Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By 't spul fan Albert Bakker spoeke in swarte dame om. Hja hie forkearing hawn mei ien, dêr't har heit op tsjin wie. Hja wie weikwynd en sûnt spoeke hja dêr.
nl.verhalenbank.21866
Der wie us in selskip by inoar, dat wie frijhwat roerich en oerdwealsk. Sy flokten en tjirgen har en it wie allegear raer. Doe kom der in swarte man yn mei in hege hoed op. It wie de duvel. Sy woarden allegear deabinaud en ien fan harren sei: "Lit ús psalmsjonge." Sy dienen it en de duvel makke gau dat er fuort kaem.
nl.verhalenbank.20066
Op Feanster merke stie wol us in tinte mei in swarte spegel. Ik ha der ek wol us foar stien. Ik soe in frou ha mei in breed gouden earizer op, mar dêr is neat fan útkom.
nl.verhalenbank.20499
Doe't Mike Ruerd us fan in karweike werom kom, gong er de jouns oer de Skeltepaden nei hûs ta. Hy hie 't bakje mei timmergeridskip oer 't skouder. Doe stie der in swarte man op 't houtsje, dêr't Ruerd oer moest.
"Ut 'e wei!" sei Ruerd.
Mar de swarte bleau stean.
"Ik bin net bang foar dy", sei Ruerd.
Doe fleach der in ekster út 'e beam en joech in raer lûd...
nl.verhalenbank.20493
Ik seach op in joun in lang, swart frommes gean op 'e sânwei tusken Auke Atsma en myn hûs. Doe't ik tichter oan har ta wie, wie se samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.34641