Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 't sket fan 't hûs fan 'e Batema's op 'e Mûzegroppewei sit in planke mei bloedplakken. Dêr is yndertiid in moard gebeurd. De plakken woenen der net út.
nl.verhalenbank.36169
Us heit komt fan Jistrum. Hy fortelde, hy stie ris in kear op in jountiid bûtendoar mei oar jongfolk, doe hearden se hiel dúdlik dat de minsken yn 'e tsjerke oan 't psalmsjongen wienen. En der wie dòch net ien yn.
nl.verhalenbank.28369
Wurdt der in twilling geboaren, en dat is in jonge en in fanke, dan is de jonge in wjerwolf. Sa'nien kriget gjin bern.
nl.verhalenbank.36180
As it hurd waeide en der wienen hege baren op 'e Mar (= Burgumer Mar), dan wienen de wite wiven warber, sei heit.
nl.verhalenbank.28396
Heit hat wol faek sein, dy't bigroeven woarde sûnder in deadshimd oan, dy oppenearre him letter wer.
Ek hwannear't men de skûteldoek, dêr't de deade mei wosken woarde ensa net mei yn 'e kiste die, dan krige de deade gjin rêst.
nl.verhalenbank.28382
By de Sawn hûskes ûnder Eastemar stie in hûs dêr koenen se de doarren net ticht fan hâlde. (dit woarde har meidield troch har omke Piter Ophuis, dy't to Eastemar wenne en arbeider wie op in pleats tichte by de Sawn hûskes).
nl.verhalenbank.12355
Trape men op in pod, dan kom der tonger.
nl.verhalenbank.28383
In wikseldaelder komt fan 'e duvel. Dy't ien hat hat noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.36181
Myn swager hat in jonge, dy is mei de helm geboaren. Hy sjocht de dingen dy't gebeure sille nou en dan fan tofoaren. Op in kear doe wienen myn swager en 'e frou fuort. Doe't se thús kommen, sei er: "Hjir hat hoed ek in frou by de doar west. Dy seach der sa en sa út. Trije kear hie se der west. Mar sy wie der yn werklikheit net west. De oare deis kom se.
nl.verhalenbank.28368
Foardat ús Marten stoarn is, wienen it allegearre eksters by ús om 'e doar hinne. Ik ha der doe gjin acht op slein, mar even letter hat hy it ûngelok krigen.
Doe't Marten dea wie, hâldde de kanarje him stil. Hy hat nei dy tiid net wer sjonge wold.
Doe't ús heit stoar, gong ien fan 'e katten by him op 'e kiste sitten. Jagen se him der wei, dan wie hy der...
nl.verhalenbank.28378
Ik ha faek heard dat de tsjerne yn 'e nacht troch gong - dat dat sein woarde, en ek dat se yn 'e nacht de kloppen fan 'e flaljes hearden.
nl.verhalenbank.28393
Alde frou Reitsma fortelde ek noch, op in kear wie se op 'e fyts nei har dochter ta, dy't yn Rinsumageast wennet.
Doe't se dêr oankaem hie se sein: "Nou ha 'k ûnderweis in lykstaesje sjoen. Ik woarde fan 'e wei ôfdrukt."
Hja fortelde oan har skoandochter Roas: in eintsje fan har ôf wenne in jonge, dy wie hiel bot siik. De minsken seinen, hy koe net wer...
nl.verhalenbank.28387
Alde Tamme Hooijenga dat wie de heit fan Jelle Hooijenga. Dy wenne op Sumarreheide. Dy fortelde dat hy wie ris tichte by de âld tramwei west - mar der wie doe noch gjin tram - doe hearde hy klear in fluitsje. Dat wie it fluitsjen fan 'e lettere stoomtram.
nl.verhalenbank.36026
As ien froeger dronken de Swarte Wei lâns kom, dan stie dêr ien en dy smiet him. Dat wie de kweade.
nl.verhalenbank.20888
Op Skûlenburch, is 't sizzen altyd, rint nachts in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.36032
Der wie ris in doomny dy wenne mei syn húshâldster yn in doarp. De pasterije stie hwat achterôf.
Op in joun kom dêr in man by de doar, dy frege of er dêr dy nachts ek sliepe koe. En hy woe ek graech hwat to iten ha. De doomny wie in guodlik man. De fremde man mocht der yn komme en der woarde him iten en drinken foarset. Dat smakke him lekker.
Hja praetten...
nl.verhalenbank.36033
Sterke Hearke mat yn Droegeham wenne ha. Der kom ris in kear in man by him. Doe wie Hearke krekt op it lân oan 't ploegjen.
Dy man frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?"
Doe tilde Hearke de ploech op en krige him by de sturt beet. En doe sei er: "Dêr wennet er." Hy wiisde it sté mei de ploech oan. "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.36027
Frou Reitsma sei, de septembermaend (69) soe in hiele rûzige maend wurde.
nl.verhalenbank.28386
Ierdmantsjes wennen yn in holle beam. Koe men it wurk net oan, dan sei men: "Nou hoop ik, dat de ierdmantsjes my helpe."
nl.verhalenbank.28392
Yn Hurdegaryp by in slot stiet in hekke, dy giet altyd fansels iepen. Dogge se him de jouns ticht, ek al is it mei swiere kettings, de oare moarns stiet er fêst iepen.
Guon ha der de wacht wol by hâlden. As se even net seagen gong de hekke wylst wer iepen.
nl.verhalenbank.28379