Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Houtigehage
In wearwolf is in albegear, dy wol alles ha, dy hat noait genôch.
nl.verhalenbank.33102
Ut in húshâlding fan sawn jonges wie ien in wjerwolf. Yn 'e measte gefallen de jongste.
nl.verhalenbank.22037
By Sibe Boomsma wie in wjerwolf. Dat is ien fan sawn jonges.
nl.verhalenbank.24653
In wjerwolf is ien dy't net sêd kin. 't Kin neat skele hoefolle er hawn hat, hy kin altyd wol wèr ite. Ien út in húshâlding fan sawn jonges is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.31124
In wjerwolf, dat wie ien, dy koe noait sêd, dy friet altyd troch. As der acht jonges yn in húshâlding wienen, dan wie ien dêrfan in wjerwolf.
nl.verhalenbank.37796
In wjerwolf komt yn 'e nacht. Hy hat it foaral op bern bigrepen. Hy docht de bern neat, mar pleaget se allinne mar. De bern kinne dan net sliepe.
nl.verhalenbank.24308
As der acht jonges wienen, dy't op elkoar folgen yn in húshâlding, dan wie ien fan dy acht in wjerwolf. Dat wie ien dy't noait sêd koe, dy't neat fan ûnpas kom.
nl.verhalenbank.28045
Op 'e Boelensloane rint in pleachbeest skean oer it lân hinne, it sjocht der út as in dikke swarte houn mei hiele greate egen en earen. In keppel fammen fan Boelensloane roan us yn 'e rige it paedtsje del dat likernôch by it Blauhûs bigjint en sa de kant út giet nei 't Fean ta. Doe seagen se de wjerwolf. Hy roan flak by har lâns.
nl.verhalenbank.25178
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje. Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf. De nachtmerje heart men altyd wol oankommen. Ik forskou de klompen altyd, as ik der jouns ynkom. Ik set se noait rjocht njonken elkoar del.
nl.verhalenbank.25421
Der wie in faem, dy troude mei in wjerwolf. Hja hie in read baeijen rôk oan. Hy gong achter har stean en doe biet er hiel bot yn dy rôk. Hy hie de reade triedden fan it guod noch yn 'e kiezzen sitten. "Hast it wol sjoen?" seinen har âlden tsjin syn frou. Wjerwolven matte nou en dan bite, dat kinne se net litte. Fral yn read baei meije se graech bite.
nl.verhalenbank.25177
Fan sawn jonges is de jongste in wjerwolf. Yn Feansterheide wenne sa'n ien. Hy hiet fan Durk. Op in kear wied er dronken, doe siet er ûnder in bartsje op 'e Skeanpaden ûnder 'e Rottefalle. De earste de bêste dy't dêr foarby kom, dy stuts er mei 't mes. Dan wie 't krekt in wyld beest.
nl.verhalenbank.23879
11