Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
217 datasets found
Place of Narration: Leeuwarden
Yn 'e muorre op Dokkumer nijesilen sit de hoefizerôfdruk fan 'e duvel. Dy mat dêr oer de feart sprong wêze.
nl.verhalenbank.19397
By ús leaude men der fêst oan, as in houn spûkgûlde, dan bitsjutte dat, dat der ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.19383
Moetingen yn 'e mist 'Op in kear wie der ien ferdwaald yn 'e Spoeketsiene; dat kin barre mei mist. En doe kaam er de wite mannen ek tsjin—dy geasten dan. Doe seinen se: Wat moatsto hjirre? Hy sei: Ik moat nei hûs ta!—No, dan bist op in hiel ferkeard paad! Ja, hy sei, mar ik kin 't paad net fine! No, it spoek sei: Dan moatst mar sjen, ast in sleatskant...
nl.verhalenbank.13686
Wopke Brúnsma As Wopke Brúnsma nei in pasjint ta moast, dan stie er moarns yn 't bûthús ûnder in elektryske lampe en de krêft dy't út dy lampe kaam krige er yn him. En as er dan genôch hie, gong er earst nei tsjerke, nei de iere mis. Dêrnei gong hy der op út mei syn krúske en dan koe er de minsken better meitsje. Hy hat ris by myn broer yn Gaast west, dêr...
nl.verhalenbank.12995
Myn wiif hie in omke, dy hienen in famke, dat woarde net goed. It bern wie sa siik as in houn. It gebeurde wol dat omke en muoike to praten wienen jouns en dan wie der in frommeske, dat húswarre dêr dan sa lang. Muoike tocht: dat bern kin wolris bitsjoend wêze, en doe it kessen yn 'e wein neisjen, en ja hear, doe wie 't biwiis levere: dêr sieten krânskes...
nl.verhalenbank.28572
De fersonken stêd Warten En spoarleas gyng it nei de grûn Mei minske, hûs en toer; En neat fan alles is der bleaun, Sa stiet yn d'âld kronyk beskreaun; No streamt er't wetter oer. Sikke Koldyk 'Ik ha oars net heard, as dy fersonken stêd lei yn 't Wartenster Wiid. Se sizze ek altiten: as it hiel moai waar is en tige, tige stil, dan kin men de âlde...
nl.verhalenbank.13718
It skip mei sielen By âlds seinen se fan ien dy't ferstoarn wie: 'Dy sil op it westerein oankomme'. Dat ha 'k fan beppe. Mar de siel fan ien dy't altyd kwea west hat, seinen wy dan foarhinne, dy sil swevende bliuwe, dy komt net te plak. En beppe hie it dan ek wol oer dy skipper dy't altyd mei syn skipfol sielen omfarre moast. Dat wie in skipper, dy hie in...
nl.verhalenbank.12162
To Feanwâldsterwâl wenne in frou, dy wie bitsjoend. Us heit wie galanterykoopman en ried mei de hounekarre. Doe sei dy bitsjoende frou tsjin heit: "Soenen jo foar my nei dat boerke to Eastemar gean wolle? Miskien kin dy my helpe. Dan matte jo him hjir hinnehelje." "Goed," sei heit, "dat wol ik wol foar jo dwaen." Doe hat heit dat boerke ophelle op syn...
nl.verhalenbank.28573
Oer Japik Ingberts: Japik Ingberts hie ris wer in hiel soad byelkoar stellen. Ut Ljouwert wei kaem in wein mei pelysjes riden om him to sykjen. Underweis is der ien, dat liket krekt in dûmny. Dy freget oft er mei ride mei. Nou, dat mocht wol. Doe't er in hiel ein mei riden hie, sei dûmny, dat er even út 'e wein moast. Se hâldden stil. It wie by de...
nl.verhalenbank.11494
Wopke Brúnsma Fan Wopke Brúnsma, de wûnderdokter út Warkum, gong it ferhaal, dêr wie in boer yn it Heidenskip, dy hie in bêst hynder en op in goeie dei wie dat kreupel. 'Dan moatte jo Wopke der by helje', seinen syn buorlju, 'want dy makket it grif better'. Wopke komt, hy besjocht dat hynder ris en hy seit tsjin 'e boer: 'No moatte jo my even efternei...
nl.verhalenbank.12994
De moleroede Ik haw ris in ferhaal heard fan in man, dy hie it oer in kunde fan him. Dy kunde hie op Boalserter merke, of op Snitser merke, by in wiersizzer west en dy hie him foarsein, dat hy soe troch de slach fan in moleroede oan syn ein komme. Hy wie boer en hy hie in mole, mar hy paste sûnt dy tiid altyd tige op; hy kaam der noait by as de mole yn 't...
nl.verhalenbank.12980
Wat mieren en haaiers oerkaam 'De Spoeketsiene—se seinen ek wol: De Spoeke-achte—dêr wie it gauris te rêden. It koe wêze, dat it meand wie, dat it op swee lei, en de oare moarus, as de boer ris sjen soe, hoe't it like, dan stie it al yn opers. En as er dan dy opers ophelje soe, dan wie der ûndertusken al fan alles bard, it iene wie al slimmer as it oare....
nl.verhalenbank.13678
Hinke Kaert wie in hiel bikende wiersizter to Nijebrêge. Op in kear kom der in plysje by har yn burgerklean. Dy woe har preses meitsje. Mar Hinke wie o sa útslept. Doe't se him de kaert útlein hie, sei er: "Hwat binne de kosten?" Hinke sei: "It wiersizzen kostet jo neat. Mar dat jo hjir op myn moaie stuollen sitten ha, dat kostet jo in kwartsje."
nl.verhalenbank.19396
In pleats wurdt omdraaid of ferset 'Wat de Langesleatter man net be-avenseare koe, dat kaam net sa krekt. Sa rûn er faak om in boerepleats hinne en dan stie dy op in stuit oarsom, of hy stie oan 'e oare kant fan't wetter. Dat is ris bard mei de hurde wyn, op in rûzige nacht. In pleats dy't oars mei 't gat nei Warten stie stie de oare moarns krekt oarsom....
nl.verhalenbank.13683
De Langesleattemer man op gyk of roer 'Der waard by ús wol ris sein: By dy en dy, de skipper waard mei de namme neamd, hat de Langsleattemer man op 'e gyk, of in oare kear: op it roer, sitten. Dat is net sa bêst, it sil wol net sa lang mear duorje! It wie in ûnheilsteken, meastal in oankundiging dat der in deade op it skip komme soe. Mar it hoegde net...
nl.verhalenbank.13697
Op in kear kom er by de boer wei. Hy gong de reed lâns. Doe wie der ien yn 'e sleat dy gong hyltyd mar mei him. Dyselde gong net earder fuort as doe't er oan hûs ta wie. Dat wie in spoek.
nl.verhalenbank.19392
Myn heit hiet fan Hindrik Kloosterman. Hy wie ôfgryslike sterk. Dat wite se yn 'e Sânbulten noch wol to fortellen. Hy luts samar in weinfol dong út 'e skerne wei. Hwat hynders stean lieten krige hy fan 't plak.
nl.verhalenbank.19386
By de Wissedwinger to Ljouwert wie 't Spoekesteechje. Dêr doogde it net, seinen se. Yn 't Spoekesteechje stie in snobberswinkeltsje. Dêr kochten wy as bern wolris snobbersguod foar in sint. Yn dat winkeltsje wenne Oud-moedertje. Dat wie in tsjoenster, seinen se. Dy fortelde 't forhael fan in berntsje - in neaken berntsje, dat by in skipper by it roer...
nl.verhalenbank.33584
Yn Oerterp wenne in boeredochter. Dy rekke der út to tsjinjen by in dûmnysmefrou yn Ljouwert. Sy hie dêr in bêst plak. Op in kear wie 't Ljouter merke. Doe stie dêr in tinte, dêr wie in toverspegel yn. Dêr koenen se de takomst yn sjen. Doe't dy boeredochter dêr foar kom to stean, seach se ien, dy koe se wol. Dat wie Ruerd Planting. Doe't se him seach,...
nl.verhalenbank.12210
Greate Gerrit en Greate Jouwert dy wienen almachtige sterk. Se wennen yn Wergea. Dy beide mannen ha de roomse tsjerke fan 'e Lytse Mar oerbrocht nei Wergea. Hja hienen dy tsjerke op draechstokken. Dy skouden se der ûnder en doe dêrmei op stap. Mar doe wienen se healwei de lytse Mar, doe seagen se dat dokter der oan kaem yn 't Uterske weintsje. (= Utrechts...
nl.verhalenbank.37279
35