Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As de minsken hjir froeger in spûk seagen of oars hwat dat net doogde, dan seinen se 't 'Onze Vader' op.
nl.verhalenbank.30457
Us mem biwearde, to Aldegea spoeke it op in smel reedtsje by Jan Japiksma. Dêr wie in boskje mei in gracht der omhinne. Dêr spoeken wite juffers.
nl.verhalenbank.22700
Der spoeke yn Aldegea ek in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.22702
Op 'e Útein yn Aldegea (de kant nei 't Easten út) spûke in fôlle om mei de brijpot om 'e hals. Wy ha dêr yn 'e buert wenne. Us buorfrou hat dy fôlle in kear sjoen. Se wienen der froeger stjerrend binaud foar.
nl.verhalenbank.30456
Us mem hat wenne op in plaets yn 't Wargeaster leechlân, dêr doogde it net. Dêr hienen se in lyts popke stikum oan kant brocht. Dat wie yn 'e stâl bidobbe. Sûnt spoeke it dêr. It gong der altyd op in pompen. Doe't mem der wie roun dêr in famke fan sa'n jier of 13 (sa lang wie 't lyn) nachts troch it bûthús. Dat bern koe de rêst net fine. It bern is letter...
nl.verhalenbank.15696
Op 'e Hearrewei, tusken Nyegea en Sumar spoeke it. In hopen doarsten dêr by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.15721
Hjir yn Aldegea spoeke froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17057
As se jouns by dokter Bontekoe to Hurdegaryp de hekke ticht dienen, stie er de oare moarns wer iepen.
nl.verhalenbank.22707
Der wie yn Aldegea ek in boskje mei nutebeammen yn 'e buert fan in sekere Ritsma. Dêr spoeke it ek.
nl.verhalenbank.22701
De Lange Sleatterman is in bikend spoek dat tahâldt yn 'e buert fan 'e Krúswetters. Oarspronkelik wie dat de smid fan Earnewâld. Dy smid hie in forkeard leven lein, dêrtroch koed er gjin rêst krije. Hy wie de skrik fan 'e skippers. Dy doarsten net oan wâl to lizzen by de krúswetters en se doarsten dêr nachts ek net lâns to farren.
't Wie op in kear dat...
nl.verhalenbank.30455
By Hattum de Vries yn it loantsje spoeke nachts altyd in wyt wiif. De minsken doarsten dêr nachts noait to kommen. Hwant sy waerden dêr stadich troch dat wite wiif oan kant treaun nei de dobbe ta. Sûnder dat se it sels fornamen kommen se yn 'e dobbe torjochte.
nl.verhalenbank.17053
Ik haw faek fortellen heard dat ien der op 'e joun op út wie en dat him doe in grouwe, swarte houn op side kaem.
nl.verhalenbank.30458
Froeger leaude men hjir algemien: hwannear't der in houn spûkgûlde, kaem der in lyk.
Op Smelle Ie is 't gebeurd dat der alle jounen in houn mei de kop oer 't wetter hinne stie to spûkgûlen mei de kop omheech. Fuort dêrnei kaem dêr in pream lâns farren mei in lyk der yn.
nl.verhalenbank.30452
Twa man gongen der ris op út to fiskjen. It gebeurde by Easthim. 't Wie joun en donker waer. Doe't se it net ynhelje soenen, siet dat fêst. Se koenen fornimme, dat der oan lutsen woarde. De iene rôp tsjin 'e oare: "It is spooksel!" Doe kom it spoek even boppe. Sy koenen it beide sjen. It wie wyt. Mar fuort dêrnei dûkte it wer ûnder.
nl.verhalenbank.12386
Yn Sumar wennen twa bruorren, dy skreauwen har Houwink. Op in joun soenen se to melken nei in stik lân, dat lei tusken Sumar en Eastemar. Doe seagen se dêr hwat wyts oer dat lân sweven, dat wie fan ûnderen swart, en dat gong almar hinne en wer. De beide bruorren woarden sa bang dat sy binne weromgong en ha dêr noait wer west to melken. It lân forkochten se.
nl.verhalenbank.17044
By de Rûge Petten doochde it net. Dêr spoeke it. Dêr hâldde de Lange Sleatterman ta. It is us gebeurd, dat in fiskerman tolve foeken útsette. Doe't er se letter neiseach wienen der trettsjin. Ek barde it ris dat in fiskersaek hiel djip mei de kop yn 't wetter lei. Doe woe 't net farre. Dat kom, trochdat der in spoek foarop stie.
nl.verhalenbank.15591
Op 'e Heawei roan in fôlle mei in brijpanne om 'e hals.
Even fierder it Wêst yn hie har al us in âld-minske fordronken. Sûnt spûket dat minske dêr altyd.
Alde Simen klompmakker soe Baeije al us ophelje. Doe't er weromkom roan it swit him by alles del. In frommes hie him ûnderweis oanpakt, sei er, hy koe hast net loskomme. Dat wie dat âld-minske dat har...
nl.verhalenbank.15594
Op it gemeintehûs fan Wymbritseradiel yn Snits is in âlde kaert. Dêr stiet it kleaster Nazareth noch op. Dat kleaster is nou fuort. It stie oan de noardkant fan de dyk nei Heech, in 400 m it lân yn. De minsken fortelle: it spûke dêr. Winterjounen, sa in 't healtsjuster, koene jo dêr in man tsjin komme sûnder holle.
nl.verhalenbank.50539
Us mem hie to praten west nei Jistrum. Dat gong doe to foet. Sy wie op 'e weromreis.
Tusken Skûlenburch en 't Heechsân kom der har in persoan op side. Dy wie yn 't swart. Mem bigong tsjin him to praten mar hy sei neat werom. Doe't se oan it tsjerkhôf to Eastemar ta wienen, gong er by har wei en sweefde ta de poarte fan it tsjerkhôf yn.
Mem hat him net...
nl.verhalenbank.17063
It Rammelân leit oan 'e súdkant fan 't Krúswetter. Dy namme is sa ûntstien: Der wienen twa spoeken yn Olterterp of de Sweach, dat hienen by har libben advokaten west. De duvelbander Piter Poes hat se dêr wei helle op in wein. Mar it ried o sa swier, hwant dy beide advokaten sprongen fan 'e wein en hâldden him tsjin. Sy hâldden de speaken fan 'e fjilden...
nl.verhalenbank.15702