Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der siet hwat jongfolk by elkoar yn 'e herberch. Der wie ek in polderjonge by. "Ik bin foar de duvel net binaud", sei er.
"Dat sille wy nochris sjen", tochten de oaren. Doe seinen se tsjin him of er wol yn 'e nacht, om tolve ûre nei 't tsjerkhôf ta gean doarst en dêr út it knekelhúske in deabonke helje.
Dan soed er in tientsje ha as er dat die.
"Dat nim...
nl.verhalenbank.28466
Master is de bern yn skoalle oan 't learen. Hy seit: "Jonges, ûnthâld dit goed: de noas ha wy om to rûken en de fuotten om to rinnen!"
Der wie in jonge, dy siet foaroan, dy twivele der oan as dat wol wier wie. Master fornom dat en sei: "Bist it dêr net mei iens, Jan?"
"Né master", sei Jan.
"Kinst der wol in forklearring foar jaen?" frege master.
"Jawol...
nl.verhalenbank.28076
't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Ik droomde, ik wie stoarn en sy brochten my nei 't tsjerkhôf. Ik seach àlles wol. Ik seach dat se myn lichem oan 'e ierde tabitrouden. Mar myn siele gong nei de himel.
Op 't lêst wie ik yn 'e ûneinige rûmte en ik mar rinne en rinne. Doe kom ik ynienen foar in hiele greate skoudoar to stean. Dêr stie op: Hemel.
Der kom...
nl.verhalenbank.28467
De aep yn 'e tonne.
Der wienen in faem en in feint, dy gongen togearre nei stêd ta. Dêr fregen se by in herberch, of se dêr de nacht oerbliuwe koenen. De kastlein sei: "Wy sille sjen of wy it foarinoar krije kinne." Hy wiisde harren in sliepkeammerke oan.
Der wie ek in aep yn dy herberch. Dy wie lestich, en makke nochal hwat spektakel, dat de kastlein...
nl.verhalenbank.28075
In boer en in frou út Boarn (= Oldeboorn) kommen yn Ljouwert. De frou moest in nije mantel ha. Sy kommen yn in greate winkel. Doe sei dy frou tsjin har man: "Foardat ik bigjin to passen mat ik eins earst even to pisjen."
"Nou," sei de man, "dan freegje wy even, hwerst' dan wêze maste."
Ien fan 'e winkelfamkes gong mei en wiisde har it plak oan. Hja hie...
nl.verhalenbank.28074
Yn Ljouwert wenne in boekhâlder. Dy man forsliepte him de moarns hwat. Hy luts him ien, twa, trije gau hwat oan, grypt syn tas en dat wie de stap der ûnder nei 't kantoar ta. Mar mei 't oanklaeijen wie 't hwat fluch gong, dat de gulp stie noch iepen.
Der kom in juffer oan, dy sei: "Mijnheer, uw kantoordeur staat open."
"Dat hindert niks, juffer," sei er,...
nl.verhalenbank.28464
Der wie in boer dy hie in stik greidlân, dat lei gâns in ein fan hûs en sa hied er ek in stik bou, dat fierôf lei.
It greidlân hied er in kuilbult op sitten. Op in kear stjûrde dy boer de feint dêrhinne om in foer kuil to heljen en as er dat op 'e wein laden hie, dan moest er even nei de bou ta ride en helje de cultivator op, hwant dy wie dêr stean bleaun...
nl.verhalenbank.28071
It Nau, dat is in tige smelle strjitte yn Ljouwert, flak by de Wirdumerdyk.
It gebeurde yn 'e tiid, dat de froulju hiele greate huodden droegen mei in huoddespjelde der yn. Op 'e punten fan dy huoddespjelden draeiden se in dopke.
Der kom in man oanstappen, dy hie oan elke hân twa bern.
Fan 'e oare kant kom der in dame oan, dy hie sa'n greate hoed op mei...
nl.verhalenbank.28463
Yn Switserlân hat men de adelaers op 'e bergen. It gebeurde dêr ris in kear dat dêr in fanke ûnderweis wie, dy moest even nei de stêd ta. Hja hearde ûnderweis ynienen in gerûs yn 'e loft en doe't hja seach, doe wie dêr in adelaer.
It wie dêr tige waerm en sy hienen dêr net de gewoante in broekje to dragen. It gesûs kom tichterby en hja tochte: dy adelaer...
nl.verhalenbank.28073
Der wenne in boerke yn Hoarnstersweach, dy stie der finansieel net sa bêst foar. Hy frege in lytsfeint en dy krige er.
Dy jonge wie dêr in skoftsje, doe gong dêr in barchje dea by dy boer. De boer tocht: "Ik slachtsje dat barchje, dat komt net yn 'e groun. Dat kinne wy wol meielkoar opite."
Hy slacht it en hja bihimmelen it meielkoar. Sy ieten der lekker...
nl.verhalenbank.28462
Yn Dútslân wenne in boer, dy hie in mot mei biggen. Op in kear, doe woe de boer mei de feint it bargehok skjin meitsje, doe moest dy mot der even út. De boer liet de mot bûtendoar rinne. De feint sei: "Rint dy baerch net fuort?"
"Welné," sei de boer, "dy baerch bliuwt hjir wol, dy wol net by syn bichjes wei."
Mar dêr wie dy boer mis mei, hwant de baerch...
nl.verhalenbank.28175
De hygienische broodbezorger.
Der wie in bakker, dy gong by de streek to suteljen en sa kom er ek by in frou yn 'e hûs. Hy hie in eintsje byntjern ta de gulp út hingjen. De frou seach dat wol, mar hja praette nergens oer. Mar op in kear koe se har nijsgjirrigens net langer bidimje. Doe sei se: "Jo ha dêr altyd in eintsje byntjern ta de gulp úthingjen....
nl.verhalenbank.28174
Der wie in jonge, dy roan op 'e wei mei twa moaije apels yn 'e hân. Doomny kom him achterop. Dy sei: "Hwat hastû dêr in pear moaije apels, jonge. Dêr soe 'k wol ien fan meije."
De jonge sei: "Asjebleaft, doomny." En doe joech er doomny in apel. Doomny biet der fuort yn en bigoun der fan to iten.
Mar de jonge hellet it mes ta de bûse út en bigjint syn...
nl.verhalenbank.28176
Der wie in koalehandeler, dy hie brantstof levere oan in boer. Doe't er mei 't rekkentsje kom, wie de boer krekt yn 't haeilân. Hja hienen 't iten noch mar even op, dat de frou sei: "Ik ha noch gjin thé klear, mar jo krije in buorrel."
"Dat kin wol," sei de koalehandler, "mar dan matte jo èk ien nimme, hwant ik wol hjir allinne net sitte oan 'e buorrel."...
nl.verhalenbank.28173
In jongfeint kom us yn 'e fiskwinkel; hy woe graech foar in goune bokkens ha. "As 't jo 't selde is," sei er tsjin 'e winkelman, "woe ik graech allegearre wyfkes ha."
"Dat kin ik noait sjen," sei de winkelman, "mar as jo safolle mânsk binne, gean jo gong mar en sykje út."
De jongfeint wiisde se oan en de winkelman pakte se yn. Doe't de jongfeint bitelle...
nl.verhalenbank.27703
Froeger wie 't yn Dútslân sa, de tsjerke stie dêr ûnder 'e steat. Op in plak gebeurde it dat dêr in nije doomny syn yntré die. Doe't er dêr in skoftsje stien hie preke er dat der wie gjin opstanding.
Dêr hied er it raer mei bidoarn. De hiele tsjerkerie gong nei de burgemeester ta en sy seinen: "Dy doomny wolle wy slite, hwant hy hat sein dat der gjin...
nl.verhalenbank.28179
Der wienen trije sjouwersmannen, dy sjouden sekken mei moal út in skip wei. Doe't dat karwei dien wie gongen se alle trije moai oan 'e kant fan 'e Rijn lizzen. Doe kom dêr in mynhear foarby stappen. Dy frege: "Hwa fan jimme trijen is de luiste? Dy krijt fan my in mark."
De earste stapte oerein en sei: "Ik bin de luiste."
De twadde gong sitten en sei: "Ik...
nl.verhalenbank.28178