Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wilde men een nachtmerrie vangen, dan werd der wat meel op 'e stoel foar 't bed smeten. Dat plakt vast, dan kan se niet fotkomen en dan komt se niet weer.
Eén van zeven dochters, werd der seid, doar was altyd een nachtmerrie bij.
nl.verhalenbank.27318
Een nachtmerje, dat kon een man of een vrouw zijn. Was 't een vrouw dan kwam se bij mannen, was 't een man dan kwam hij bij vrouwen.
As je sliepen, dan kwam ze. Ze kwam bij je liggen als man of vrouw. Werd je wakker, dan was alles weg. Ik heb er nooit een gezien. Wanneer ze kwam hoorde je op de deur kloppen. Ik hield de deur altijd op slot.
As je op de...
nl.verhalenbank.37993
Us Tryn hie in fleartûke by 't bêd fanwege nachtmerjes.
nl.verhalenbank.25986
Om in tsjoenster to kearen leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol lei men in fleartûke oer de drompel.
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje.
Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.38006
In nachtmerje wie in frommeske, dat troch 't slotsgat gong. 't Wie faek in âld-wyfke.
Om gjin lêst fan in nachtmerje to hawwen die men duveldrek op 't boarst. Men sette ek de toffels achterstofoar foar 't bêd.
nl.verhalenbank.26989
Nachtmerjes kin men oankommen hearre.
Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes fan 'e hynders. Dat ha 'k wol ris sjoen. Wol men der gjin lêst fan ha, dan mat men in wiete dweil foar 't bêd lizze.
nl.verhalenbank.25946
Wy ha op 'e Noarder Dwarsfeart wenne to Drachten. Ik wie doe noch in jonge. Wy wennen yn in hûs, dêr spoeke it. Dêr woe net ien yn wenje.
Op in kear doe leinen wy op bêd. Heit en mem slepten yn in bêdsté yn 'e keamer. Doe kom der hwat op it bêdsbuordtsje springen. 't Wie in nachtmerje. Heit krige him topakken. 't Wie krekt in dier. 't Wie glêd. Hy tocht:...
nl.verhalenbank.24116
Yn Drachtster Kompenije wennen twa âlde minsken, dy frou hie faek lêst fan in nachtmerje. Sy hienen in drompel, dy wie hwat forsakke. Dêr kom de nachtmerje mei de kop ûnder 'e doar troch. Op in nacht stie de âld man mei de kneppel ré. Hy tocht: nou sil 'k dy leare myn wiif to pleagjen.
Doe't de kop fan 'e nachtmerje to foarskyn kom, sloech er ta. 't Wie...
nl.verhalenbank.24117
Sy ha in nachtmerje wolris fangd mei moal. As se moal oan har hat, kin se net fuortkomme.
Sy komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. Sy giet ek wol nei de hynders ta. Dan is 't hynder alhiel oerstjûr. Sy makket de hynders wol flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.24115
Fan sawn dochters is ien in nachtmerje. In nachtmerje giet troch 't slotsgat.
Men die duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie ek om de tsjoensters to kearen. Se hienen ek altyd duveldrek ûnder 'e bargebakken.
Skoanheit helle de duveldrek fan David Flud fan Drachten (= D. de Vrieze). Dan sei er: "Ik mat in duvelspoepke ha."
"Even wachtsje," sei David Flud...
nl.verhalenbank.26908
Fan 'e sawn bruorren is ien in wjerwolf.
" " " susters " " " nachtmerje.
Hat men in hoefizer oan of boppe de doar hingjen, dan kin men de nachtmerje keare. Men kin ek de hoazzen of sokken krúslings foar 't bêd lizze.
nl.verhalenbank.16124
Ik haw yn 't sikenhûs lein. Der lei in wyfke njonken my, dat wie in nachtmerje.
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje, sizze se, en ien fan sawn jonges is in wearwolf.
De nachtmerje komt troch 't kaeisgat. Sy struiden wol moal op 'e stoel dy't foar 't bêd stie, om de nachtmerje to kearen. Sy setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan.
De...
nl.verhalenbank.26021
Alde Sierde Wytske (^), de frou fan Sierd Polderdyk - = S. de Vries (^) - fortelde my:
Myn soan wie ûnder tsjinst. Hy sliepte yn 'e hynstestâl. Hy hie dêr wacht. Hy gong yn 't strie lizzen. Doe kom der in nachtmerje by him. Hy soe har krije.
"Hwat soestû, duvel?" sei er tsjin har.
Mar dat wie mis. Dat hied er noait sizze matten. Hwant doe pakte de...
nl.verhalenbank.21102
Ien fan sawn susters wie in nachtmerje, seinen se altyd. Sy kaem troch 't kattegatsje yn 'e hûs. Dan rommele se earst yn 'e klompen om.
As men fornaem dat se kom, en men koe jin forheffe, dan gong se wer fuort.
Om har to wearen lei men in stikje brea of duveldrek ûnder 'e drompel of men sette in krús foar de strjitte. Ek die men wol in lyts pûdtsje mei...
nl.verhalenbank.19503
Ik hie sèls àl sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Doe sei myn man op in kear tsjin my: "Ast de nachtmerje nou wer fornimst, dan mast my warskôgje. Dan mast my in stomp yn 'e side jaen."
Dêr kom de nachtmerje wer oan. Ik joech Sierd in stomp yn 'e side en doe is hy sa bot bigong to slaen, dat hy sloech de nachtmerje dwars troch de ûnderlegers hinne.
De toffels...
nl.verhalenbank.21103
Een nachtmerje was een vrouw. Van zeven op elkoar volgende dochters was er één een nachtmerje. Ze kwamen deur 't slotsgat in huus.
Mijn broer Piter had der wel us last van. Hy strooide wat rogge op 'e stoel foar bêdde. (It bennen ook wel eens kerels, dy bin nog slimmer)
nl.verhalenbank.23966
Ik kaem to wenjen by de Slingerwei ûnder Drachten. Njonken ús wennen in man en in frou en twa bern. Ik wie widner. Myn frou hie earder troud west en dy har jonge haw ik greatbrocht. Wy slepten yn 't selde bêdsté. Op in kear leinen wy op bêd, doe stompte de jonge my oan.
"Hwat is der?" sei 'k.
"Der stiet in frommes oer 't hûs", sei er.
It wie in...
nl.verhalenbank.24114
In nachtmerje wie meastal in frommeske, mar inkeld in man.
Yn 'e Mieden achter de Pein, achter de Keale Wei, dêr hâldde in nachtmerje ta. Sy siet nou hjir yn en dan dêr yn, it meast siet se yn 'e stamme fan in holle wylgebeam.
Sy kom by de minsken, dan gong se fan achteren troch 't bargedoarke. Dêr hie se mear rûmte as troch 't slotsgat, sei se. Hja sei...
nl.verhalenbank.27149