Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Sumarreheide ha de minsken wol gauris huzen fan tofoaren yn 'e brân sjoen, dy't letter opbrânden.
nl.verhalenbank.20399
In nachtmerje wie in frommeske. Dat siet de minsken nachts op 't boarst. Hja kom troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en struiden moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.36262
Doe't it hûs fan Bouke Sjonger der noch net stie, ha se op dat plak fantofoaren ljochtsjes sjoen.
nl.verhalenbank.20400
Tsjoensters koenen har yn swarte katten foroarje en krânsen yn 'e kessens tsjoene.
Men lei duveldrek ûnder 'e drompel, dan hiet it dat de tsjoenster der net oer komme koe.
nl.verhalenbank.31900
Der wie in dief, dy hie stellen. In hiele bult minsken der achteroan. Sy kommen troch in doarp, dat noch gjin namme hie. "Hokker matte wy pakke?" rôpen dy minsken. "De earste mar!" woarde der weromroppen. Doe krige dat doarp de namme Eastemar.
Doe kommen se yn in oar plak, dat èk noch gjin namme hie. Dêr rôpen se: "Sy ha him samar!" Doe krige dat plak de...
nl.verhalenbank.33044
Der wie in man siik. Hy wenne dy kant út nei Burgum. De frou gong nei Piter Poes om in drankje.
"Tink der om," sei Piter Poes, "ûnderweis binne der hounen, dy wolle 't drankje brekke."
Der wie ûnderweis in houn by har opsprong en dêrtroch rekke de flesse mei drank stikken.
nl.verhalenbank.25626
op 'e Hearrewei spoeke it. Dêr is ris in man lâns gong, dy hie gâns flokt en sweard. Hy woarde dêr samar beet krigen, sûnder dat er ien seach, en yn 'e sleat smiten. Sûnt doart er dêr net mear lâns.
nl.verhalenbank.25632
Komt der in ekster op 't hiem, dan krijt men in prater.
nl.verhalenbank.24510
Jehannes van der Zee wenne op 'e heide. Hy wie arbeider by Sjoerd Bonnes, in boer yn Sumar. Dy Jehannes wie o sa rûch yn 'e mûle. 't Koe him neat skele hwat er sei en hy flokte om 't oare wurd.
Op in moarn gong er nei de pleats fan Sjoerd Bonnes. Hy moest de hege loane del.
Doe't er yn 'e skuorre kaem, pakte de duvel him. Hy waerd tsjin 'e hoannebalke oan...
nl.verhalenbank.31492
Sterke Hearke wie oeral bikend. Twa man kamen ris by him doe wie er op it fjild oan it ploeijen. Hja woenen mei him wrakselje, mar se koenen him net. Doe fregen se oan 'e man dy't dêr ploege, of er ek wist hwer't Hearke Witteveen wenne. Doe sei Hearke, wylst er de ploege mei de iene hân foarútstuts: "Sjoch, dêr wennet er." En mei de oare hân sloech er him...
nl.verhalenbank.31486
Op 'e Hearrewei dêr roan us in man, dy hie tabak by him. Twa man kommen út 'e herberch wei, dy hienen in stik yn 'e kraech en roannen mei him op. Hy helle in toppe tabak út 'e kladde, smiet dat op 'e wei en sei: Dêr, duvel.
Dat die er noch in pear kear en elke kear sei er: Dêr, duvel.
Doe kom der him ynienen in ding op 'e holle krektlyk as wie 't in...
nl.verhalenbank.12263
Minsken koenen de koarts fan 'e heide krije. Dat neamden se dan de heidekoarts.
As men yn 't foarige nei Grinslân ta gong to arbeidzjen op 'e klaei, dan krige men dêr in bulte de koarts om de trêdde dei. Dat wie de trêddedeiskoarts.
nl.verhalenbank.21124
Jehannes Meerstra wenne op Feanwâldsterwâl. Dy koe mear as in oar. Op in kear doe wied er op in freed yn Ljouwert op 'e joademerk. Dêr wie ek krekt in gûchelder. Dy smiet hiel bot mei in poppe om. De minsken dy't om him hinne stienen, mienden dat it in bern wie. It bern gûlde moard en brân. Der wienen froulju by, dy bigounen ek al to gûlen, sa'n meilijen...
nl.verhalenbank.21118
Jehannes Meerstra hat tsjinne by Doede Postma. Dy wenne oan 'e Simmerdyk, oan 'e kant fan Burgumerheide.
Op in moarn krigen Jehannes en de boer wurden, wylst se by de thétafel sieten.
Doe soenen se dongride. Jehannes hie in wein laden. De boer hie de beide hynders klear. Dy spande hy der foar.
"Fuort, beesjes", sei er.
Mar de hynders bleauwen stean dêr't...
nl.verhalenbank.21120
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Dûmny Nieuwenhús fan Surhústerfean (= van de Nieuwenhuizen) krige wol iel fan Alle. Mar op in kear sei er, hy woe gjin wer ha.
It praetsje gong dat Tet, Alle syn wiif de iel bitsjoend hie. (Tet brocht de iel altyd nei dûmny ta.)
nl.verhalenbank.20216
Dêr wie yn Garyp ris in famke bitsjoend. Doe gongen se nei greate Wopke ta. Wopke sei: "Jim matte it kessen neisjen dêr't it bern mei de holle op leit. Dêr komt in krâns út dy't jimme opbrânne matte. De earste de bêste dy't by jimme op 't hiem komt, dy matte jim der ôfskoppe, hwant dat is de tsjoenster." It wie de bolkoerrinster dy't dêr 't earste kaem....
nl.verhalenbank.32174
Hjir op 'e heide wennen wol minsken dy't fan tofoaren al wisten dat der gau ien nei 't hôf ta brocht wurde soe.
Se seagen dan fan tofoaren de lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.31482
Hjir yn Sumar hat in tige sterke smid wenne. Meensma hiet er. Dy tilde samar fjouwerhûndert poun op.
Yn 'e oarloch wie de brant tige krap. Der wie in boer, dy hie in grouwe beam. Meensma hie forlet fan branhout en hy frege dy boer om hout.
"Jo meije dy beam ha," sei de boer, "as jo him nei hûs ta sjouwe."
Dat nom Meensma oan, en hy hat it dien.
nl.verhalenbank.25636
Hjir wenje noch wol lju, dy't de lûden fan 'e tram heard ha foardat dy der noch wie.
nl.verhalenbank.32438
Myn heit wie trije jier, doe forlear hy syn âlden al. Hy woarde greatbrocht by âlde Abraham van der Leest, syn omke. Froeger gongen se to meanen mei de Earnewarren. Dan moesten se de Prikwei del. Dêr moesten se dan neigersmeane. Heit en Abraham wienen togearre. "Jonge," sei Abraham tsjin heit, "wy koenen wol hwat blêdreid ôfmeane yn dy sleatskant. Dan...
nl.verhalenbank.24514