Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Narrator Gender: female Place of Narration: Twijzelerheide
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf. Fan sawn famkes is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33428
Om gjin lêst fan in nachtmerje to hawwen, moest men in pear toffels of in pear skuon achterstofoar foar 't bêd sette. Froeger struiden se wol moal. Guon ha wol in nachtmerje fangd.
nl.verhalenbank.23772
Fan ien fan 'e sawn dochters, dy't op elkoar folgje, sûnder jonges der tusken is de âldste of de jongste in nachtmerje. Fan ien fan 'e sawn soannen is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23774
Yn Kloosterburen tsjinne ik by in roomse boer. Dêr wie 'k forlegen fan 'e nachtmerjes. Doe sei de boer tsjin my: "Ik sal dy helpn, wicht." Doe struide er roggemoal op 'e stoel foar myn bêd. Doe krige ik gjin lêst mear.
nl.verhalenbank.20108
In nachtmerje is in minske. It is in minske dat in straf hat. Sa'n minske mat sawn jier lang in nachtmerje wêze. Ik ha faek lêst fan nachtmerjes hawn. Ien kear ha'k ien sjoen. Myn man wie fuort. 't Wie hiel ier yn 'e moarn. Ik wie allinnich thús mei twa berntsjes. Doe fornaem ik ien oankommen. 't Wie in manspersoan, in skipper. Hy hie in brún pakje oan,...
nl.verhalenbank.20096
Ik lei op bêd. 't Wie hjir yn dit hûs. Ik seach in deakiste. Op dy kiste wie in kat. Dy kat sprong mei in plof op 'e groun. De kiste seach ik tige dúdlik. De hantfetten en alles koe 'k bêst ûnderskiede. Doe kaem der hwat by my op bêd. Ik lei op 'e rêch. Datselde kaem op 't fuottenein by my en gong sa by my op oan 'e hals ta. Ik koe net sjen hwat it wie....
nl.verhalenbank.22021
Nachtmerjes, plichte ús mem to sizzen, dy kinne troch 't gat fan in flesse hinne. Men kin se 't bêste keare mei roggemoal. Hwant rogge is heilich. It wie yn 'e simmer en tige soel. Doe't it bêdgongerstiid woarde, sei heit: "Ik gean oer de flier lizzen, 't is my to binaud yn 't bêdsté." 't Wie ljochtmoannewaer en heit koe alles bûten sjen. Doe seach er...
nl.verhalenbank.20110
De nachtmerjes kamen hjir fan 'e oare kant fan 'e Burgumermar wei. Se dreauwen yn in bûteraed oer de mar, fortelde ús heit. It mat us in kear gebeurd wêze, doe kom der ien oan 't Swartkrús ta. Dy soe hjir of dêr hinne om ien to wurgen. Wylst se oer de mar kaem yn har bûteraed song se har heechste liet. Dat klonk prachtich. Der wie doe krekt in feint yn 't...
nl.verhalenbank.23422
8