Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
33 datasets found
Dutch Keywords: meisje Place of Narration: Boelenslaan
Yn 'e Boelensloane oan 'e hoofdwei, dêr't nou R. Veenstra wennet is in poel, dy wie froeger wol fjouwer kearen sa great. Ien hat sjoen dat dêr in famke yn forsûpe soe mei in reade trui oan en in blau rokje. Dyselde hat it bern 'help!' roppen heard. Mar der is noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.28314
Der wie in faem, dy wie o sa moedich. Hja tsjinne by in boer en boerinne. Dy wienen us fuort togearre. Doe bleau dy faem allinne thús. Dy moest op it hûs passe. Doe kommen dêr dy nachts rovers. Der siet in gleske yn 'e doar. Ien fan 'e rovers die dat iepen en stuts syn holle der troch. De faem houde mei in swurd de kop der ôf en sette dy kop op 'e tafel....
nl.verhalenbank.19309
Op 'e Grinzer klaei wie in jonge, dy hie sin oan molke. Imke de Jong wie by him. Sy kamen by in jister, dêr siet in faem to melken. "Mei dizze jonge hwat molke ha?" frege Imke. "Hy hat toarst." Mar de faem doarst it net to dwaen bûten witen fan 'e boer. Doe sei de koe ynienen: "Jow dy jonge hwat molke, hy hat toarst en de boer sjocht it net." De faem...
nl.verhalenbank.17684
In wikseldaelder kin men altyd mar útjaen, hy komt grif werom. By de frijmetselarij ha se wikseldaelders. Kobus Dalstra wie sa'n frijmetselaer. Ek in neef fan my, Wessel Gal hie him oan 'e frijmetselerij forkocht. Frijmitselers, dy't jild brûke matte, wurde trije kear holpen. As de frijmitselers by elkoar komme, ken de iene de oare net. Sy komme der...
nl.verhalenbank.24879
Fan sawn famkes is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges is ien in wjerwolf. Us mem plichte to sizzen: Dû mast net sa gulzich ite, dû koest wol in wjerwolf wêze. Men seit ek: frette as in wjerwolf.
nl.verhalenbank.37838
Oan 'e kant fan 'e Blaudobbe yn 'e Houtigehage binne troch minsken twa famkes sjoen mei reade skelkjes foar. Dy minsken wienen bang, dat dat op foartjirmerij tsjutte, hwant yn werklikheit wienen dy famkes der net. De lju pasten op, dat har bern net to ticht by de Blaudobbe kamen.
nl.verhalenbank.17636
In muoike fan my, dat wie in healsuster fan Hindrik-om. (Hindrik Ophuis). Sy lei in kear op bêd, doe siet de duvel by har op it bêdsbuordtsje. "Né, Satan," sei se, "dû kinst my net krije, hwant ik wurd net loslitten fan de Heare."
nl.verhalenbank.17597
Hjir sa'n 300 meter ôf wenne Jehannes Durkje. Dy hie in dochter, dy woarde o sa min bihandele. It bern woarde hiel faek slein. Dan bounen se har oan in stile fêst. Mar op in kear, doe't se it bern wer sa sloegen, gong der in lyts mantsje by de leider op mei in slipjas oan en in huodtsje op en in stokje ûnder 'e earm. Dy gong by de souder op. En doe gong...
nl.verhalenbank.17582
Foppe Sint (=Foppe Ophuis; ien út in tsjoensterlaech) wenne yn 'e Harkema. It wie myn pake. Hy hie in wikseldaelder en se seinen ek dat er him oan 'e duvel forkocht hie. Hy praette net fris. Op in kear wied er by ús, doe wie ik noch in famke. Hy woe sitten gean en doe luts ik gau de stoel achter him wei, doe foel er achteroer oer de flier. "O heden...
nl.verhalenbank.17594
Myn wiif har pake, âlde Foppe Nieuwenhuis fortelde: Der wie us in faem, dy tsjinne by de boer. Dat fanke hie noait forkearing. Op in kear sei se: "Nou wol 'k joun in feint ha, as wie 't de duvel ek." Dy jouns kom der in feint om har. Sy lieten him der yn. 't Wie in hiele raren ien om to sjen en hy hie in pear fremde fuotten. De boerinne hie fuort troch,...
nl.verhalenbank.21557
Der wienen in feint en in faem, dy hienen forkearing mei elkoar. Mar dy feint hie noch noait hwat mei de faem dien, hwant dat woe se net lije. Sy hie 't wolris mei de hounen gebeuren sjoen, mar dat like har net sa moai ta. Op in kear gong de feint wer nei syn faem ta. Hy tinkt: As ik nou wèr neat dwaen mei, gean 'k fuort en dan kom ik ek net wer. Doe't er...
nl.verhalenbank.27914
Op in kear doe wie der in keppeltsje jongfolk by Kromelle. Dêr wie Anne Beamke ek by. Dêr kom Hearke oan. Dy soe nei de faem ta. Mar dat woenen dy fan 'e Harkema net lije. Anne Beamke woe Hearke keare. Hy krige Hearke beet. Mar doe sei Hearke: "Ik bin 't wend earst to fûstkjen foardat wy fechtsje." Doe krige er Anne Beamke by de hân beet en knypte dêr sa...
nl.verhalenbank.28171
Moard op 'e Mûzegroppewei (S Batema) : 't bloed, dat net útwiske wurde kin. Rymke: Sytse Bates, dy wie gemien. Dy hat syn dochter de hals út snien.
nl.verhalenbank.17603
Egbert Hoekstra hie nei de faem ta west op 't Fean. Werom hie der in grouwe swarte houn west op it earste eintsje fan 't Blauhûs nei Boelensloane. Dy hie al mar njonken him roan. Hy sei: "Ik kom dêr noait wer lâns."
nl.verhalenbank.24380
Tichte by de Liuwepoel yn 'e Harkema wenne in sekere Alma. Ik leau dat it in Fokke Alma wie. Ien fan 'e Langewyk - in neef fan my - gong dêr ris hinne to jounpraten. Doe sei dy Alma tsjin him: "Och God, man, doarre jo hjir del? Dêr is altyd in neaken fanke, dy komt út 'e poel wei."
nl.verhalenbank.28141
Myn dochter krige har earste poppe. Doe krige se buikvliesontsteking. Ik wie deabinaud dat ik har misse moest. Ik gong de Loane del, op 'e fyts. Der siet in great gat yn 'e strjitwei. Dat seach ik net, sa bot wie 'k mei myn gedachten by myn dochter. Ik ried der troch hinne. Ik krige in skok. Doe sei 'k: "Och God, help my nou. Soe myn fanke nou...
nl.verhalenbank.37843
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun. Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210
Ik hie forkearing mei in faem yn 'e Harkema. Op in kear kom ik by har wei om in ûre of ien, twa hinne. 't Wie by de Krúswei. Ik soe nei hûs ta. Ik sei tsjin myn faem: "Sjoch, dêr brânt ljocht. Dêr stiet in lantearne. Hwat dat bitsjut, wyt ik net." Ik gong op stap en hja gong yn 'e hûs. Doe't ik tichter by 't ljocht kom, sette ik de fyts yn 'e daem en roan...
nl.verhalenbank.21200
Om 1800 hinne wenne der op 'e Boelensloane in famke, dat hie har mem forlern. Dat famke hie it dêr sa bot mei to krijen, dat sy die elke dei de winsk, sy woe har mem wer sjen. Doe op in joun hearde hja sljurkjende fuotstappen foar it hûs. Sy harke en it hart sloech har der fan hwant it wienen har memme fuotstappen. En doe seach se mei eigen egen har mem...
nl.verhalenbank.17638
Myn wiif wie noch in famke en sy wennen op 'e skieding. Dêr wenne ek in biruchte tsjoenster: Rikele Myt. Myn wiif moest dêr faek hinne om wetter op to heljen. Op in kear gong se dêr wer hinne mei har kammeraetske Rike. Doe seagen se by Myt troch 't rút. Myt stie by de tafel en makke in hiele protte tsiisbroggen ré. En dêr roannen allegearre soldaetsjes om...
nl.verhalenbank.37845
35