Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn heit kom fan Lúxwolde yn Grinslân. Hy hat yn Greategast by de boer tsjinne as feint. Doe hied er al forkearing mei mem. De wask brocht er altyd fuort. Dan gong er in smel paedtsje lâns mei klaphekjes. Dat is der nou net mear, dat paedtsje.
Op in joun hied er de wask wer nei 't doarp brocht. Hy kom werom en roan dat paedtsje lâns. 't Wie al let. Hy...
nl.verhalenbank.24260
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha dan mat men de klompen achterstofoar foar 't bêd sette.
nl.verhalenbank.22163
Der wie in faem, dy wenne by de boer.
Dy sei op in kear: "'k Wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek."
De jouns dan ite se. As dat op is, meitsje se de tafel skjin.
Dan komt der ien by de doar. It is de duvel.
Hy giet by de oaren sitten.
Dan seit de boer tomûk tsjin 'e faem: "Witst wol hwa't it is?"
"Né", seit se.
"Dy man hat ien goeije skonk en ien...
nl.verhalenbank.22215
Tsjoensters forgaderje as katten.
nl.verhalenbank.22214
Ik ha by Rypke Atsma yn 'e Harkema tsjinne. Ik wie sawntsjin jier doe't ik dêr wenne. Rypke Antsje har heit wie in Warmolts, dy wie us in kear flak by it plak, dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet.
Hy soe fierder rinne, mar hy koe net. Hy moest stean bliuwe. Doe waerd it him ynjown, hy moest Gods wurd forkondigje. Op datselde plak.
Doe is dêr troch...
nl.verhalenbank.22162
Alde Jehannes' Wyts wenne op 'e Houtigehage. It wie in tsjoenster. Guon ha har ris oer de wyk fleanen sjoen. Ien fan har dochters hie in famke. Dat famke is troch har bitsjoend woarn.
nl.verhalenbank.24261
Froeger seagen wy allegear ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen. 't Wie op it plak, dêr't nou rykswei 43 is.
nl.verhalenbank.27568
Myn broer Kees soe us op in joun nei de faem ta. Dy wenne yn Feansterheide oan 'e Fjouwer Roede.
"As der in duvel is, dan wol 'k him wol us sjen", sei er. Mar doe hied er tofolle sein.
De jouns healwei achten gong er nei de faem ta. Hy wie ûnderweis. Doe kom der him ien op side.
"Goeije navend", sei Kees.
Mar hy krige gjin antwurd.
"Goeije navend", sei...
nl.verhalenbank.22174
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Geart Bijma fan 'e Harkema hearde de nachtmerje altyd wol by 't leiderke opkommen. Dan gong er gau mei de rêch nei de planke lizzen, dan koed er him net krije.
nl.verhalenbank.24263
In arbeider hie in kontrakt mei de duvel sluten. Hy hie in stik jild fan 'e duvel krigen, mar dan soe de duvel him letter ophelje. Dat wie op dy en dy dei nei twintich jier.
Doe't de twintich jier omtrint om wienen, woarde it de man raer yn 't liif. Yn syn binaudens frege hy de boer om rie. De boer wie wol bitûft en dy sei tsjin him: "Ik sil dy wol helpe,...
nl.verhalenbank.20987
Myn suster hie in dochter, dat wie Jitske Spoelstra. Dy troude mei in herfoarme dûmny. Sy wie in jong frommes, hy in âld keardel. Sy wennen yn Hollân. Sy soenen op in kear nei myn suster op 'e Houtigehage ta to jierdeifieren.
Sy wienen togearre op it Amelân. Hy smiet har yn 'e sé. Dêr hat er har krekt salang achternei sitten en har holle ûnder wetter...
nl.verhalenbank.22216
Minse Griper fan 'e Boelensloane liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme, dy't moai yn gelid marsjearden. Hy liet de liuwe ek samer stean, as er dat woe. Mei skoppenboer koe er in flesse drank komme litte. Dy flesse sweefde boven de tafel.
nl.verhalenbank.24262
Heit en dy wennen op 'e Fjouwer Roeden. Sy hienen in jonkje, dat woarde siik. Sy woenen nei Greate Wopke ta to Kûkherne. Mar sy koenen it wetter fan it bern net meinimme, dêr wie 't noch to lyts ta. Doe nom heit it himdtsje fan 't jonkje mei.
"Wite jo ried?" sei heit tsjin Wopke. Hy liet Wopke 't himdtsje sjen.
Wopke biseach it en sei: "Der komt wolris in...
nl.verhalenbank.22161
Myn man hat it us meimakke, doe hie er nei Koartwâld nei de faem ta west. Doe hied er in dik swart ding foar him. Hy woe der op út dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.27569
Tichte by de Fjouwer Roede is de Spoekloane. Der wie us in man dy roan dêr lâns. 't Wie by nacht. Piter hiet dy man. Hy hie jild bard en ek nochal moai hwat.
Doe't er in eintsje op stap wie, stie der in dikke swarte houn.
Piter wie in bytsje skruten, mar hy bearde fan net. Hy struts de houn oer de kop en sei: "Bistû dêr? Bêste houn." De houn mocht dêr wol...
nl.verhalenbank.22165
Jan Hepkes sei: "Ik fyts it leafst yn 'e wyn op. Dat rydt folle steviger."
nl.verhalenbank.22171
In soan fan myn twadde man giet nei de Tille ta nei 't wurk. Op in moarn seach er dêr in frommes stean mei in molkbus by de wei.
"Moarn Tiet", seit er.
"Moarn Jan", seit se.
"Yn 'e tiid dat ik nei har seach," fortelde er, "stie der in kat op 'e dyk."
Doe wie Jan kjel woarn. Nou, dan wite jo it wol.
nl.verhalenbank.22213
Jan Kooistra fan 't Fean (hy komt fan 'e Harkema) past wol op dat er altyd by nacht oan 'e kant fan 'e wei rint, hwant oars kinne de lykstaesjes net passeare. Hy mat us oer in lyk hinne fallen wêze.
nl.verhalenbank.22212
Jan Hepkes fan Surhústerfean meande de kop fan it harspit ôf.
nl.verhalenbank.22170
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.22164