Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: vrouw nacht Place of Narration: Akkerwoude
't Wie twa ûre yn 'e nacht en moai ljochtmoanne-waer. 't Wie sa ljocht as dei. Binne Boonstra fan Dokkum (dy wenne hjir doe noch) wie oan 't murdejeijen. Doe wie der ynienen in lyts swart wyfke tofoarskyn kom mei yn 'e iene hân in boskje blommen en yn 'e oare in taske. 't Hie samar foar him stien. Hja frege him nei de wei nei Ljouwert. De hounen hienen sa...
nl.verhalenbank.23543
Alde Jeltsje woarde op in nacht wekker, doe wie 't krekt dat der in balke op 'e tafel tikte. 't Wie yn Ikkerwâld. Letter stoar der in dochterke. Doe tocht se dat it foartsjirmerij west hie.
nl.verhalenbank.24010
't Wie op in jountiid op in boerespul. 't Wie min waer en 't reinde dat it spielde. Doe kom der in frommes by de doar, dy woe dêr graech sliepe. Sy koe ûnmooglik fierder mei sok waer. Dat wie goed. Mar doe't se in skoftsje yn 'e hûs sitten hie, stie de boer it net rjocht. Hy tocht: dit kin wolris in manspersoan wêze. Doe smiet er har in apel ta. En dy...
nl.verhalenbank.23563
Myn pake, dat wie âlde Freark Prûk. Dy fortelde us in kear, der wienen in man en in frou, dy koenen och sa min mei elkoar. Doe hie dy frou us tsjin har man sein: "As ik aenst stjer, dan sil ik lykwols de tafel en de hurd skjin hâlde." En sy hâldde wurd. Sy stoar en woarde biierdige. Alle nachten kom se, sahwat om in ûre of ien hinne by har man. Dan gongen...
nl.verhalenbank.21765
Heit en mem gongen der froeger om twa ûre yn 'e nacht al út. Dan moest it flaechs buike wurde. In ûre fan tofoaren hienen se dan op bêd it slaen al heard. Se binne der faek wekker fan woarn. Sy wennen doe oan 'e Godloaze Singel yn 'e Broek yn in âld húske mei houten gevel en houten skoarstien.
nl.verhalenbank.23058
Jan Broersma syn mem wie in Hinke Pruik. 't Wie famylje fan ús. Sy wenne èk yn Ikkerwâld. Der wenne hjir in Heine Uiterdyk, die forkocht skalen (planken), dy krige er fan Dokkum. Dêr kom dan in weinfol skalen wie. Op in kear, doe moest Jan Broersma syn mem fan dy skalen brûke. Dy nachts fan tofoaren op bêd hearde hja, dat it by har op it hiem hyltyd bot...
nl.verhalenbank.23065
35