Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
65 datasets found
Place of Narration: Marum
As in houn spûkgûlde wie der binnen sa'n tiid in deaden.
nl.verhalenbank.38675
Minderts Tryn fan 'e Grinzer Pein sei us op in kear: "Sjoch, der brânt in hûs op." It wie it hûs fan Bareld Slotegraaf yn de Pein. Doe't se better taseach, brânde it net. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.27345
Dy't mei de helm geboaren is sjocht bigraffenissen foarút. Sokken matte út bêd wei om se to sjen. Likele Kuipers wie ek sa'n man. Dy wist fan tofoaren as der ien stoar, seinen se. Hy wenne to Grinzer Pein oan 'e Skieding.
nl.verhalenbank.27351
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske en kom troch 't slotsgat by de minsken. Fan sawn dochters wie de jongste in nachtmerje. Men moest de toffels noait sa stean litte as men der útstapte. Oars stapte de nachtmerje der yn.
nl.verhalenbank.27350
Jierren foardat de tram kom seagen de minsken yn Grinzer Pein ljochten troch de lange Bosk gean. Sy wisten doe net hwat dat wie, mar doe't letter de tram kom, wisten se dat it foartjirmerij west hie.
nl.verhalenbank.27344
Om 'e Skieding hinne spoeken wol wite wiven. Guon hienen it dêr net op stean.
nl.verhalenbank.38674
In Opende is 't gebeurd dat mensen in de lucht een geluut als van een tram hoorden. Maar die was der toen nog niet. Korte tijd daarna kwàm die tram er.
nl.verhalenbank.27839
Piter Scheper fan Luchtenveld en nòch in man roannen us togearre op in nacht oer de wei. Ynienen gong Piter oan kant. Mar de oare man makke in nuvere gisel. Doe't dat gebeurd wie, sei Piter tsjin him: "Wytst wol hwerst nou by opkom biste?" "Né", sei de man. "Dû bist fóár by de lykwein opkom en achter bist der by delknoffele."
nl.verhalenbank.27352
Us mem fortelde dat se yn Drachtster Kompenije wolris timmerjen heard hie en planken forgoaid. Letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.27346
Nei sinneûndergong mat men noait op in tsjerkhôf komme, oars gebeure der ûngelokken.
nl.verhalenbank.27347
Ik wie ûnder tsjinst. Doe wie dêr in keardel dy koe in flesse drank komme litte mei in spylkaert. Hy soe de kaert fuortstjûre en in oaren moest de flesse drank oankrije. Mar doe woarde dy oare bang en krûmde der foar om. Doe is 't net troch gong.
nl.verhalenbank.27353
Wie sa'n foech kwajonge en wy wennen by de Skieding. De minsken seagen doe de jouns en de nachts allegear ljochtsjes. "Hjir komt straks in trein lâns", seinen se. (In tram wie ûnbikend) Mar it woarde in tram. Sy seagen it jierren fan tofoaren.
nl.verhalenbank.38667
In tsjoenster foroaret har wol yn in kat, mar ek wol yn oare dieren.
nl.verhalenbank.38673
Halbe Scheper, sa fortelde mem, hat ris in kear in foer dong út it skerngat lutsen. Twa arbeiders wienen oan 't laden. De twa hynders hienen de stront der net útlûke wold. Doe hie Halbe de hynders der foar weispand en hie de wein by 't tiksel beet krige en him sa der út lutsen. Wylst hongen de beide arbeiders ek noch yn 'e tsjillen om him tsjin to...
nl.verhalenbank.27357
Durk Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten. Dy wie ûnfoege sterk. Hy luts samar in foer hea allinne. Ek us in kear doe ried er mei in dikke Arendsploech (tige swier) oer 't skouder op 'e fyts nei de smid ta.
nl.verhalenbank.27356
Myn mem hie in suster, dat wie doe noch in famke. Sy sukkele. Sy tochten: Miskien is 't bern wol bitsjoend, dat doe sette pake op in kear nei de duvelbander ta. De duvelbander sei: "Jimme matte ris yn 't kessen sjen, dêr't it bern op leit. Dêr sille jim krânskes yn fine. Dy matte jimme forbrânne en dan matte jo mei 't gewear bûtendoar stean gean. Dan komt...
nl.verhalenbank.38672
Rikele Myt wenne tsjin ùs oer oan 'e Skieding. De bern woarden allegear warskôge, sy mochten neat fan har opite, oars woarden se bitsjoend. De lju brûkten allegear duveldrek om har. Dat hellen se fan Drachten ùt 'e drogisterij fan David Flud. Dat wie in grapjas. Dan sei er: "Mat jo even wachtsje, hwant de duvel sit krekt op 'e pot, it is noch net klear."
nl.verhalenbank.38670
Sjocht men in lykstaesje foar middernacht, dan komt der gau in deaden. Sjocht men it nei middernacht, dan kin 't noch in hiel set duorje. Sa is 't ek mei wylde lantearnen en ek mei timmerjen ensa.
nl.verhalenbank.27354
Dy't yn in swarte spegel seach woarde it portret fan syn takomstich wiif gewaer. As er net trouwe soe krige er in deakiste to sjen. Sa'n swarte spegel stie op 'e merken yn in tinte. De minsken moesten achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.27368
In wjerwolf wie in man of in jonge, dy't noait sêd koe. Hy iet samar twa poun spek op mei fiif kop jierpels der by en in panne fol brij achteroan. En dan wied er nòch net sêd. In wjerwolf is de jongste fan sawn jonges.
nl.verhalenbank.27369
35