Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: zwart Place of Narration: Buitenpost
Dy't yn 'e swarte spegel sjocht kin sjen mei hwa't er trouwe sil.
nl.verhalenbank.36317
Yn Sweagerbosk by 't Wyldpaed by de Swadde lâns, dêr giet de kweade yn 'e nacht lâns. Hy foroaret him dan yn in grouwe, swarte houn. Oan diz' kant it brechje yn 'e Westerein is er faek sjoen woarn. Hy gong dan de Swadde lâns op Kûkherne yn. Dêr wie froeger in paed. Nachts kom de houn by Karste Lamke en Sjoerde Ael op 't hiem. Dat wienen tsjoensters. De...
nl.verhalenbank.16767
Us pake kom de greate strjitwei ris del, doe wied er yn 'e buert fan de kaserne. Doe kom der fanút it Waeigat (nou de iisflakte) in greate, grouwe swarte houn delsetten. Dy kom by pake. Hy roan flak by pake lâns. Pake kom fan Twizel ôf en moest nei de dokter ta yn Bûtenpost. 't Wie op 'e joun. In hiel ein is er mei pake oproan. 't Wie net in gewoane houn,...
nl.verhalenbank.22952
Yn 'e swarte spegel kinne se sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net dan krije se in deakiste yn 'e spegel to sjen.
nl.verhalenbank.36155
Hjir hat in bakker wenne yn Bûtenpost, dat wie in Elema. Dy ha ris in kear foar de swarte spegel stien, doe wienen se noch net troud. Der woarde har meidield, se soenen yn in hoekhûs komme to wenjen en sy soenen in winkel ha en sy soenen net gelokkich wurde. 't Is krektsa útkom. Sy kommen yn in winkel. Dat wie in bakkerswinkel. En dat wie in hoekhûs. De...
nl.verhalenbank.22859
In stik of hwat mannen ha op in nacht in skynsel sjoen to Koatstertille. Myn susters man Bearn Pol wie der ek by. 't Wie tige glêd en swart en 't kleppere. Dat skynsel gong it hiem op fan in boereplaets. It roan nei de skuorre ta. Even letter bigongen de hynders bot to skoppen en to traepjen. 't Wie de plaets, dêr't Olivier wenne hat, en letter Wiger...
nl.verhalenbank.16531
Myn frou komt fan Ginnum en Reitsum yn Ferwerderadiel. To Ginnum wenne in âlde frou, dy gong foar in tsjoenster troch. As der guon siik wienen brocht it minske dêr altyd fruit hinne. Myn frou hie reafonk doe't it in famke wie. Doe brocht dat âld minske dêr ek fruit hinne, fan allerhande soarte en fan 't allermoaiste. Doe kaem myn frou har beppe en dy...
nl.verhalenbank.32153
Myn man en syn neef ha ris op in joun ta de ierdbeijen sitten by 'de laatste Stuver'. Doe stienen se op 'e brêge. Doe kom der in dier oer de wei, dat wie roetswart en sa great as in heale kou. In keal wie der neat by en 't hie de gedaente fan in houn. Wylst hja der nei stienen to sjen seach it beest ynienen myn man en syn neef oan. Doe woarden se sa...
nl.verhalenbank.36136
In omke fan ús mem wenne yn Toutenburg op Swarteweisein. (Toutenburg is fan 'e Ypey-stifting.) Hy hiet fan Romke en wie in fromme man. Mar sa hie 't net altyd west. Yn syn jonge jierren wie 't in earst raren-ien. It gong him noait to mâl. Hy wie in great spotter en flokte sahwat om 't oare wurd. In ûnforskillich man. Hy woe noait fortelle hoe't er bikeard...
nl.verhalenbank.32152
Myn man syn heit gong faek to murdejeijen. Op in nacht roan er fan Koatstertille nei Droegeham. 't Is nou 82 jier lyn. Doe kom der ynienen in grouwe, swarte houn njonken him. Dy roan mei him op. 't Wie in spûkhoun, sei er.
nl.verhalenbank.36135
Tsjoensters kinne har yn in kat foroarje. Alde Janke hounelobber wenne yn 'e Harkema en wie in tsjoenster. Myn frou har beppe wenne ek yn 'e Harkema, dat wie de frou fan Tsjerk van der Veen. Doe't Tsjerk krekt stoarn wie hat myn frou dêr in skoft hinne west om 't âld-minske hwat selskip to hâlden. Doe sieten hja togearre op in kear by de fjûrpot. Dêr hong...
nl.verhalenbank.22967
1