Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: zweten Place of Narration: Harkema
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
Us Anders-om (A. Nicolai) hie syn bilidenis dien yn Droegeham. Hy kom op 'e joun werom. Doe't er oan 'e grouwe ikebeam ta wie, wie der in lyts hountsje njonken him kom. Dat wie by him bleaun oan hûs ta. Neffens Anders-om hie dat de duvel west. It hountsje hie deun tsjin him oanroan. Doe't Anders-om thús wie, hied er oan elke hier in switdrip hawn.
nl.verhalenbank.26239
Pleachbeesten roannen hjir froeger wol om. 't Wie meastal in beest dat der útseach as in grouwe, swarte houn, mar 't wie ek wol us in swart skiep. Myn omke dy reizge in bult. Hy kom op in joun troch de Harkema, doe soed er op hûs yn. Doe kom der in swart skiep by him, dat roan stiif tsjin him oan. 't Bleau hyltyd by him. Op 't lêst raemde 't him en smiet...
nl.verhalenbank.19555
Alle Tet wenne op 'e Bulten. Dat wie in tsjoenster. Op in joun wie mem by har. Mem wie doe noch tige [jong] joun. Tet siet to rideljen op 'e stoel. Sy wie sa binaud woarn, dat sy bigoun to switten. En sy sei tsjin mem: "Dû moatst fuort gean, bern, ik mat even fuort." Mem tocht, hwat dit bitsjutte mat, wyt ik net. Mem gong fuort, mar sy tocht: ik wol sjen...
nl.verhalenbank.29328
Ot har man dat wie Hindrik Pyk (= Hindrik Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster. En hy hie ek noch de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy hearde us in kear, dat hy soe nei de froulju ta. Mar dat died er net. Hy gong stikum nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom! Sa binaud hat er west. Hy...
nl.verhalenbank.21567
Der wie us in man, dy sliepte yn it hea. Hy switte as in oandrager. Ynienen krige der him ien by de tean beet. It wie in nachtmerje. De man woarde kâld oan 'e hals ta. De hals woarde him ticht knypt.
nl.verhalenbank.21307
Ik ha us in nachtmerje by my hawn, doe wie 'k op 't lêst sahwat oan 'e dea ta. Doe fornom ik, dat er stadichoan wer by my wei krûpte. Der wie no in boer, dy hie in hynder, dat hie in protte lêst fan 'e nachtmerje. Moarns sieten der altyd flechtsjes yn 'e moanjes en it beest switte altyd as in oandrager. Doe op in joun struide er moal op 'e rêch fan it...
nl.verhalenbank.17705
1