Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Soms sjocht men in rounte fan poddestuollen yn it lân. Se neame dat in 'heksekring'. Dat is eins in tsjernmoune. De tsjernmoune fan 'e hynders dy't al jierren dea binne. Dy moatte dêr dan noch altyd yn 'e rounte rinne.
nl.verhalenbank.20709
De ierdmantsjes (ek wol de kabouters) dogge nachts wol us it wurk foar de minsken, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.20655
De hynstetram fan Dokkum ried oer Moarmwâld en Feanwâlden. Mar tusken de Falom en Feanwâlden hienen jy de Skilige Piip. Gauris gebeurde it, dat de hynstetram dêr om ien ûre yn 'e nacht net fierder woe. Dan stegeren de hynders en hienen se it brûs op 'e bek. Dan moasten se út 'e rails wei. 't Wie mar in meter of hwat. 't Gebeurde op bipaelde tiden. Mar...
nl.verhalenbank.21007
As it min waer wurdt, komt de sémearmin omheech, wurdt der wol sein.
nl.verhalenbank.21013
Sterke Ynse fan Bakkefean kaem us by de smid. Hy moast in furke meitsje litte, mar de smid hie 't op dat stuit op syn manier to drok. Hy hie der net rjocht sin oan, fornaem Ynse wol.
Ynse moast mar even geduld dwaen, sei er.
Mar Ynse tocht: "'k Sil dy wol ha."
Doe 't tiid wie fan kofjedrinken gong Ynse stikum nei 't ambyld ta en sette dat bûten op 'e...
nl.verhalenbank.21012
Der wie us in skip op sé. Doe kaem der Elmusfjûr oan 'e mêst. Doe't dat gebeurde kaem dêr in sémearmin op ta. Dy bigoun hiel moai to sjongen. Hja song krekt salang oant ien fan 'e skepelingen oer board sprong nei har ta, Hja fangde him yn har earms op en naem him mei nei de djipte ta. Dêr is er fordronken.
nl.verhalenbank.20654
Op 'e Haule wenne in boer, dy hie in arbeider. As dy arbeider moarns kaem, siet der in swart hountsje op it houtsje, dêr't er oer hinne moast. Dat hountsje liet de tosken sjen, as dy arbeider der oan kaem, dat hy wie der eins mar hwat bang foar. Dan moast de boer earst komme, hwant it hountsje gong net in striebreed út 'e wei. As de boer kaem, gong 't...
nl.verhalenbank.20708
Op in kear kaem Auke Hinke thús, doe siet har buorfrou by har yn 'e hûs. It reinde en it wie bot modderich en drekkich om hûs en hear.
Hinke wie hoasfuotling. Sy sei: "Och, och, ik ha de klompen forgetten, ik bin hjir hoasfuotling kaem."
"Dan sille jo wol droege hoazzen oan ha moatte", sei de buorfrou.
"Né, sjoch mar," sei Hinke, "sy binne droech."
Hja...
nl.verhalenbank.20720
De jonges setten soms in krús op it paed, dan koe Griet der net oerkomme, mienden se.
nl.verhalenbank.20718
It wie op Haulerwykster merk. Ik siet op in snein-to-joun yn 'e herberch. Doe seach ik Jan Sterk dêr.
"Wij hebben ons kampien ook verkocht, hoor", sei er.
"Oan hwa?" frege ik.
"'t Is een Bergsma; Jannes heet-ie."
"Wat wil die kerel daarmit?" frege ik.
"Hij is bakker", sei er.
Doe kaem âlde Merk der yn.
"Wat he'k nou wat beleefd", sei er. "Ik kwam meester...
nl.verhalenbank.20644
Der wenne hjir in jonge man, dat wie in soan fan Klaes Post. It wie ien fan tolve ambachten en trettsjin ûngelokken. Nou hied er dit by de ein en dan wer dat. En in sinten dat it net koste allegear! Elkenien frege him ôf, hwer't er al dat jild wei hie. Net ien koe 't him bigripe. Mar de frou, dêr't ik de aeijen weihelle, sei: "Ik wol. Hwant hy is in...
nl.verhalenbank.20650
Alde Berend Posthumus hie in wikseldaelder. Hy hie allegear nij spul yn 'e hûs en 't kòe allegear. Hy moest oppasse dat er dy daelder noait hielendal útjoech. As skilde it mar ien sint dan wie 't wol goed.
Hy hie dy daelder krigen fan 'e duvel, waerd der sein.
Hy hie op in nacht mei in kat yn 'e sek op stap west nei de Haule. Dêr wied er op 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.20651
Alde widdou Bergsma wenne op 'e Skieding. Hja hie dêr nachten lang timmerjen heard, mar yn werkelikheit wie der neat. Mar letter hat har swager Germ Bergsma dêr timmere. 't Kaem dus wol út.
nl.verhalenbank.20645
Dan wenne der nòch in tsjoenster by ús, dat wie Auke Hinke. Dy hie ris bisite.
"Kopke kofje?" sei se.
"Jawol."
Doe krige se de kofjekanne. Dêr geat se earst molke út.
"O heden, 't is mis", sei se.
Doe kaem der helder skjin wetter ta'n út.
"'t Is noch net klear", sei se.
Doe kaem der swarte kofje út.
De fjirde kear wie 't gewoane kofje.
nl.verhalenbank.20719
Jochum Dykstra wie net al to goed wiis. Syn mem sutele mei lapkes. Sy kaem ek wol us by ús.
Op in kear sei se: "Jochum hat in brân sjoen by Jehannes der Mooy, of dêr flak by.
Twa jier letter wie der brân yn in hûs by de brêge. It brânde hielendal ôf. Ik der hinne. Ik wie sahwat fyftsjin jier, tink. It wie it hûs fan Jehannes der Mooy, dat ôfbrânde.
nl.verhalenbank.20647
Der wie in ofsier yn 't leger, dy woarde ta de dea foroardield. Doe't er deasketten wie en yn 'e kiste lei, waerd dy opbiere yn 't baerhokje op it tsjerkhôf. Twa fan syn maten wisten, dat it net earlik om en ta gien wie mei it deafonnis fan 'e ofsier. Hja hienen it miskien keare kind as se de mûle iepene hienen. De iene hie dêr birou oer. Mar de oare net....
nl.verhalenbank.21000
Wy wennen froeger achterút.
Ik wie sahwat in twintich jier âld. Ik seach de kant nei de brêge út.
"Mem," sei 'k, "dêr by de brêge stiet in hûs yn 'e brân."
Mar mem seach neat. Ik hie my omdraeid, doe't mem der oankaem, mar doe't ik wer seach, wie der neat mear fan de brân to bispeuren.
Presys twa jier letter rekke de plaets fan Jan de Boer troch de...
nl.verhalenbank.20646
Heit fortelde, der wie ris in stim út it wetter weikaem.
Der waerd roppen: "De tijd is verschenen. De man is der niet." Mei wie der in man op it hynder oankaem. Krekt by 't kanael foel er fan 't hynder op 'e holle yn 't wetter en wie fordronken.
nl.verhalenbank.20652
Kobus Freeling wenne yn Haulerwyk. Op in kear kom er oansketten thús. Doetse en Frederik soenen him bang meitsje. Kobus hie syn wiif Bart by him. Hy moest oer in planke. It wie altyd in toer dêr oer to kommen, as men net to stevich op 'e skonken stie. En dat hie der dit kear wol oan. Hy die in koart gebedtsje en sei: "Och lieve Heer, laat mij der toch...
nl.verhalenbank.20999
Se bounen skoppenboer oan in lege flesse. Ien roan nei de doar ta mei dy flesse. Hy roan achterstofoar. Net ien mocht sjen hwat der gebeurde. "Helje even in flesfol drank", sei dyselde. Dan kaem de duvel en dy naem de lege flesse oan, dy't him achterstofoar oanrikke waerd.
Even letter waerd der op 'e doar bounze. Dat wie de duvel mei in folle flesse....
nl.verhalenbank.20796