Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.21218
Minse Griper, myn âldomke, koe de minsken stean litte.
Ik ha wolris sizzen heard dat der minsken binne, dy't har yn in houn foroarje kinne.
nl.verhalenbank.25270
Piter Scheper koe samar troch in sluten doar hinnekomme. Gjin slot wie tsjin syn tovermacht birekkene.
Imke de Jong woarde yn Ljouwert nei de gefangenis ta brocht.
Sy treauwen him yn 'e sel. Mar wylst it gefangenispersoneel stie to sjen, roan Imke moai ta de poarte út. Der wie net in slot tsjin him bistand.
Imke koe op twa plakken tagelyk wêze. Hy wie soms op itselde momint by de foardoar en by de achterdoar.
Op in kear, doe't er de kaserne yn Ljouwert forlitten hie, waerd er op itselde tiidstip yn 4 poarten fan 'e stêd sjoen.
Imke de Jong koe in frommes, dat de wei lâns gong, sa mar neaken útklaeije litte. Hy koe de minsken ek stean litte.
De tsjoensters ha allerhande popkes. Dy stelle minsken foar, dy't se bitsjoene. Sy stekke mei spjelden yn dy popkes. Dan krijt de persoan, dy't it foarstelle moest, pine.
De minsken wienen froeger bang foar in pod. Hwant dat wie in tsjoenster, mienden se. Dy koe har yn in pod foroarje.
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat hinne komme.
Dêrom hienen in protte minsken yn 'e Harkema oan 'e binnenkant in lipke foar 't kaeisgat. Dan koenen se der net troch.
nl.verhalenbank.21546
Anne Herder hie in kroechje op it Wytfean. Dêr wie altyd in soad jongfolk út 'e Harkema. Anne Herder koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Ymke de Jong koe minsken stil stean litte. Ik ha wol us heard dat er de plysje fan de Ham (Ts. v. Dekken) op Hamster merke stil stean litten hat.
Alde Janke Mozes fan 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Hja hie in blau doekje om 'e nekke hinne en hie de hannen yn 'e ploaijen fan 'e rok. As wy kofje fan har krigen op it lân, smieten wy it stikum fuort.
Minse Griper fan 'e Boelensloane koe in regimint soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Ek âlde roeken, ek wol oare dieren.
Minse Griper uit Boelenslaan kan een regiment soldaatjes, roeken of andere dieren uit de haardkuil laten komen.
tovenaar, soldaat (maken), roek (maken), regiment, verschijnen, toveren
Minse Griper, Boelenslaan, Boelensloane
Guon ha in toverboek. Alde Ritske Aeltsje hie ek ien, seinen se. Dy koe tsjoene. As se oan 'e iene kant fan 'e wyk stie to praten, wie se in sekonde letter oan 'e oare kant, sûnder dat der in brêge wie.
Gjerte Iebel koe ek tsjoene.
Reid Keuning fan Koatstertille liet de soldaetsjes oer de flier rinne. Dy kommen út 'e hurddobbe wei.
By Thomas Clare leinen de kaerten altyd op 'e tafel. Sy dienen der fan alles mei. Sy lieten der ek drank mei komme. Dan stjûrden se sa'n kaert nei bûten ta. Dan kom der in flesse mei drank oan en dy gong om 'e lampe hinne.
Hinse syn broer Habele lei op 'e Gerdyk bigroeven. Doe't Habele al in jier wei wie, gong Hinse nei syn graef ta. Dêr stie er to dânsjen as in wylden en rôp:
Habele, kom der út! Kom der út, Habele!
Hinse hat syn kunsten leard út it boek 'Het zwarte paard'.
Tseard van Dekken wie stille plysje yn Droegeham. Dy stuts Imke de gek oan. Doe hat Imke him dânsje litten.