Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Dy ha noait gebrek oan jild.
nl.verhalenbank.38477
Us Jan-om wie oan 'e drank. Hy wie noch feint en tige los.
't Koe him net folle skele hwat er sei.
Mar op in kear, op in joune let, doe moest er ien fan 'e Heidkampen oer. Doe hat er hwat sjoen. Hy seach in knyntsje, dat by him kom. As hy fierder gong, gong dat knyntsje ek fierder. It wykte net by him wei. Hy skopte der nei, mar hy koe't net kwyt wurde....
nl.verhalenbank.27557
In slangekoaning draecht in kroantsje op 'e kop.
Jasper Veenstra fan 'e Harkema hat us ien sjoen.
Hoepelslangen binne yn Amerika. Dy krije de sturt yn 'e bek en dan rolje se krekt as in hoep, mei barstend geweld. In omkesizzer fan my woarde troch sa'n slang oanfallen, mar in neger hat him deamakke. Dy hat him it leven ret.
nl.verhalenbank.16952
Janne Heabel har mem wie ek in tsjoenster. Op in nacht woarde har man wekker, doe lei der in pânse njonken him op bêd. Hy tocht: Hoe kin dit en hwer mei myn wiif wêze?
Hja wie der op út to tsjoenen.
Doe ha se har ûntmaskere. Hja hat in bern deatsjoend. Dêr hie hja dy nachts west.
De man stuts de pânse mei in mes dwarstroch. 't Wie allegear wetter. Doe't...
nl.verhalenbank.28664
In Benschop staat d'r een ouwe hofstee. Hij is nou witgemaakt, met cement bestreken. Maar die hofstee is gebouwd met roggemeel en kalk en gepluisd goed d'r deur. Net een soort geknipt paardehaar.
nl.verhalenbank.50907
Oan 'e Godloas Singel spoeke it altyd. (De Godloas Singel roan fan 'e rykswei ôf by Swartkrús via Kûkherne nei 't Skilige Pypke en dan op Dokkum yn)
nl.verhalenbank.21126
De witte dame, weet ge, vroeger gingen ze vogels vangen, ze maakten
een hutje in 't bos of in de bomen, ze zaten te kijken en dan
zagen ze een witte dame boven 't water zweven.
nl.verhalenbank.126601
Heit en mem kommen op in joun let fan Harkema nei Droegeham. Sy roannen de Bosk yn yn 'e Harkema. Doe wie der ynienen in houn by har, in dikke swarte houn. Dy roan hyltyd by har lâns. Mem sei tsjin heit: "Dit is gjin goed spul, sjoch, hy sweeft." It dier roan net. Op 't lêst wied er by har wei gong.
nl.verhalenbank.25340
Op in joun soenen heit en mem to praten nei 'de laatste Stuver'. Heit hie de hountsjes meinom. Dat die er altyd as er jouns to praten gong. Hwant der koe ris in murd wêze ûnderweis. (Hy die neat leaver as murdejeije.) Doe gebeurde it dat de beide hountsjes mei de sturt tusken de poaten by heit kamen. Heit en mem tochten: hwat sil dit bitsjutte.
Doe seagen...
nl.verhalenbank.33522
Sterke Hearke wie noch in jonge, fortelde heit. Doe wied er us in kear op 't Fean (= Surhústerfean). Doe wienen dêr in stik of hwat mannen, dy losten in wein. Der leinen dikke beammen op 'e wein en dy leinen se iene foar ien op 'e groun. Dêr stie Hearke by to sjen.
Doe gongen dy lju yn 'e herberch en kochten in buorrel, mar sy nommen Hearke net mei.
Doe't...
nl.verhalenbank.23731
[Haam:] Werd boven in de boom gehangen, anders liep 't veulen met z'n
kop naar de grond.
nl.verhalenbank.126615
Sémeerminnen hebben een steert. Se kunnen praten en se bemoeien sich met de minsken. As de fissers útgingen kwamen se boven en dan werd het slecht weer.
nl.verhalenbank.32628
Oan 'e Boskwei by Eastemar stiet in beam, dêr hat in man him oan ophinge. Dy beam hat sûnt altyd de takken nei ûnderen, omt er treuret.
nl.verhalenbank.25354
Yn Reahel haw ik in âlde buorman hawn, dy hie yn syn jonge jierren boerefeint west yn Droegeham. Hy slepte yn in bêdsté yn 'e stâl. It doogde dêr net, it spûke der. Hy hie mei eigen eagen sjoen dat der op 'e koestâl in ammerke stie to dânsjen.
nl.verhalenbank.33536
In Barger-Oosterveld ging et vroeger roar toe; et heksde en spookte er verschrikkelijk.
Op n dag kwam dr iene met oal Gr. bie huus; sie hadden eevn in wirtschaft zeetn.
De man nuigt oal G. met in huus; dan ken ie de motte met bign nog es bekiekn. Zo gebeurt.
Moar as de oale G. vot is, he-je de noarigheid aan de gank. Doar begunt al vief beste bign hen en...
nl.verhalenbank.44966
Alde Bearn van der Woude fortelde: "Ik en myn faem wienen togearre by de Bearnewyk yn Drachtster Kompenije. Wy makken plannen om to trouwen en dêr praetten wy oer.
Der wie iderkear in lyts katsje by ús, dat sei: - Miau - miau. Ik skopte him yn 'e wyk. Fierder wie der net in minske. De oare deis kom Rikele Myt by my en sei: 'Soa, soenen jim ek trouwe?'
Net...
nl.verhalenbank.23725
Mem har beppe wie mei de helm geboaren. Hja woe noait lije dat mem en dy by 't tsjuster midden op 'e wei roannen. Hwant dan koenen se tsjin in lykstaesje oprinne en in rare stomp krije.
Mem har beppe seach lykstaesjes fan tofoaren. Hja hat ek sjoen hoe't har eigen soan op in skip fordronken is.
Hja sei de deis fan tofoaren noch tsjin him: "Dû mast der...
nl.verhalenbank.37750
Heit fortelde, op it Skier yn 'e Westerein, dêr wenne Gerrit Veenstra. Dy syn heit, dat wie Fokke Veenstra. Dy wie fuorman en ôfgryslike sterk.
Se wienen ris yn 'e Westerein mei it spoar oan 'e gong. Der waerden nije rails tusken lein. Dat wienen hiele lange einen. De spoarwurkers, dy't dêr mei dwaende wienen, hienen heard dat Fokke tige sterk wie. Se...
nl.verhalenbank.38463
Us heit en dy kommen op in nacht sahwat om ien ûre thús. Se hienen it fjild yn west. Der wie ek in jongfeint fan in jier of njoggentjin by har.
Se wienen sa'n fyftich meter fan in kaféke ôf. Dêr wienen de ljochten op, it gong der drok op in dounsjen en spyljen. Teade spylman syn lûd klonk boppe alles út. "Ronde!" rôp er.
Heit en dy seinen: "Dat treffe...
nl.verhalenbank.17480
Rikele Myt biwearde, duveldrek moest fan in tsjoenster komme, oars holp it net.
Rikele Myt hie in freeslik gesicht.
nl.verhalenbank.27543