Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in kear kaem ús pake fan 'e froulju. 't Wie al in moai eintsje yn 'e moarn op. Doe kom der him in frommes tomjitte, dat wie roetswart om 't gesicht. Pake wie sa binaud, dat de skonken trillen him ûnder 't gat. It frommes gong ta 't hek fan 'e tsjerke yn to Sumar. Pake sette har achternei, al hoe binaud er ek wie. Mar sy wie wei as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.19714
Om in ûre of tolve hinne wie hjir by Bennema-State froeger altyd in swarte houn. Dat wie in pleachbeest, seinen se. Hy biet jin net, mar hy roun altyd in ein mei en makke de minsken binaud.
nl.verhalenbank.31046
Heit gong nei de fabryk to Feanwâlden ta to stampen yn 't sûkerijfabryk. Syn murdehoun naem er altyd mei. Op in moarn bitiid brocht de houn him twa murden, dat wie op in sydpaedtsje. Doe kaem heit wer op 'e wei, doe tocht er: "Hwat is dit?" De houn doarst der net troch. Der wie hwat swarts, mar hwat it krekt wie, koe heit net sjen. Even letter wie 't fuort.
nl.verhalenbank.30857
Der wie in greate boerepleats, dêr wie 't net plús yn. It spoeke dêr. De boer prakkesearde der oer om der wei to wenjen. Hy sei tsjin syn arbeider: "Jonge, astû de boel hjir oplosse kinst, krijst in grou stik jild fan my.
De arbeider sei: "Ik sil 't bisykje." Hy gong nei de dûmny ta en frege of dy in nacht mei him weitsje woe yn in keamer fan 'e pleats,...
nl.verhalenbank.19836
Ek ha 'k faek fortellen heard dat ien yn 'e nacht in moeting hie mei in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.30432