Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jierren letter wienen ik en myn broer us yn Kûkherne. Wy soenen dêr in stik lân meane. Dat wie tichte by 't hûs dêr't dat wiif wenne dat doe in boskje fodden wie.
It wie moai gers, mar der roan in paed troch, dêr wie 't alhiel plat trape. It wie skande fan 't gers.
Ik sei tsjin myn broer: "Dat hat dat âld-wiif dien. As ik har hjir seach, dan sloech ik har...
nl.verhalenbank.25182
In omke fan my hat faek forteld, hy hie us op in nacht yn Aldwâld roan. Doe wie der ien njonken him kaem en dy roan mei him op. Dat duorre lang. Dyselde hie neat sein. Op 't lêst wienen se by in hage kom. Doe wie er samar weiwoarn. 't Hie in spoek west. Op it plak dêr't it spoek wei waerd hong in blau-wollen skelk oer de hage. Omke woe biweare dat dy foar...
nl.verhalenbank.26317
Der roannen op in joun fjouwer minsken op 'e Kapelle ûnder Rinsumageast. 't Wie al let. 't Wienen twa manlju en twa froulju, dy hienen to jounpraten west.
De iene man wie in grapjas.
Doe seagen se in frou oankommen, mei lang hier dat se los droech. De grapjas frege har: "Wolst ek forkearing ha?" Mar hja sei neat. Hja sweve samar fuort. Doe woarden se alle...
nl.verhalenbank.30107
Yn 't lêst fan 'e foarige ieu wienen der yn 'e Koaten op in joun in ploechje jonges by elkoar. Sy wienen oan 't kuijerjen. 't Wie ljochtmoannewaer. Sy kuijeren op 'e âld wei, dêr't in breed, wyt sânpaed by lâns roan. It gong drok op in sjongen.
Mar ien fan 'e kammeraden hâldde ynienen op, en sei ek neat mear. In grouwe, greate keardel, sa great as se noch...
nl.verhalenbank.15773
Op in nacht kom ik de Sije-reed del. Doe tocht ik, hea, dêr komt noch ien oan. It like my ien ta dy't ik wol koe. It wie in hiel great frommes, doe't se njonken my wie, wol de helte greater as ik en alhiel klaeid yn't swart. Ik sei navend, mar sy sei neat werom. Doe't ik even in oare kant út seach, en fuort dêrnei wer nei 't frommes sjen soe, wie se...
nl.verhalenbank.17017
Gauke Haagsma wie us by ús to jounpraten. It wie sahwat tsien ûre woarn, doe siet er stil op 'e stoel, krekt sa wyt as in deaden. Noait liker as wie 't in lyk. En hy sei net in stom wurd. Myn frou en ik sieten der nei to sjen en út kleare angst doarsten wy ek net in wurd to sizzen. In ûre letter sahwat joech Gauke in snokje en doe kom de holle wer hwat...
nl.verhalenbank.22680