Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
75 datasets found
Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Dokkum
Tusken Anjum en Iesumesyl, dêr woarde altyd by in hikke in âld hynder sjoen; dat rammele dêr. Dat wie in spoek. Dat hynder gong altyd mar hinne en wer. Guon hienen 't der net op stean om dêr by nacht lâns.
nl.verhalenbank.32758
Anne van der Bij wenne yn Ikkerwâld. Dy hie in bern, dat bitsjoend wie. Doe gongen se nei de duvelbander, dat wie greate Wopke fan Kûkherne. Dy joech in fleske guod mei foar it bern. Hy wie der sahwat mei thús, doe barstte it fleske. Doe moest er werom. Wopke hie sein, hy moest der o sa foarsichtich mei wêze. De twadde kear kom hy der mei thús. Doe't se...
nl.verhalenbank.33240
Yn Wergea fortelden se, dat yn 'e Himpenser mar, dêr spûke it. Dat kom hjirfan. Froeger woarden froulju, dy't yn Ljouwert foroardiele woarden ta de dea, dêr fordronken. 't Is nou in droege polder fansels. Nachts komme de geasten út 'e Himpenser mar wei en sette de moune stil. 't Is nou in gemaeltsje. 't Hyt noch altyd in spoekmountsje.
nl.verhalenbank.33421
Hinke Kaert, dy't letter to Nijebrêge wenne, is ôfkomstich fan Wergea. Se seinen dêr yn Wergea altyd Hinke fan Rutsje. Hja hat twakear troud west. Hja hie fjouwer soannen. De fjirde soan wie in oerwinneling. In frou fan Wergea fortelde my ris: ik haw mei in freondin as greatfanke nei Nijebrêge ta west. Hja sei tsjin my: "Jo sille noch tsien jier faem...
nl.verhalenbank.33422
In hiel soad doomnys hâlde yn 'e himel ta. Mar sy kinne dêr it ierdske noch net forjitte. As der oan 'e himelpoarte roppen wurdt: Terbant vacant, dan gongen der guon fan 'e doomnys stean. Waerd der roppen: Idaard met emeritaat! dan kommen de measte doomnys yn biweging. Mar waerd der roppen: Warga sine papa! dan die Petrus de himelpoarte gau ticht, hwant...
nl.verhalenbank.33423
Op een tocht van Monnikendam naar Marken op een botter liet een visscher mij een spiering zien. Neemt men het dier in de hand met den rug naar boven, dan kan men tusschen de oogen door het doorzichtige kraakbeen een geleiachtige massa opmerken. Dat is het beeld van een Marker visscher: de hoed, [het] gezicht, het buis, de pofbroek. Dit is zoo, omdat de...
nl.verhalenbank.39640
Dêr't in moart gebeurt kinne se 't bloed noait út 'e flier krije, dat haw ik faek heard.
nl.verhalenbank.33235
To Moarmwâld wenne Japik Keikes, dy hie mar ien foet. It folgjende hat er my sels forteld. Hy hie yn 'e kroech sitten. 't Wie op in dobbeljen en spyljen gong mei de noadige flokwurden der by. Japik hie om 't hurdste meidien. En in bier dat er opdronken hie! Doe't er thúskom moest er foar syn mem in fjirdepart roggebrea fan 'e bakker helje. Doe't er op 'e...
nl.verhalenbank.33209
By de Boppewei (ûnder 'e Westerein) spokke it. It spokke ek by de Skilige Piip en ek by de Bliessleat.
nl.verhalenbank.33208
Yn 'e oare Wâlden (tegenstelling tot Dokkumer Wouden) is ergens in hekke, dy kin net ticht bliuwe. Nachts giet er wer iepen. Al dogge se der nòch sa'n bêst slot op, de oare moarns is it los.
nl.verhalenbank.33236
It is wol faek gebeurd dat der to Broek ien smiten woarde. Meastal hie sa'nien dan in slokje op.
nl.verhalenbank.33237
Sterke Hearke mat tige sterk west ha. Se ha my forteld, hy wie in kear op it lân oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't dy en dy wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân optild en dêr mei wiisd nei it hûs. En doe hied er sein: "Jimme matte dêr wêze."
nl.verhalenbank.33206
Guon helje mei skoppenboer in flesfol jenever op. "Helje my in flesfol drank" seit ien tsjin skoppenboer. Dyselde jowt dan de flesse mei skoppenboer der oan fêst oan in ûnsichtberen, dy't syn hân om it hoekje fan 'e doar stekt. Even letter komt de flesse fol werom.
nl.verhalenbank.33212
Toen ik nog een jongen was woonde er een oude vrouw naast ons, die was met de helm geboren. Op een keer zei ze tegen mijn moeder: "Ik heb ook een begrafenis gezien. Allemaal hoge hoeden hadden ze op, maar één van de mannen had een pet op." De volgende dag stierf oude Folkert van der Kooi en een paar dagen later werd hij naar 't kerkhof gebracht. Zijn...
nl.verhalenbank.28183
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.127165
It gebeurde to Ikkerwâld hiel faek dat de tsjerne bitsjoend wie. Dan koenen se gjin bûter krije.
nl.verhalenbank.33213
Peije Tabes wenne op 'e Broek. Ik ha him tige skoan kend. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Hy gong ris in kear nei Alle Harms om 'e túneide, mar dy túneide wie net thús. Mar de hynsteeide wie der wol. Doe nom Peije dy hynsteeide mei en doe bigong er dêr sels mei to eidzjen, dêr't oars in hynder foar moest.
nl.verhalenbank.33207
Wy hienen buorlju, dy hienen twa bargen. Alde Auke Antsje wie ek in tsjoenster. Dy wenne yn Ikkerwâld. Op in kear doe kom Antsje by ús buorlju en doe struts se mei de hân dy beide bargen oer de bealch. Dy bargen woenen net mear frette en in skoftsje letter wienen se dea.
nl.verhalenbank.33239
Frijmitselers hawwe har oan 'e duvel forkocht. Sy kinne jild krije safolle se mar ha wolle. Mar har siele binne se kwyt. Dy hat de duvel fan har kocht. Jitse de Vries fan Ikkerwâld wie frijmitseler. Dy hie in winkel. Hy [koe] krije hwat er mar ha woe. Hwer kommen dy sinten wei? Der woarde sein, as er wer jild ha moest hong er jouns in lege ponge oan 'e...
nl.verhalenbank.33211
Us buorman wie frijgesel en wenne allinne. Alle nachten hied er in nachtmerje by him. Hy wist ek wol hwa't it wie. 't Wie de dochter fan Ritske Vellinga. Dy kom troch 't kaeisgat by him yn 'e hûs. By 't fuottenein kom se by him en sa gong se nei foaren ta. Dan gong se him op it boarst sitten en dan knypte se de hannen om syn hals hinne, dan smoarde er...
nl.verhalenbank.33205
1