Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
78 datasets found
Narrator Gender: female Place of Narration: Surhuisterveen
Jan Veenstra wenne op 'e Boelensloane. Hy wie arbeider by in boer op Surhústerfean. Mar omdat der in pleachbeest roan op it eintsje fan Boelensloane nei 't Blauhûs, makke er altyd in hiele omwei om yn 't Fean to kommen. Dan roan er alhiel de Lange Wyk lâns. Sa bang wied er foar dat pleachbeest. Dat hied er al us troffen.
nl.verhalenbank.22208
Yn Eastemar roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.22209
Piter de Graaf gong der nachts faek ôf. Dan gong er foar 't glês stean en die de kleden oan kant.
nl.verhalenbank.24254
Yn Grinzer Pein wennen twa âlde minsken: in broer en in suster. As dy jouns de lampe op hienen (petroalje) koe't soms samar gebeure dat der in earm mei in hân ta de souder út kom, dy't de lampe útpûstte.
nl.verhalenbank.27577
Op in kear doe siet Douwe Stavasius by ús. Der stie op it hiem in buorfrou mei in lyts bern op 'e earm. Hy sei tsjin har: "Ja, Janke, dû silst net lang mear mem fan dat bern wêze." Binnen trije wiken wie it bern dea.
nl.verhalenbank.27575
Us mem wie faem by in boer yn Greategast. Hja siet ris ûnder in koe to melken. Doe wie der in hiel lyts mantsje by har kom. "Hwat dochstû hjir zo vroeg in de morgen?" hie se sein. Doe wie dat mantsje ek samar wer wei west, krekt as wie 't yn 'e groun sonken.
nl.verhalenbank.24256
By Minse Griper lieten se wol us in flesse drank komme. Mar it wie altyd in toer om ien to finen dy't de flesse oankrije doarst. Deselde dy't dat die smiet it earste romerfol oer de kop fuort. En dan dronken se it op. De flesse sweefde foar de doar.
nl.verhalenbank.22169
Ik hie forkearing, en ik hie ek earder forkearing hawn. Doe kom ik us in kear by âlde Tryn Snipel yn 'e hûs. Dy wenne oan 'e Spekloane. Tryn die de blinen ticht. Doe lei se de kaert. "Ien, twa, trije, fjouwer, dat stiet dy wis", sei se, en doe: "Ien, twa, trije, fjouwer, dat komt dy oer", en wylst krige se de kaerten fan 'e tafel. Mei deselde dêrstû nou...
nl.verhalenbank.22168
Us mem seach de dingen ek foarút. Hja hat ek de hiele bigraffenis fan myn soan fan tofoaren sjoen. Hja wie ek mei de helm geboaren. Myn suster ek. Myn pake ek. Twa neven en in nicht ek. 't Sit yn ús famylje.
nl.verhalenbank.24257
By uzes wie in poel, dêr seinen se fan - doe't ik in bern wie, dêr soe in fanke yn fordrinke mei in grize mûtse op. Ik droech yn dy tiid in grize mûtse. Mem hat him doe fuort opbrând omdat se bang wie, dat ik dêr yn fordrinke soe.
nl.verhalenbank.27574
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje. Hja komt troch 't slotsgat yn 'e hûs. Ien fan sawn op elkoar folgjende soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.27570
Op in kear sei Piter de Graaf syn frou: "Us berntsje mat nou binnenkoart nei skoalle ta. Wy matte hwat klean foar har keapje." Piter sei: "Dat hat noch wol tiid, dêr kinne wy noch wol hwat mei wachtsje." De deis dat it bern nei skoalle soe, brochten se har nei 't hôf ta. Dat hie Piter fan tofoaren al sjoen. Dêrom hied er sein: "Dat hat noch wol tiid."
nl.verhalenbank.24253
Myn buorman wie Piter de Graaf. Dy leeft noch. Hy wennet nou yn it wurkhûs yn Grinzer Pein. Hy wie mei de helm geboaren. Hwat dy ús allegear wol net forteld hat! Hy seach alles fan tofoaren. Op in moarn kom ik by harren. "Hoe is 't mei 't famke?" frege syn frou. Wy hienen in famke, dat sukkele. 't Bern wie geestlik ek net hielendal goed. Ik sei: "Och, wol...
nl.verhalenbank.24252
To Gerkeskleaster op 't fallaet hearden guon alris sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." 't Wie yn 'e winter, der lei iis. Doe is der ien oanriden kom op redens en dy is yn in wek riden en fordronken.
nl.verhalenbank.27571
Douwe Stavasius wenne op 'e (Grinzer) Peinder heide. Dy gong der nachts wol op út. Dan stie er oan 'e kant fan 'e wei en seach in lykstaesje foarbygean. Hy sei fantofoaren: "Dy is nou oan 'e beurt." 't Kom altyd út. Hy wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.27573
Wy wennen yn in woanwein oan 'e Suderhegewei by Drachten. Dêr hearden wy en ús buorlju nachts timmerjen en klopjen flakby. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr komt grif in nij hûs." 't Wie sahwat yn 1924. 't Selde jiers woarde dêr in nije boereplaets delset. Dy plaets is der nou wer wei.
nl.verhalenbank.24251
Der wie ergens yn in hûs in protte stellen woarn. Sy ûndersochten it hiele hûs, mar se koenen de dief net fine. De jouns kaem de faem yn har sliepkeamer en forskjinne har. Hja wist net dat de dief ûnder it bêd tahâldde. Wylst hja foar de spegel stie, sei se: "O God, wat zijn er toch een nare mensen." In wike of hwat letter gong se oer de brêge. Dêr stie...
nl.verhalenbank.20989
By sterke Hearke wienen ris twa man kom, doe wie er krekt oan 't ploegjen op it lân. Sy fregen him, hwer't sterke Hearke wenne. Doe hie er de ploege optild en sein: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.27572
35