Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Auke en Sjut dy wennen op 'e Tike. Sy stienen min bikend. Us Wytse-om en ús Jehannes-om dy kommen dêr moarns bitiid faek lâns as se nei de merk ta gongen foar de handel. Dan seagen se dêr altyd twa wezentsjes omspûkjen. (popkes)
Op in kear frege Jehannes-om: "Hwat is dat dêr altyd by jimmes achter op 'e tún? Dêr spûket it."
Doe krigen Auke en Sjut beide...
nl.verhalenbank.19717
Op in kear kaem ús pake fan 'e froulju. 't Wie al in moai eintsje yn 'e moarn op. Doe kom der him in frommes tomjitte, dat wie roetswart om 't gesicht. Pake wie sa binaud, dat de skonken trillen him ûnder 't gat. It frommes gong ta 't hek fan 'e tsjerke yn to Sumar. Pake sette har achternei, al hoe binaud er ek wie. Mar sy wie wei as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.19714
Yn Aldegea, fortelde mem, stie in hûs mei in skuorrepeal, dêr't yn 'e nacht altyd neakene berntsjes om hinne dounsen. Dy berntsjes hienen gjin deaklean meikrigen. Dêrtroch hienen se gjin rêst.
nl.verhalenbank.30892
To Moarmwâld gebeurde it op in moarn bitiid dat in boer nei 't lân ta soe to melken. Doe rolle der ynienen hwat foar him op, krekt as wie 't in tsjel. En dat rolle yn 'e sleat. Dy boer skrok der bot fan. Hy hat noait bigripe kind hwat dat west hat.
nl.verhalenbank.30858
By 't Tiltsje tusken Eastemar en Sumar spûken om 12 ûre yn 'e nacht altyd wite wiven.
nl.verhalenbank.31040
Om in ûre of tolve hinne wie hjir by Bennema-State froeger altyd in swarte houn. Dat wie in pleachbeest, seinen se. Hy biet jin net, mar hy roun altyd in ein mei en makke de minsken binaud.
nl.verhalenbank.31046
To Wâlterswâld roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der wienen de minsken froeger bang foar.
nl.verhalenbank.30860
Yn Burgum wie us in man forstoarn. Hy hie in pear moaije sulveren gaspen op 'e skuon hawn en foardat er stoar sei er tsjin syn wiif: "Dy gaspen dy matte der bliuwe. Dy moat ús jonkje letter op 'e skuon ha." De frou biloofde dat.
Mar letter kaem dy frou sa bot yn 'e earmoed to sitten, dat hja forkocht dy gaspen oan in buorfrou.
Doe sei it jonkje op in...
nl.verhalenbank.19718
Yn Burgum wenne in rike heareboer, dy forlear syn frou. Foar har forstjerren hied er har biloofd, hy soe net wer trouwe, omt hja dat graech sa ha woe. Mar der wie noch net in healjier om of doe stied er al wer ûnder 'e geboadens mei in nicht fan syn eardere frou. Doe't er fan 't gemeentehûs weromkaem en it rydtúch yn 't koetshús bringe soe, stie syn eigen...
nl.verhalenbank.19772
Yn Burgum wenne in widdoufrou, dy hie twa famkes. It âldste wie fjirtsjin jier. Hja hie ek twa famkes forlern. Hja wennen yn in arbeidershûs en dêr hienen se froeger wol stilen yn.
Deis wie de widdou by de boer op it lân en de beide famkes moesten de húshâlding dwaen. As hja thúskaem stie it iten al op 'e tafel. Mar op in kear kaem se thús, doe wie der...
nl.verhalenbank.19723
Heit gong nei de fabryk to Feanwâlden ta to stampen yn 't sûkerijfabryk. Syn murdehoun naem er altyd mei. Op in moarn bitiid brocht de houn him twa murden, dat wie op in sydpaedtsje. Doe kaem heit wer op 'e wei, doe tocht er: "Hwat is dit?" De houn doarst der net troch. Der wie hwat swarts, mar hwat it krekt wie, koe heit net sjen. Even letter wie 't fuort.
nl.verhalenbank.30857
Yn 'e Bosk fan Burgumerheide spoeken froeger wite wiven. Dêr ha 'k ús heit wol oer heard.
nl.verhalenbank.18094
Us mem fortelde, dêr yn 'e buert fan Garyp ha minsken wenne, dy hienen in jonkje. Dat jonkje hie skuon oan mei sulveren gaspen. Dat jonkje rekke siik en doe hat er sein: "Dy gaspen mat mem noait forkeapje." En doe kaem dat jonkje to forstjerren.
Mar dat minske kaem yn 'e earmoed to sitten en hja forkocht de gaspen.
Letter kaem dat jonkje hyltyd by de...
nl.verhalenbank.30891
Hjir by Bennema-state stiet noch de homeije fan in hekke, dy't se noait ticht hâlde koenen. Dêr spûke it froeger.
nl.verhalenbank.30894
Heit moest froeger us in kear út Burgumerheide wei foar in famke nei Hurdegaryp, nei de dokter. 't Wie yn 'e nacht.
Doe't er by de plaets fan Oostenbrug wie, kom der in houn njonken him, dy wie noch greater as heit sels. 't Wie in pleachbeest. Heit roan mei in stok. Hy sei lûdop: "Ik ha neat op myn geweten." Doe't er dat sein hie, wie 't ding samar wer...
nl.verhalenbank.18088
Der wie in frou, dy wenne yn Ljouwert. Har man hiet fan Schaaf. Hy forhierde plezierweinen. Myn âldste dochter hat der as faem wenne.
Dy frou wie by de frijmitselders. Nou en dan seach se yn 't gebou har forstoarne jonge. Sy sei tsjin har man: "Hwat woe ik graech, datstû ek us mei gongste om de jonge to sjen." Dat gebou stie yn Ljouwert. Hy gong mei, mar...
nl.verhalenbank.18104
Jouns foardat men op bêd giet moat men it breidzjen oprolje, oars wurdt der yn 'e nacht fierder breide en komt it forkeard. Ek it théguod mat men yn elkoar sette, it spinwiele út it wurk sette, de brake oan kant en al sa mear. Hwant dêr reitsje oars yn 'e nacht kweade hannen oer gear.
nl.verhalenbank.31061