Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us beppe hie har de maeijes yn Oerterp as faem forhierd by in boer. Pake Harm hie doe al forkearing mei har. Op in snein-to-joun soed er nei har ta. Hy moest oer in planke hinne. Mar de minsken warskôgen him.
"Dêr matte jo noait oerhinne, hwant dan fordrinke jo," seinen se. Forskate lju binne dier al forsûpt. De kweade sit dêr en dy past op as der guon...
nl.verhalenbank.17571
Yn Aldegea roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. Guon dy't de reden delgongen by de Opperbuorren ha him wol sjoen. Mar hy die net ien kwea.
nl.verhalenbank.11552
Op 'e Hearrewei roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.15806
Foaroan op 'e wei nei Aldegea ta roan froeger altyd in frou mei in wite mûtse op. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.15808
Yn Olterterp by 't Godloas Tolhek spoeken altyd twa om. Dat wienen de adfokaten. De minsken koenen dêr gâns hinder fan ha. Doe ha dêr twa boeren hinne west mei in boerewein, mei twa hynders der foar. En dy ha dy beide spoeken op 'e wein set. Doe binne se mei dy spoeken fuortriden. Mar it ried ôfgryslike swier. De hynders koenen it hast net lûke. De boeren...
nl.verhalenbank.11551
Oerpake Jan (dat wie ús mem har pake Jan Willems) wenne yn Garyp. Hy mocht tige graech in slokje en dêr hie syn folk thús in hekel oan. Hy kaem dêrtroch foek let thús. Sy tochten: dat maate wy him ôfleare. Dat, doe 't er op in joun let us wer nei hûs ta soe mei in stik yn 'e kraech, woenen se him bang meitsje ûnderweis. Sy tochten: Dan doart er tonei...
nl.verhalenbank.17573
Oan 'e Spoekloane by de Dwarsfeart doogde it net. Soms gebeurde it, dat de hounekarre in hiel ein optild waerd en troch de loft gyng.
nl.verhalenbank.11536
Yn 't westen fan Aldegea, yn Opperbuorren, wenne in minske, dat hie har lytse bern forlern. Dy lytse bern waerden yn 'e tún bidobbe. Letter spoeken dy bern dêr om.
nl.verhalenbank.11525
Op 'e Sumarreheide spoeken trije neakene froulju mei lang hier. Der wie in man dy moete harren. Hy roan hurd fuort, mar de froulju setten achter him oan en se woannen op him. Doe bigong er noch hurder to rinnen. Doe't er thús wie koed er net mear. Hy foel op in stoel del en it swit stroomde him as wetter by de holle del.
nl.verhalenbank.11550
Op in kear wienen der twa greate grouwe, gewante keardels oan 't meanen by de Headammen.
De iene dat wie Piter Tjeerdsma, de oare dêr wyt ik de namme sa net mear fan. It wiene keardels as beammen. Sy soenen de jouns nei har tinte ta. Doe seagen se dêr de Lange-Sleatterman by de tinte stean. Hiel dúdlik. Sy binne doe gau weromgong en ha bûtendoar yn 't...
nl.verhalenbank.11553
Myn skoanmem en myn skoansuster stienen by in hekke by de Gatten. Mem sei: "Der is noch ien fan Ielkefolk by de feart en 't wetter is sa heech. Hja kamen tichterby. Doe gong der ien skean foar harren lâns oer de wyk hinne nei 't tsjerkhôf ta. Dy sweefde. Syn fuotten rekken de groun net. Mem wie net bang. "Wy ha gjin kwea dien," sei se, "dan docht er ús ek...
nl.verhalenbank.11534
Op 'e Sumarreheide forskynde altomets in neaken berntsje by lju yn 'e groppe. In man, dy't dêr net wenne, seach it op in kear mei ljocht-moanne-waer. De heit hie it berntsje gjin bierklean jown, doe't it stoarn wie. Nou koe it berntsje de rêst net fine.
nl.verhalenbank.11486
Sy ha pake ek us bang meitsje wold doe kom er op in joune let de Sumarre Achterwei del. Dat wienen twa maten dy 't dat dienen, mar gjin fan pake syn folk. Dy wienen oan 'e kant fan 'e wei lizzen gong mei in âld jas oer har hinne en doe wie 't krekt as lei der in âld hynder yn 'e berm.
Doe 't pake dat seach, sei er: "Och, heden, hjir leit in âld hynder!"...
nl.verhalenbank.17574
Yn it hûs fan Thys Jansma op 'e Tike spoeke it altyd by nacht. Earst wie der in gerattel tusken de klompen en dan waerd der in deakiste by de leider opdroegen. En dat joech altyd in bulte gedinder en gerattel. De minsken gyngen der út to wenjen. Elk wie sûnt bang foar dat hûs.
nl.verhalenbank.11499
Yn 'e Wierren ûnder Nyegea ha ik en ús mem in man sûnder fuotten (= skonken) oer de petgatten en de heide hinne sweven sjoen. Us mem stie oars nergens foar, mar doe waerd se bang. It sweefde wer fuort.
nl.verhalenbank.11498
Neakene berntsjes
Op Semarreheide hawwe jongelju wenne, dy wienen stienearm. Earst kamen der gjin bern, mar doett se lang om let ien krigen, wie it dea. Doe't se wer ien krigen, kaam dat likemin libben te wrâld. Dat gong sa oan fjouwer kear ta. Dy minsken hienen mei lijen wat kleantsjes byinoarskarrele foar de earste, mar jild om in grêf op it tsjerkhof...
nl.verhalenbank.12183
Der wie jounpraterije by de boer. It gong der fleurich om ta en de praters woarden fol traktearre. De lytsfeint siet ek yn 't formidden. Dy woenen se bang meitsje. Se seinen tsjin him: "Dû krijst fan ús allegear in kwartsje, astû nou nei 't tsjerkhôf ta giest en in deabonke hellest út 'e bientsjekou."
De lytsfeint nom it fuortdaliks oan en gong op stap....
nl.verhalenbank.17570