Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
39 datasets found
Organizations: Meertens Institute Narrator Gender: male Place of Narration: Boornbergum
To Britsum linen twa reuzen tsjin 'e toer oan. Doe knapte de toer. Dy wie net bistand tsjin sa'n swier gewicht. "Ik brits 'em", sei de iene reus. Doe krige dat plak de namme Britsum. Dy reuzen wienen dêr yn 'e buert oan 't graven. (Sy ha 't my op 'e klaei forteld)
nl.verhalenbank.26073
To Akkrum wenne in dokter, dy foun in mesine út. 't Wie in stoommesine. As er klear wie soe er hite de rin-allinne. De notaris sei: "'t Wurdt neat." Doe't de dokter de mesine klear hie, koed er him net bistjûre. Hy jage alles oan fodden en flarden. Alles hwat fóár him kom, gong kapot. De notaris krige wol gelyk.
nl.verhalenbank.26072
Der wienen ris twa reuzen, dy wienen togearre oan 't feartgraven. Sy bigounen elk fan in kant en sa groeven se moai op elkoar yn. Mar doe't se omtrint oan elkoar ta wienen, kommen se ta de konklúzje, dat se net tsjin elkoar oer kommen. Doe moest it lêste eintsje wol krûm wurde. "Aah- krom!" sei de iene reus tsjin 'e oare. Dat hearden guon en doe neamden...
nl.verhalenbank.26070
In sémearmin is heal fisk, heal minske. 't Is in sirene. Se kinne tige sjonge, dat klinkt hiel moai yn 'e fierte. Mei har gesang lokje se de sélju oan. Dy wurde dan troch de baren forslonden. Dêr is 't har krekt om to dwaen. As der in sémearmin sjoen wurdt, wurdt it swier waer. Dan forgiet it skip. Sémearminnen dogge wolris foarspellings.
nl.verhalenbank.26071
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? Heb wel eens personen horen noemen die als “dûvelbanner” aangewezen werden. Zij werden geraadpleegd in gevallen van ziekte bij mensen en vee. Men meende dat zij “betsjoend” waren. Bij zieke mensen veronderstelde men...
nl.verhalenbank.127079
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploegjen. Doe wie der in man dy woe wol ris wite hoe sterk Hearke wie. Hy koe Hearke net, mar tofallich frege er Sterke Hearke sels hwer't dy persoan wenne. Doe tilde Hearke de ploege op en hy sei: "Sjoch dêr wennet er en hjir stiet er foar jo." Doe sei dy man: "Nou wit ik genôch." Hy sette ôf.
nl.verhalenbank.26075
Sterke Hearke wie lulk op 'e smid. Hy tilde 't aembyld fan it blok, sjoude it nei bûten ta en sette 't op 'e wei del. "Sjesa," sei er tsjin 'e smid, "nou matte jo mar sjen dat jo it wer toplak krije."
nl.verhalenbank.26074
Wylde lantearnen bitsjutten min waer. "Dêr komt skielk in nij hûs to stean", seinen de minsken, as se in wylde lantearne seagen. As de bijkers in wylde lantearne seagen, seinen se: "Nou is 't fan 't jier neat wurdich mei de heide." Stoar der in bijker, dan woarden de bijekuorren forset. Doe't der in bijker stoarn is, dy't ik wol kend ha, seinen se, dat de...
nl.verhalenbank.26076
Yn 'e buert fan Hoogkerk wenne in man dy koe ien de koarts ôfnimme, dy brocht er dan oer op in beam.
nl.verhalenbank.26077
Wie de tsjerne bitsjoend, dan hellen se der in duvelbander by.
nl.verhalenbank.25684
Op Dyksterhuzen by Menaem stie in boereplaets, dêr woenen noait de ûlebuorden yn sitten bliuwe. Sy foelen der altyd út. Dat wie it wurk fan 'e duvel. Doe kom dêr ris in marskramer by de doar, dy sei: "Dêr wyt ik wol ried op. Jimme matte der stiennen ûlebuorden yn oanbringe litte." Dat ha se dien en doe bleauwen se sitten.
nl.verhalenbank.25690
To Hurdegaryp hat in homeije stien by in slot, dêr gongen de hekken altyd samar fansels fan iepen.
nl.verhalenbank.25691
Der wienen hjir froeger wol lju, dy hienen duveldrek ûnder 'e drompel fanwege tsjoenderij. Sy droegen 't ek wol by har foar in lulke houn. Dan hienen se de duveldrek op in stokje mei in kerfke der yn. Liuwefet holp ek tsjin lulke hounen.
nl.verhalenbank.25685
Hjir binne wolris guon smiten woarn as se út 'e kroech kommen en it tige raer en mâl opsein hienen.
nl.verhalenbank.25678
Ierdmantsjes, sizze se wol, dy meitsje nachts it wurk fan 'e minsken dien.
nl.verhalenbank.25693
Imke de Jong koe de minsken stean litte. Hy koe ek troch in balke hinne krûpe. Op 'e Gordyk hat Imke de Jong ris twa siden Amerikaens spek stellen. Sy wisten dat hy it dien hie, mar sy koenen him noait fine. Hy hie ien stik op 'e rêch en ien tsjin 't liif en sa hat er ûnder in skip lein. Doe't de konsternaesje oer wie is er ûnder it omkearde skip weikom...
nl.verhalenbank.25687
In sekere Lanting - dy kom oer de Tsjonger wei - roan us in kear it lân del oer in polderdykje. Hy moest oer in hekke klimme. Doe't hy der oer wie seach er yn 'e lichte in faem to melken. Hy hie toarst. "Hie 'k mar hwat fan dy molke", tocht er. Ynienen seach dy kou nei him. Doe liet er dy kou sizze: "Jow dy man hwat molke." De faem kaem halje-trawalje...
nl.verhalenbank.25686
Spitketen birapen se froeger fan binnen mei in spesy, dêr't roggemoal trochhinne siet.
nl.verhalenbank.25692
Ik wie sahwat in sawntsjin, achtsjin jier, doe wenne ik op 'e Gordyk as bakkersfeintsje. Myn domisily hie 'k yn Boarnburgum. Dêr yn 'e Gordyk wie in frou ûnforwacht stoarn. De forhâlding tusken har en har man hie tige min west. Der wie ien jonkje, dat hie gjin forstân. Doe't dy frou stoarn wie, kom se jouns by skimertiid werom. Guon ha har sjoen. Ik bin...
nl.verhalenbank.25679
Yn myn jonge jierren - ik mei sa'n achttsjin jier west ha -, doe wenne hjir in fanke, dat wie altyd siik. De dokter koe neat oan har dwaen. It fanke wie bitsjoend, seinen se. Mar hwa hie 't dien? De âlden fan it fanke seinen: "It is it wurk fan ús Auk-muoi." Dat minske gong foar in tsjoenster. Mar hoe koenen se gewaer wurde dat hja it dien hie? Doe seinen...
nl.verhalenbank.25669
1