Sy knypt de minsken de hals ticht, dat se omtrint smoare. Sy komme ek wol by de hynders. Dy flechtsje se flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.22966
Froeger seinen se altyd, in nachtmerje wie in frommeske. Hja kaem troch 't slotsgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.30961
Der kommen us twa froulju oanfarren yn in greate bijekoer. It wienen nachtmerjes. Sy farden oer de Burgumermar. Sy songen har heechste liet op it wetter.
Doe't se oan 'e oare kant fan 'e mar kom wienen, leinen se de bijekoer oan 'e kant. Mar dêr wie in man, dy hienen se net sjoen. Dy krûpte fansiden, doe't se der oankommen. Hy harke wyls nei it sjongen....
nl.verhalenbank.20437
Fan sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje, sizze se. Fan sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf.
Tsjin nachtmerjes die men duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.36313
In nachtmerje is in frommeske, dat komt troch 't kaeisgat.
Sy komt ek by de hynders. Nachts komt se. Dan docht se knopen yn 'e moanjes en dan binne de hynders alhiel oerstjûr. Dan sitte se der op.
nl.verhalenbank.28650
Ien fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. Troch 't kaeisgat kamen se yn 'e hûs. Jy koenen in krús op 'e drompel dwaen, dan koe se der net yn komme, likemin as in tsjoenster.
Bontsje Dalman fortelde, hja wenne yn Twizelerheide en doe woe der ris in frou nei har ta. Mar dat minske wie in tsjoenster. Bontsje die gau in krús oer 'e drompel,...
nl.verhalenbank.36153
Nachtmerjes, dêr dienen se fan alles tsjin yn 'e Harkema.
Se dienen duveldrek ûnder 'e drompel. Foar de stoel dy't foar 't bêd stie, struiden se moal oer de flier. (nachtmerjes meije neat meinimme). Sy struiden ek moal op it gesicht en op 'e tekkens.
Sy leinen in wiete dweil foar 't bêd. Sy leinen in krús ûnder in dweil. De toffels of de klompen setten...
nl.verhalenbank.19467
De dochter fan Sikke Boukes yn 'e Westerein wie in nachtmerje. Hja wie troud mei in skoalmaster.
Yn 'e nacht gong se altyd nei hynders en minsken ta om dy to pleagjen.
Achter yn 'e Westerein hat in boer har fangd, doe't er moal op 'e rêch fan 't hynder struid hie. Doe koe se net wer fuortkomme, hwant sy krige moal oan har. De oare moarns foun de boer har....
nl.verhalenbank.20163