Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Imke de Jong koe suver fan alles. Hy koe bûksprekke en hy koe de minsken ek stean litte.
Der is my forteld woarn, se wienen ûnder tsjinst deaforlegen mei him west. Hy wist net hwat foarwaerts en achterwaerts wie.
Doe bounen se him in toppe strie foar op it boarst en in toppe hea achter op 'e rêch.
Doe seinen se net mear tsjin him 'voorwaarts' en...
nl.verhalenbank.24366
Yn Hurdegaryp, by Bennema-State, dêr't dokter Bontekoe wenne hat is in homeije, dy woe noait ticht bliuwe; dy gong altyd fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.27848
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs. 't Binne yn 'e regel froulju, mar ek wolris manlju en soms ha se de gedaente fan in dier.
As men jiske struide foar de drompel of foar it bêd, dan kommen se net, hwant dêr wienen se bang foar.
Sy meije neat meinimme út in oar hûs en jiske, dat kleeft fêst.
nl.verhalenbank.24367
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp wie in hikke, dy't se noait ticht hâlde koenen. Dy gong altyd fansels samar wer iepen.
nl.verhalenbank.24213
Froeger hienen se oeral âlde bolkoerrinsters en dy krigen dan rounom kofje en dan kommen se ek wolris by jonge minsken.
Dan rekke der gauris in berntsje siik. Sa wie 't ek in kear yn Feanwâlden. De heit gong mei 't mûtske fan 't bern nei Wopke ta.
"Ja," sei Wopke, "sjoch, dêr komt in forkeard frommes by jimme en dy matte jim fuortstjûre. 't Hie mar even...
nl.verhalenbank.24222
Yn Grinslân wienen plaetsen, dêr spokke it. De wein rattele dêr soms yn 'e nacht op 'e telle om. Dat wie de foarboade fan 'e drokte fan 'e kommende deis.
nl.verhalenbank.24223
Kei Sytses en 't wiif, dy wennen to Feanwâlden op 'e Fenen.
As âlde Gosse jounpraters hawn hienen, dan wist Kei Sytses syn wiif altiten krekt to sizzen, hwa't der west hienen. Der siet dan wolris in kat by Gosse en dy bûten yn 't finsterbank, mar dêr waerd gjin doel op makke.
Mar doe't dat faker as ien kear gebeurde dat Kei Sytses wist hwa't der by harren...
nl.verhalenbank.24221
Ien lei op 'e rêch op bêd to sliepen. Doe tocht er: "Hwat wurd ik binaud." 't Wie krekt as knypten se him de hals ticht. Doe taestte hy der nei. Doe hâldde er twa glêdde hantsjes beet, dy hienen him om 'e hals hinne knypt, mar sy gliden him troch de hannen hinne.
nl.verhalenbank.24369
Der wie in jongfeint, dy sei: "Ik bin noait bang." Doe wienen der twa man, dy tochten: "Wy sille dy ris bang meitsje."
Der roan in paed oer 't tsjerkhôf hinne en sy wisten dat hy dêr dy jouns lâns moest. Doe gongen se boven op elkoar stean mei in wyt lekken om har hinne tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan, dêr't it paed lâns gong. Doe't de jongfeint der...
nl.verhalenbank.27847
Yn Nes (W. Dongeradiel) dêr wienen in stik of hwat boeren dy fierden dêr it avondmaal yn 'e herberch. Dat is in goeije fjirtich jier lyn. 't Wie op in joun. Doe't se bûten kommen ha se ûnderweis hwat sjoen. Sy woarden sa bang, dat sy binne troch de sleatten hinne flein. Der wie in sekere Bolman by. Dat wie in greate spotter.
nl.verhalenbank.27846
Der wie in boer, dy hie in hynder, dat wie nachts ôfgryslike drok. Dan skopte it en trape dat it raer wie. En moarns, op 'e stâl, roan him it swit yn stralen by de hûd del.
De boer hie wol yn 'e gaten dat dat it wurk wie fan in nachtmerje. Der siet nachts in nachtmerje op it hynder.
Op in nacht paste de boer op. Hy hie in ammerfol wetter klear stean....
nl.verhalenbank.24368
Der wie in man, dy moest nei sterke Hearke ta.
Sterke Hearke wie krekt op 't lân oan 't ploeijen.
De man koe Hearke net en frege him: "Hwer wennet sterke Hearke?"
Hearke hekke 't hynder út, hy krige de izeren ploech beet en tilde 'm op en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24220
Skoanheit syn mem, dy wenne yn Moarmwâld. Dy sei: "As ik jouns op 'e dyk stean, dan binne it allegear ljochtsjes." Dat wienen de wylde lantearnen.
"Dat is in foarboade," sei se, "Moarmwâld sil in stêd wurde."
Sy hat wol hwat gelyk krige. It plak hat him ôfgryslik útwreide en as men jouns alle ljochten sjocht fan 'e lampen, liket it wol in stêd.
nl.verhalenbank.24218
Ergens stie in boereplaets.
Op in kear wienen de boer en de frou fuort. De faem wie mar allinne thús. Hja hie de doarren allegear fêst, mar midden yn 'e nacht kommen der nachtbidders by de doar, dy fregen om hwat. Mar de faem joech se neat omdat de boer en de frou fuort wienen.
Doe skouden se in finster omheech en ien kroep mei de holle ûnder 't rút...
nl.verhalenbank.24224
To Feanwâlden, op 'e hoeke fan 'e Westerwâl wenne Fokke Boonstra. Hy wie bakker en wie ôfkomstich fan Burgum. Hy sutele altyd mei syn breaspullen en hie ek klanten yn Burgum sitten en dêromhinne.
"t Wie op in winter en 't iis wie sterk. Doe fytste Boonstra oer de Burgumermar, om gauwer by syn klanten to wêzen. Dat die er altyd as it sterk iis wie, hwant...
nl.verhalenbank.24219
Alde Anne Leegstra is al ris in kear troch de duvel smiten woarn oan 'e Lytse Loane.
nl.verhalenbank.23710
Der wienen guon, dy fregen in man: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe stuts dy man de ploege rjocht foar him út en sei: "Dêr wennet er." Hy wie 't sels.
nl.verhalenbank.23704
Ik hie in omke Knjillis, dêr bin ik nei neamd. Hy plichte in soad by ús to kommen. Hy hie syn frou forlern en m_n frou wosk faek foar him.
Op in kear kom er by ús, doe sei 'k: "Knjillis-om, 'k leau, jo binne warch."
"Ja," sei er, "ik bin èk warch."
"Omke docht doch neat mear, wol?"
"Ik haw 't noch noait sa drok hawn as fannacht", sei er.
"Hoedat sa?" sei...
nl.verhalenbank.24321
Hjir yn 'e buert hat in hiele sterke keardel wenne, dy hiet fan Tabe. Dy trof ik in kear, doe kom er fan 'e Broek. Dat is in healûre geans hjir wei. Hy hie in sek mei rogge op 'e rêch, dêr siet hûnderttwintich poun yn, dat moest meald wurde yn 'e moune, hjir tichte by.
Hy bleau by my stean to praten. Dat duorre sa'n twintich minuten. Wylst hâldde er de...
nl.verhalenbank.24320
Heit fortelde, hy soe op in moarn nei de boer ta, dy wenne ek yn Moarmwâld. Underweis seach heit yn 'e krimpe fan in hûs in pleachbeest stean. 't Hie der brúnachtich út sjoen en 't hie bot mei de earen klapt.
nl.verhalenbank.23705