Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In swarte kat hie men it net op stean. Dy moest altyd bûten 'e doarren hâlden wurde. Der hat yn Sumarreheide in jonge slim siik west. Dêr krige de kat doe de skuld fan.
nl.verhalenbank.32176
Guon ha op 'e Wide Pet ûnder Surhústerfean in stem heard.
't Wie yn 'e winter, der lei iis. Der waerd roppen: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
Letter is der yn 'e Bouke-wyk oer iis in faem fordronken.
nl.verhalenbank.20214
Alde Tryn wenne yn Garyp. Hja wie bolkoerrinster en koe tsjoene. As se der op út gong to tsjoenen foroare se har yn in hazze. Foar bern wie se levensgefaerlik. Op in kear hie se wer in bern bitsjoend. De âlders gongen op tiid nei Wopke duvelbanner ta. Dy sei: "Jimme matte de matte foar de doar optille en dêr goed hwat krusen opsette, dan komt de...
nl.verhalenbank.32162
It gebeurde wol dar der in stik of hwat mannen by elkoar sieten, dat ien dan klaverboer fuortstjûrde om in flesse drank to krijen. De flesse kom der dan oansweven. Deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie mocht de flesse net oankrije.
It earste romerfol drank smiet ien oer 't rjochterskouder hinne fuort.
nl.verhalenbank.20228
Der binne minsken, dy ha in kontrakt mei de duvel sluten. Dy hingje jouns in lege ponge oan 'e leuning fan 'e brêge en dy ponge sit dan de oare moarns fol jild.
nl.verhalenbank.21122
Yn Burgumerheide hienen wy in buorfrou, dat wie in tsjoenster. Sy wie út 'e famylje fan Liuwe Kûper. Sy koe har sels yn in kat foroarje. Soms hâldden dy tsjoensters in forgadering. Dan wienen it katten. Yn fjirtich jier moesten se ien deatsjoene. As se dat net dienen, dan stoaren se sels. Sy hienen in forboun mei de duvel.
nl.verhalenbank.20267
Yn 'e Burgumerheide wenne in mantsje mei in hiel brike romp. Dyselde krige altyd jild fan 'e frijmitselders. Hy hie dan foar de nacht in lege ponge oan 'e doar hingjen. De oare moarns siet der jild yn. Hy hie him oan 'e frijmitselers forkocht, omt er sa'n raer bistek hie. Doe't er stoar hat de duvel him ophelle. Sy ha him doe útelkoar snien.
De...
nl.verhalenbank.20273
Beint Boonstra fan 'e Tike wie mei de helm geboaren. Dy seach oerdei altyd lykstaesjes. Dan moest er oan kant.
nl.verhalenbank.21186
Op it tsjerkhôf yn de Pein spoeke it. Us omke wie slachter, dy gong us op in joun oer it tsjerkhôf fan de Pein nei 't Swartfean.
Doe wie dêr in wyt spoek en dat siet him nei. Hy woarde sa deabinaud, dat hy hat it ridskip der mei forspile.
nl.verhalenbank.21192
Yn 't Princenhof bouden Freark Prûk en syn soan in hûs (Helfrich, de duvel fan Earnewâld).
Op snein mitselen se en bouden se. Der kom safolle spûkerij, dat it hûs rekke dêr wer wei. Ien út Aldegea hat it kocht.
nl.verhalenbank.32475
Piter Poes wie ek in krûdesiker. Minsken kamen by him om rie as hja sels of it fé mei sykte to kampen hienen.
Piter joech dan rie en se namen krûden fan him mei.
Op in kear kaem Klaes Heddema fan 'e Tike by him. Klaes hat it my sels forteld.
Doe't Klaes dêr yn 'e hûs kaem siet Piter to lêzen yn in boek. Wylst kamen der allegear roeken om 'e doar. Se...
nl.verhalenbank.32313
Luije Ielke arbeide op 'e plaets fan Sjoerd Bonnes (Algra) fan Sumar. It wie bikend dat luije Ielke ûnbidige sterk wie. Syn fan wie Bouma. De jonges fan Sjoerd Bonnes woenen ris in grap mei him ha. Hja laedden in kroade fol mei balstiennen en leinen dêr hwat rûchteguod oerhinne.
Doe seinen se tsjin Luije Ielke: "Wolle jo dy kroade dêr even wei helje?"...
nl.verhalenbank.31632
By 't winter mat it ris gebeurd wêze dat der minsken by elkoar stienen op it iis. Dy hearden in stim sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Dy stim kaem út in wek wei. Efkes letter kaem der ien oanriden en dy ried pardoes op it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31626
Op it plak dêr't nou ús hûs stiet, dêr't wy yn wenje, dêr seagen guon alle jounen in lampe brânnen. Doe stie dit hûs der noch net.
Itselde jiers noch waerd dit hûs boud. En doe wie de lampe der echt. It ljocht skynde jouns troch de ruten hinne.
nl.verhalenbank.31801
Op 'e Hearrewei ûnder Sumar wie 't froeger net feilich. In heit mei in soan: Egbert en Japik Spoelstra biroven dêr de minsken dy't dêr lâns kamen. Se makken harsels swart mei skuonpoets. 't Gebeurde yn 'e foarige ieu. Op 't lêst binne se yn 'e gefangenis torjochte kaem.
nl.verhalenbank.32273
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde."
Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt."
It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea.
De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791
Wy wennen froeger yn 'e Harkema. Dêr wenne doetiids yn 'e Smoarhoeke in âld-minske, Sjouk, dy hie in winkeltsje. Doe't wy yn 'e winkel kommen wie dêr net ien. En doe't wy: 'folk' rôpen kom der net ien by ús. Doe gong heit ta de wenkeamer yn. Doe sweefde Sjouk dêr om 'e lampe hinne. Sjouk wie in tsjoenster. Wy makken gau dat wy fuortkommen.
nl.verhalenbank.36217
Op 'e Iestpleats to Sumar spûke it altyd. Dêr hie in boerefaem wenne, dy hie dêr in pear kear in bern op 'e wrâld brocht - dy wienen fan 'e boer - en dy bern wienen dêr formoarde en sûnder klean oan bigroeven. Nei dy tiid, as it tsjuster waerd bigoun it dêr yn 'e skuorre to spûkjen. Dan dânsen der trije neakene berntsjes om 'e stile hinne. Dy koenen dêr...
nl.verhalenbank.32065
As wy jouns let noch bûten wienen as bern, dan seinen se:
"Pas op, de berndieven pakke dy."
Kamen wy by 't wetter, dan wie 't: "Dêr sit in hiele greate frosk yn, dy is altyd lulk op bern."
nl.verhalenbank.32059
Myn frou har mem wenne as faem by in boer yn Wjelsryp (dicht bij Franeker). Doe gebeurde it op in kear dat se gjin bûter meitsje koenen. Doe gongen se nei Greate Wopke, de duvelbander ta.
Wopke sei: "Jimme matte in tsiis ûnder 'e parse wei krije en dy yn in hantsjettel mei wetter dwaen. As it wetter siedt, dan komt de dieder wol.
De faem siet achter de...
nl.verhalenbank.32918