Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
292 datasets found
Place of Narration: Augustinusga
Der hat hjir in man yn Stiensgea wenne, dy flokte en swetste dat it raer wie. Dy man hearde op in nacht de klappen fan 'e flaeije. Hy der ôf en nei de skuorre ta. "Ik sil se opsitten leare", hied er sein en dêr rare flokwurden oerhinne. Mar hy is dêr raer wer weirekke. De duvel hat him by de lurven hawn.
nl.verhalenbank.23859
Beppe spoun, mar as hja de snare net fan it spinwiel ôf die, dan spoun it yn 'e nacht troch. It spinwiele woarde dus útspand.
nl.verhalenbank.23642
Sterke Hearke wie stille plysje yn Droegeham. 't Jongfolk fan Stiensgea wie us oan 't kuijerjen. Doe hâldden se in weddenskip. Sy praetten ôf, de earste de bêste dy't se tsjin komme soenen, dy soe troch ien fan harren pakt wurde en oer de weareld smiten. It lot wiisde oan dat Roel de Haan dat dwaen soe. Dat wie in licht mantsje. Hy hat letter sels...
nl.verhalenbank.27632
Hearke kom us thús mei in pear foer hea. 't Ald hynder koe 't hea net yn 'e skuorre krije, hwant it gong hwat omheech. "Kom," sei Hearke, "wy slagge it âld-hynder der foar wei." Twa arbeiders soenen Hearke helpe om de wein yn 'e skuorre to krijen. Mar dy beide arbeiders seinen: "Wy hingje." En dat dienen se ek, ynpleats fan mei to helpen. Hearke krige it...
nl.verhalenbank.21860
Us heit hie de twaddedeis-koarts krigen yn Grypskerk op 'e klaei, dêr't er by de boer arbeide hie. Hy koe dy kwael net wer kwyt wurde, ek net doe't er wer nei Grypskerk tagong. Hwant it sizzen wie altyd, dêr't men de kwael skipe hie, moest men der ek wer fan forlost wurde. Hy mastere mei allerhande dokters, wol seis jier lang. Mar baet foun er net. Doe...
nl.verhalenbank.15509
Guon gongen froeger wol nei in swarte spegel. Dêr koenen se yn sjen hoe't de frou der útseach, dêr't se mei trouwe soenen.
nl.verhalenbank.34538
Der wie in faem, dy moest altyd sied bine op 'e bou. Dat gong dei út dei yn. Dêr krige se skjin har nocht fan. Doe sei se op in kear: "Al sil de duvel my ek helpe, it sil moarn dien." Doe kom der de oare deis in man by har, dy holp har. Hy sei: "Hwastû moarn foar it earst bine silste, dat is foar my." Sy kom dy deis folle gauwer thús as oars. "Hoe sit...
nl.verhalenbank.27222
Yn Villa Nova oan diz kant Ljouwert is een great hek. As se dat jouns ticht dienen wie it de oare moarns altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.27220
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen setten de lju de toffels achterstofoar foar 't bêd del.
nl.verhalenbank.27988
In grêfstien sei tsjin 'e dokter: "Dokter, dû hast my forjown." "Dan hastû, âlde duvel to min hawn", sei de dokter fuort dêrop. Hy kriget syn pistool en sjit.
nl.verhalenbank.23640
As de fûgels bot raesden, kaem der in deaden. As de eksters skatteren ek. As in spoekhoun lûd joech ek.
nl.verhalenbank.23641
Myn frou har twadde heit en dy har mem wie us yn Twizel, by lju. Doe seach se dêr ynienen in kiste stean. In pear dagen letter stoar de man dêr. De kiste kom op itselde plak to stean dêr't se him earder sjoen hie.
nl.verhalenbank.27631
Yn Kollumersweach roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy spoeke dêr. Guon wienen dêr bang foar. Ek achter Bûtenpost, yn Egypte, roan sa'n fôlle mei in brijpot.
nl.verhalenbank.27989
De earste winters fan ús trouwen wennen wy yn Drachtster Kompenije. It wie noait liker as wienen dêr nachts altyd hynders yn 'e skuorre. 't Wie in helsk lawaei. Sahwat om tsien ûre bigong it. De boel wie dêr forsward en forflokt. De minsken dy't dêr earder wenne hienen, hienen dêr freeslik raer leefd. Op in kear bin ik der hinnegong op in joune om tsien...
nl.verhalenbank.27221
Der wie in fanke, dat siet yn 'e skoalle. Doe frege master har, dy't oer de bibel oan 't fortellen wie: "Wie heeft de wereld geschapen?" It fanke sei: "Ikke niet." Doe bigongen alle bern to laitsjen. It fanke tocht, dat se 't forkeard sein hie, en dêrom forbettere se it gau. Sy sei: "Ikke, maar ik sal 't nooit weer doen."
nl.verhalenbank.23053
Us heit kom us in kear fan Reahel. 't Wie sahwat twa ûre yn 'e nacht. Hy tocht: "Heden, dêr komt in man oan. Dy hat grif in sekfol hout stellen." Sa like it krekt. Hy roan hwat dûknekkich. Hy kom lyk op heit yn. Mar doe't heit better taseach hie dyselde keardel hiele greate gleone egen, krekt as koallen fjûr. Doe is heit in stik of twa, trije ikkers...
nl.verhalenbank.23752
Auke Helmhout wie opperman by ús heit hjir yn Stiensgea. 't Wie in raer feint. Hy wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema en roan altyd hinne en werom nei it wurk ta. Op in kear roan er wer nei de Smoarhoeke ta werom. 't Wie joun. Der wie net in minske warber. De hiele Smoarhoeke wie leech. Mar der siet hwat achter him oan. Dat fornom er skoan. Mar hy koe...
nl.verhalenbank.33555
Wienen der bern bitsjoend dan gong men wol nei Greate Wopke ta.
nl.verhalenbank.37096
By de Bosk yn Stiensgea spoeken wite froulju. Guon ha se wol sjoen. Dan naeiden se hurd út.
nl.verhalenbank.27656
Fan sawn famkes út ien gesin is ien in nachtmerje, seit men. Nachtmerjes komme troch 't slotsgat yn 'e hûs en knipe de minsken de hals ticht. Dan krije se 't binaud.
nl.verhalenbank.36798
35