Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
74 datasets found
Narrator Gender: female Place of Narration: Zandbulten
Der wie in boer, dy hie in hiel âld plaets. Dy wie wol sa min. Mar dy boer hie gjin jild om in nijen sette to litten. "Hoe krij ik in nije plaets", sei er faek yn him sels. Dan roan er op 'e wei om jouns en dan prakkesearre er mar. Op in kear wie dat wer it gefal. Doe kom dêr in man oan. "Hwerom bistû hjir alle jounen op 'e wei?" sei dy. "Dat sil 'k jo...
nl.verhalenbank.27437
Sibe Kooistra wenne yn 'e Broek. Hy hie forkearing mei Ruerdtsje fan Simen en Auk. Hy kom dêr us in kear yn 'e iere moarn wei. Doe't er oan doomny Feitsma ta wie, seach er hwat by Auke en Hil fan 't hiem kommen. Hy seach in hiele bigraffenisstoet. Hy wie sa fan 'e wize, dat hy gong nei myn man Hinne Kooistra (dy wie doe noch feint). Hy sei tsjin myn man:...
nl.verhalenbank.27436
Even foar de oarloch fan '14 op '18 wienen myn broer Harm en Bjinse en Jan Sikkes Sjoerd mei har trijen oan 't kuijerjen yn Moarmwâld yn 'e nacht tusken alve en toalve. Doe wie der in klok bigoun to lieden. Sy seinen: "Hwat is dat?" It duorre net lang, doe letten de klokken oeral. Yn Ikkerwâld, yn Moarwâld, yn De Geast, 't wienen allegear klokken dy't...
nl.verhalenbank.27434
Op in joune let hearden wy dúdlik timmerjen yn 'e skoalle. De oare deis sei heit tsjin master Walstra: "Hwat die meester justerjoune sa let noch yn skoalle?" "Ik yn skoalle?" sei meester. "Ik wie net iens thús." "Jo wienen net allinne," sei heit, "der wienen wol in stik of trije, dy't dêr omtimmeren." Letter kom der in nij hûs foar de skoalle to stean en...
nl.verhalenbank.27435
Alde Tabe Kooistra fortelde ris, hy en Koen hienen achter Kollum wenne, doe hienen se ris op in joun to praten west. Der lei snie, 't wie yn 'e winter en de wegen wienen iensum. Hja hienen kaertspile. 't Wie moai ljochtmoanne-waer. "Hea," sei Koen, "dêr komt ek noch ien oan." Hwat tichterby dyselde kom, hwat greater hy woarde. Op 't lêst wie 't in...
nl.verhalenbank.27433
Alde Auk wie in tsjoenster. Hja wenne yn 'e Leijen en stookte yn 'e winter altyd skjûden yn 'e fjûrpot. (skjûden = afval van vlas; brandstof voor behoeftige lieden) Mei't pake en dy in protte braekten, hienen dy skjûden to keap. Wy wennen yn Broek. 't Wie yn 'e winter en beppe wie nei Bonte Houn ta, dêr leinen har âlders mei 't skipke. Mem en Minkmoai...
nl.verhalenbank.25647
Greate Tsjalling wenne op 'e Broek. Syn wiif Tryn kom to forstjerren. 't Wie in earme húshâlding; der wienen trije bern. Tryn hie hwat jern achterút. Dat hie se opgarre. Twa fan 'e famkes - Martsje en Jantsje - soenen dêr in pear hoaskes fan ha. Mar dat gebeurde net. Der wienen sokken opset fan dat jern foar Tsjalling. Tsjalling hie in pear skiep. Doe...
nl.verhalenbank.25121
Stammerige Harm, seinen se, lei nou en dan yn 'e wâl, en dan praette er mei de duvel. Dat gebeurde nou ris op dit plak, dan wer op dat plak.
nl.verhalenbank.27440
De minsken hienen Yn Broek froeger de kaeisgatten ticht, fanwege de tsjoensters en de nachtmerjes.
nl.verhalenbank.27454
As de sémearmin sjongt is der min waer op til. Dan forgiet alles. De sélju binne der deabinaud foar.
nl.verhalenbank.25294
Der wie in boer, dy wenne yn in hiel âld plaets. Dy moest och sa noadich forboud wurde. Mar dêr wienen gjin sinten foar. De man prakkesearre der alle dagen oer en hie der gjin wille om. De plaets wie oan 't omfallen ta en dan wie 't net bêst. Dan hie er foar syn húshâlding en foar syn fé net mear in dak boven de holle. Jouns kuijere er faek op it hiem...
nl.verhalenbank.25295
Duveldrek hienen se altyd ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.27455
To Hurdegaryp stie in hekke, dy dienen se nachts ticht, mei sin, dan stie er de moarns wer iepen.
nl.verhalenbank.27441
Freark Visser op 'e Broek wie frachtrider. Syn frou wie in tsjoenster. Wy hienen trije hynders. Freark Visser nom de hjouwer foar dy hynders mei út Dokkum. Myn broer Harm helle de hjouwer jouns let noch wol us by Freark wei. It wie al in kear of hwat gebeurd, dan seach er yn 't tsjuster in frommeske nei 't hinnehok tagean. Dat wie gjin goed spul. Meester...
nl.verhalenbank.25646
De tsjoensters bitsjoenden ek fé. Us bargen hienen froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch foar 't bitsjoenen. Myn suster Harmke hat in famke forlern fan fjirtsjin jier. Letter krige se wer in famke. Ik wie in kear by Harmke en dy. 't Famke boarte bûten op in platte kroade. Harmke gong ek nei bûten. Doe hearde ik har sizzen tsjin 't bern: "Hat se de...
nl.verhalenbank.25120
Op 't Formanjepaed ûnder Damwâld tsjoenden twa neakene berntsjes om. Dy hienen gjin deakleantsjes meikrigen en koenen sadwaende de rêst net fine.
nl.verhalenbank.25122
Greate Pier wenne yn Kimswerd. Hy leefde yn 'e tiid fan 'e Spanjaerden. Hy wie in great fijân fan Spanje. Dat wie by de Spanjaerden bikend woarn. Se hienen him forklapt. In overste mei in soldaet gongen nei Kimswerd ta. Dat wienen Spanjaerden. Dy soenen him deameitsje. Sy koenen him net, mar sy seagen dêr in boer. Dy wie op 't lân oan 't ploeijen. "Boer,"...
nl.verhalenbank.25644
As it ergens kermis wie gong it jongfolk wolris nei de swarte spegel ta. Dan koenen se sjen mei hwa't se trouwe soenen. Mar sy kommen ek wolris in sterfgefal to sjen.
nl.verhalenbank.27457
Imke de Jong ontsnapte út elke gefangenis. Sy koenen him achter gjin inkelde doar hâlde. Op trije plakken tagelyk ha se him sjoen doe't er ta de stêd útgong.
nl.verhalenbank.27443
To Feankleaster is in ûnderierdske gong, dy komt op Bomkleaster út. Hy bigjint yn Feankleaster by de berch.
nl.verhalenbank.27442
35