Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op Marrewyk, healwei Drachtster Kompenije en Drachten wie in boskje. Dat is der nou net mear. Wy mochten dêr froeger by jouns net lâns nei Drachten ta, hwant dêr roan in fôlle mei in brijpot. Dat wie gefaerlik. Dat seinen heit en dy.
In âlde molkrider Okkema sei 't ek altyd. As bern wienen wy bang foar dat boskje.
nl.verhalenbank.36911
Wy hienen in buorfrou, dat wie âlde Karste Iebeltsje. Dat wie in tige gelovich minske.
Op in kear wie hja op in joune let op 'e Mesken west.
De Mesken, dat wie in útgestrekt heidefjild fan Duerswâld nei Drachten, dêr roannen allegear skeanpaden troch. Hja hie dêr op ien fan dy skeanpaden west, by tsjuster, midden op 'e heide.
Doe wie der in hiel great...
nl.verhalenbank.36905
Der wie in boer, dy hie mei in koe nei stêd west.
Op 'e weromwei moest er in stik lân troch, dêr kommen trije wegen op út. It wie moai ljochtmoanne waer. Hy sloech de wei yn dy't nei it plak ta fierde dêr't hy wenne.
Doe hearde er praten. Hy tocht him hwat binaud omt er it jild by him hie, dat er foar de koe bard hie. Oan 'e kant fan 'e wei lei in...
nl.verhalenbank.23449
't Wie op in jountiid, sy sieten by de boer yn 'e hûs.
Doe kom der in âld frou by de doar. Sy woarde der ynlitten, sy woe dêr dy nachts graech sliepe.
Hja siet tusken de oaren yn en as se it wurd nom, tocht de boer by himsels: "Dû hast in manljuslûd." Wylst hja dêr sa meimankoar sieten kom der in soldaet mei in hynder oan. Hy sei tsjin 'e boer: "Kin ik...
nl.verhalenbank.23515
Yn 'e Houtigehage snieën se froeger rusken. Dêr makken se matten fan. Dy woarden dan wer útsutele. It wienen de jonges meastal dy't yn 'e nacht dy rusken ôfsnieën.
De heit hie it deis drok en moest nachts syn rêst ha. It wienen greate jonges, dy't it dienen. Op in nacht kommen dy jonges thús en seinen: "Wy doarre net mear. Der komme sokke rare lûden út in...
nl.verhalenbank.23517
Froeger hearde ik faek forhalen fan minsken dy't by nacht midden op 'e wei roannen. Dy wienen foar by de lykwein opflein en der achter wer by del knoffele. Wy waerden altyd warskôge: Tink der om, rin by nacht noait midden op 'e wei. Ik rin nòch altyd oan kant.
nl.verhalenbank.36913
Ik haw fantofoaren sjoen it plak dêr't wy ús houn bigrave soenen. Ik seach de snie en de modder en de lodde, dêr't se it gat mei groeven. 't Is krektengelyk sa gebeurd.
nl.verhalenbank.36907
Myn âlde beppe wie op in joun bûtendoar.
"Bern," sei se, "dêr komme allegearre ljochtsjes oan. En dy komme dit allegear út. Dat bitsjut hwat."
Letter kommen de fytsen der. 't Wienen krekt deselde ljochtsjes.
nl.verhalenbank.24668
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.24683
Wienen der sawn jonges of sawn famkes yn 'e hûs, dan wie ien fan harren in persoan dy't alles altyd sjen moest.
nl.verhalenbank.24682
Myn heit siet op in snein foar 't glês. Hy seach nei bûten. "Fanke," sei er tsjin mem, "hwat in eksters, en hwat skatterje dy!"
Mem waerd deabinaud doe't er dat sei.
Trije wiken letter rekke myn heit dea.
nl.verhalenbank.24669
Ik moest jouns noch wol gauris der op út. Op in kear sei Iebeltsje tsjin my: "Jo matte der jouns net tofolle út gean. Ik ha âlde Hanne Akster oer jou heabulten fleanen sjoen, dat pas mar op."
nl.verhalenbank.36906
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne âlde Wytse Kosak. Dy fortelde ris in kear wylst er op in pealtsje siet: Ik wie in kear oan 't kuijerjen. Doe roan der my in dier op 'e side. 't Wie in great dier en 't wie bûnt. Ik koe 't net to plak bringe. Mar 'k hie fuort yn 'e gaten dat it in pleachbeest wie. Ik hie in stikje roggenbrea by my, dat helle ik út 'e bûse en...
nl.verhalenbank.36912