Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
62 datasets found
Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Peize
In helm kinne se djûr forkeapje. Dokters wolle graech sa'n helm ha. Dy't in helm hat, is kûgelfrij, sizze se.
nl.verhalenbank.23711
Tsjoensters foroaren har yn katten.
nl.verhalenbank.23707
Hjir wie in bern, dat wie slim siik. Doe gongen se nei Wopke ta, mar dy sei: "Jimme komme to let, jimme hienen in pear dagen earder komme matten. 't Bern is to folle bitsjoend." 't Wie ek sa, it bern stoar.
nl.verhalenbank.23713
Berntsjes dy't stoarn binne en gjin bjirklean meikrigen ha, kinne de rêst net fine. Dy komme wer.
nl.verhalenbank.24322
Hjir waerd froeger in hiele bulte braekt troch de earme minsken. Liet men in hânfol flaechs ûnder 'e brake sitte, dan hearde men yn 'e nacht de brake gean.
nl.verhalenbank.23699
Doe't wy in skoftsje troud west hienen, krigen wy in famke. Dat bern tsjirme fan bigjin ôf oan. Dokter kom geregeld, mar hy wist der neat op. 't Bern tsjirme mar troch. Us buorwyfke kom faek by ús, dy sei, 'k moest mei 't bern nei Oentsjerk ta, nei de duvelbander. Dat wie in boer. Mar dêr hie ik net folle mei op, dat wimpele ik altyd ôf. Mar op 't lêst...
nl.verhalenbank.24323
Frijmitselers binne kûgelfrij. Sy ha noait gebrek oan sinten. Mar sy kinne net wer by har partij wei. Om 'e safolle jier mat der ien dea. En sy matte it kristendom ôfswarre.
nl.verhalenbank.23712
Hjir hat in greate rogmoune stien. Dy is letter ôfbarnd. Heit wie noch feint, 't wie op in nacht yn Moarmwâld. Doe't heit by de moune kaem, tocht er: "Hea, dêr stean trije man yn to terskjen. Dat binne trije duten. (Ik kon niet gewaarworden wat 'duten' zijn A.A.J.) Sy tursken alle trije moai op 'e slach. Heit sei: "Ik gong der hinne, en doe wie der niks....
nl.verhalenbank.23706
Hjir wienen froeger in hiel soad tsjoensters. As in minske mar in doekje om 'e holle hie, dan wie 't al in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23702
Hjir wienen guon dy krigen in flesse drank foar in spylkaert, dy't se fuortstjûrden. Yn Damwâld, yn 't café, smiet ien in rest spylkaerten omheech. Ien dêrfan bleau tsjin 'e souder oansitten.
nl.verhalenbank.23716
Ien fan sawn dochters, dêr't net in jonge tusken sit, is in tsjoenster. In tsjoenster kin har foroarje yn in kat. It is wol gauris gebeurd, dat se in fremde kat tramtearren. Dan hie de tsjoenster de oare deis in seare earm of skonk of sa.
nl.verhalenbank.24327
Ik ha wolris heard dat de koarts as in wolkje ta de mûle fan 'e minsken yn giet.
nl.verhalenbank.24326
Dy't net ta stjerren komme kin hat soms klean oan dy't op snein makke woarn binne. Of hy hat in moart op syn geweten, dy't er noait bekend hat. Dan mat er dat earst sizze, earder kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.23717
Guon hjirre wienen mei de helm geboaren. Dy seagen dan bigraffenissen fantofoaren. Sy moèsten it sjen, sy gongen der yn 'e nacht ôf. Myn neef hie forkearing mei in dochter fan âlde Ritske Vellinga. Ritske wie soms de hiele nacht der op út, dat hat myn neef my sels wol forteld. Ritske wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.23703
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea. Se dienen hjir duveldrek ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.23715
Ik haw wol ris heard, dat hjir in beam omspokke. Dy gong dan samar oer de wei.
nl.verhalenbank.23701
Sterke Hearke wenne dy kusten fan Twizel, Droegeham út. Der kom us ien de wei del, dy woe wite hwer't Sterke Hearke wenne. Hy kom tafallich by Sterke Hearke. Dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Hy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" "Nou," sei er, en doe krige er de ploege, en dêr wiisde er mei, "ik leau, dat er dêr wennet."
nl.verhalenbank.24318
Ik ha wolris heard, dat as de skipper op sé in mearmin sjocht, dat dat in min teken is omdat syn skip dan forgiet.
nl.verhalenbank.24324
Der wurdt hjir tsjin 'e bern sein: "Tink der om, kom net by 't wetter, hwant de kikkerts lûke jimme der yn."
nl.verhalenbank.24325
De reuzen ha hjir de fearten groeven. De groun moest der út. Dat dienen se mei skeppen, dat wienen heale preammen.
nl.verhalenbank.24319
1