Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster dêr net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.27811
Op it slot en it loantsje en de kamp yn Stiensgea spoeke frou Wikel.
Saekje mei de kape tsjoende ek yn Stiensgea.
nl.verhalenbank.23646
Yn Surhuzum wennen de Kloostermannen. Dat wienen earst rare. Dat wie om 't oare wurd bliksem, duvel, ja en noch folle slimmer. Twa bruorren Kloosterman kommen ris togearre út 'e kroech. 't Wie op in joune let. Sy gongen elk in kant út.
De iene forflokte ûnderweis God en syn gebot. Hy roan in stik lân del om thús to kommen. Doe woarde er ynienen mei syn...
nl.verhalenbank.23861
Yn Surhuzum wennen froeger in stik of hwat manlju die sieten wol gauris yn 'e kroech. It wienen guon, dy joegen nergens om. Op in joun sieten se wer by IJe Hulshof yn 'e kroech. Doe seinen se: "Sille wy hjir meiïnoar it Heilig Avondmael ris hâlde?"
Ien lêsde it avondmaelsformulier foar en dielde bôlle en wyn út. Mar sy binne raer thúskom.
Ien fan dy...
nl.verhalenbank.23860
Master Veenstra fan Stiensgea fortelde us:
Ik wie noch in jonge man. Us mem wie widdou.
Doe roan ik us by de Feanster feart lâns. Dêr lei in wenskipke, dêr't in âld man yn wenne.
Der kommen rare gelûden út dat wenskipke wei.
Letter is dêr in âld man oerfallen, doe woarden dyselde rare lûden heard. 't Wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.23647
Trapet men op in pod dan begjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.27810
Oan dizze kant Drachten wenne in faem by de boer, dy gong der yn 'e nacht altyd ôf. Dan gong se nei de dobbe ta om wetter to heljen en dan bigong se to dweiljen. Sy moest dan earst oer in feart hinne, dêr't in planke oer lei. Hja die 't yn 'e sliep.
Der wenne ek in feint by dy boer, dy hie syn nocht dêr fan. Hy woarde der nachts wolris wekker fan, as er...
nl.verhalenbank.27637
Hy wie arbeider by Bindert Japiks. Dy hie in stik lân, dat wie tige sompich. Dêr hied er wol us fé yn rinnen. Op in kear rekke der in koe yn 'e sompe. Dy siet sa fêst as in hûs.
Alde Bindert Japiks sei tsjin Hearke: "Wy matte dêr hinne. Matte wy ek in hynder meinimme om dy koe der út to skuorren?"
"Dat hoeft net," sei Hearke, "dat rêdde wy sà wol op."...
nl.verhalenbank.21859
De boer en syn frou dy soenen togearre to praten.
Se hienen in papegaei. De frou sei tsjin 'e papegaei: "Tink der goed om, hwat der yn 'e hûs gebeurt."
De feint en de faem moesten hûswarje.
Doe't de boer en de frou fuort wienen, sei de faem tsjin 'e feint: "Sille wy 't hjoed us bêst ha?"
"Dat is my tige bêst," sei de feint, "my tinkt, dan moesten wy mar...
nl.verhalenbank.23055
As wy froeger eksters om 'e doar hinne hienen, sei ús mem:
"Hè, dêr komt wer in sterfgefal tichteby." Hja wie der fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.34529
Earebarren jowe hier foar it nêst dêr't se op wenje. Sy smite in jong der út. Dat is foar de eigner fan 't hûs. De eigner kin it jong sa faek wer yn 't nêst bringe as er wol, sy smite it der doch wer út. Sy nimme it net wer oan.
nl.verhalenbank.27227
Yn Ingwierrum stiet in âld boerespultsje. Dêr lei in gracht omhinne. Der is in ûnderierdske gong, dy rint fan 'e herfoarme tsjerke nei dat spultsje ta.
nl.verhalenbank.27223
Wy wennen froeger yn it húske, dat nou krekt ôfbrutsen is. It stie by de brêge, tusken Stiensgea en de Hamster Pein yn. Hwat yn 'e lichte. Dêr bin 'k geboaren en dêr ha 'k oan 1903 ta wenne.
Wy hienen dêr in stuoltsjeklok.
Wy slepten yn bêdsteden. Yn 't iene slepten heit en mem en ik slepte mei in pear bruorren yn 't oare. Der slepten ek noch guon achter....
nl.verhalenbank.21849
Yn Droegeham sieten us in keppeltsje manlju yn 'e herberch. Dy't it lûdste en it measte sweare doarst, dy soe in flesfol jenever ha. Dat sprutsen se mei elkoar ôf. Sjoerd woan it. Mar hy is letter yn 'e Mieden sa ôftichele woarn, troch in ûnbikenden-ien, dat hy wie alhiel sangene blau. Dat wie de duvel dy't dat die. Sjoerd is noait wer better woarn en hat...
nl.verhalenbank.15508
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op it Bomkleaster.
Rienk van der Meer wie dêr ek. Dy fortelde, sy hienen ris in kear sân helle fan Droegeham. It sân moest tusken de plaets en 't hok yn. Dêr koenen de hynders net tusken. It sân moest dêr lege wurde, dat de wein moest dêr hinne. Hearke gong oan 't tiksel stean en luts it weinfol sân yn 'e gloppe. De...
nl.verhalenbank.27633
Der wie ris in boerefeint, dy sei: "Ik bin foar de duvel net bang."
De jouns moest er it hynder yn 't lân bringe en doe gong er oer in planke werom. Dy planke lei oer in feart.
Hy hie de teugel yn 'e hân. Doe siet dêr op dy plank in wyt ding.
De boerefeint sei: "Ut de wei!", mar dat ding forroerde him net. Doe joech dy feint dat ding in klap mei de...
nl.verhalenbank.37408
Men moast de toffels nachts net foar 't bêd sette; die men dat, dan roan der nachts ien yn om, sei beppe.
nl.verhalenbank.23643
De nachtmerjes dogge flechtsjes yn 'e moanjes fan 'e hynders. It binne froulju, sizze se. Dy bringe de hynders yn ûnstjûr. Mar soks meitsje se my net wiis.
nl.verhalenbank.23858
Hearke wie arbeider op 't Bouwekleaster. Hearke koe net bêst mei hynders omgean. As der dong laden wurde moest wie dat Hearke syn wurk altyd, in oaren ried. Op in kear hied er krekt wer in wein laden, doe koene de hynders gjin skrep krije. Sy koenen de dong net lûke. Doe sei Hearke tsjin deselde dy't ried: "Och, doch de hynders der even foar wei." Doe...
nl.verhalenbank.23864
In kammeraet fan my hat us in pleachbeest njonken him hawn. Hy roan op in joun allinne. Der kom in grouwe houn by him, dy roan deun tsjin him oan. Doe't er yn it doarp wie yn 'e buorren, gong de houn wer fuort.
nl.verhalenbank.23865