Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: zwanger Place of Narration: Harkema
Oardel jier en in wike neidat ús Gees geboaren is, soenen wy nei ús wurk ta. Doe't wy fuort gongen, sei ús mem: "Nou is 't myn tiid ek." Deselde deis stoar se. De nachts fan tofoaren hie se in lyts dea popke krigen. Sy woarde mei 't bern bigroeven, togearre yn ien kiste. Der kom in wite pakdoek oerhoeks oer de kiste to lizzen. Sa stie dy op 'e boerewein....
nl.verhalenbank.27419
Us mem wie yn forwachting, sy moest in lytsen ha. Wy hienen in lyts dykje achter hûs. Dêr kom alle dagen in houn boven op en dy spûkgûlde mar. "O heden," sei mem, "dit komt net goed. Jij dû dy houn dêr us wei", sei se dan tsjin my. Doe't it bern der kom stoar it fuort dêrnei.
nl.verhalenbank.27418
Knjillis Det (= Detsje de Haan, frou fan Knjillis Alma) wie yn har jonge jierren in raren. Yn 't earst fan har trouwen gong 't dêr altyd op in kaertspyljen en in sûpen. Dan die Det dapper mei. Mar doe't se in bern ha moest, krige se in famke, dat hie allegear skoppens en azen en klavers om 't gesicht. It wie wol sa'n raer berntsje; ús mem hat der hinne...
nl.verhalenbank.29379
Der hat hjir in frommes wenne, dy hiet fan Det. Dat frommes kaertspile altyd, as se in bern forwachte. Doe't se bern krige, sieten de ôfbeeldingen fan de kaerten dy bern op 't boarst.
nl.verhalenbank.26360
As froulju safier binne, matte se net mei in kat boartsje. Hwant dan krije de bern in knûstje.
nl.verhalenbank.26361
In frommes dat yn forwachting is, mat net ûnder 'e line trochrinne, hwant dan krijt it bern stringen om 'e hals en kin it smoare.
nl.verhalenbank.26362
Hindrik Schievink wenne hjir yn 'e Harkema. 't Wie al in âld man. Syn dochter wenne yn Brabân. As syn dochter wer in lytsen forwachte, kom der in fûgel by him by de doar. Dan sei Hindrik: "Ik wurd èk wer pake." En it kom altyd nei.
nl.verhalenbank.28593
Ik wie ris mei in man of trije yn Ljouwert by in wiersizter. Dat wie yn 1944. Hja sei tsjin my: "Jou frou is yn forwachting." Dat wie sa. "'t Wurdt in dochter", sei se. Dat is ék útkom. "Der sil jo earstdeis ek hwat ûntstellen wurde", sei se. Dat kom ek út, der woarden my bonkaerten ûntstellen. "De dieder wennet flak by jo", sei se, en dat kloppe ek. Wy...
nl.verhalenbank.26355
Hjir wienen minsken dy kaertspilen altyd in soad. De froulju dienen mei, ek as se yn forwachting wienen. As der bern geboaren woarden hienen dy in kaert op 'e holle of op 'e rêch of op it boarst. Dêroan koe men wite dat it duvelskaerten wienen.
nl.verhalenbank.28805
Op in saterdeijoune kom Douwe by de faem wei. It wie sahwat om ien ûre yn 'e nacht. 't Gebeurde hjir mar in eintsje fan ús ôf, in jier of fiif lyn. Hy moest it hûs fan Anne Hoeksma passeare, dêr't it wiif fan yn forwachting wie. Krekt even fierder by in skerpe bocht woardde er oerside set. Hy tocht: Hwat is dit? Hwant der wie abslút neat to sjen. En syn...
nl.verhalenbank.15883
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk. Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
1